Balkbrug (Nedersaksysk: De Balk) is in doarp yn de Nederlânske gemeente Hardenberg yn de provinsje Oerisel en hie yn 2007 ûngefear 3800 ynwenners. Foar de gemeentlike weryndieling fan 2001 foarme Balkbrug mei Dedemsfeart en Ald Avereest de gemeente Avereest.

Balkbrug
Molen de Star (2011)
Molen de Star (2011)
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Hardenberg
Sifers
Ynwennertal 4.000 (2023) [1]
Oerflak 39,26 km²
dêrfan lân: 39,19 km²
dêrfan wetter: 0,07 km²
Befolkingsticht. 102 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren N48, N377
Postkoade 7707
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 36' NB, 6° 23' EL
Kaart
Balkbrug (Oerisel)
Balkbrug

It doarp ûntstie oan it kanaal de Dedemsfeart. It krige syn namme troch in balke dy’t ûnder in brêge yn dit kanaal lei. Dy balke moast foarkomme dat skippen mei in te grutte djipgong troch de brêge farden. It lei ek op in krusing fan dizze farwei mei de dyk fan Ommen nei Meppel, wêrtroch’t in wat gruttere delsetting ûntstie. Ek waard de groei fan it doarp befoardere trochh it oprjochtsjen fan in bidlerskoloanje fan de “Maatskippij fan Woldiedigens" om 1800 op de Ommerskâns besuden it doarp.

Yn 1886 krige Balkbrug in stoomtramferbining oan de tramwei fan de ‘’Dedemsvaartsche Stoomtramweg-Maatschappij’’ (DSM) fan Dedemsfeart doarp nei Dedemsfeart SS, in stasjon oan de tramwei Swol-Meppel. Yn 1908 groeide Balkbrugge út ta in knooppunt fan stoomtramlinen doe’t de ‘’Spoarweimaatskippij Meppel-Balkbrug’’ har ferbining tusken Meppel en Balkbrug iepene. Yn 1939 waard dy ferbining opheft. Yn 1947 sluet de earstmeamde spoarwei.

Yn de jierren sechtich fan de tweintichste iuw is it kanaal de Dedemsfeart, dat troch Balkbrug rint, dimpt en waard de N377 der oerhinne oanlein.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stap voor stap langs de Dedemsvaart met G.H. Varwijk. Gearstald troch G.H. Varwijk en J.R. Seinen, útjûn troch Boekhannel Rooseboom, Dedemsfeart. 1983
  • De Dedemsvaart in de 20e eeuw, zijn stad, streek en dorpen. Gerard Varwijk e.a. Utjûn troch Barend Rooseboom, Dedemsfeart 1998. ISBN 90-70877-08-2.
  • De Zielen van Midgard, fan Natasha Gerson (Fiksje, 1997, ISBN 90-5515-141-6) yn de twadde roman fan de út Balkbrug ôfkomstige en in yn it Reestdal wenjende skriuwster binne yn it doarp "Hesselterbree" ûnder oare Veldzicht, omjouwing de Haar en de camping en ferskate fersleutele ynwenners te werkennen.
Hardenberg
Stêden:
HardenbergGramsbergen
Doarpen:
BalkbrugBergentheimBruchterveldDe KrimDedemsvaartKloosterhaar (foar in part)LuttenMariënbergOud AvereestRheezeSchuineslootSibculoSlagharen
Buorskippen:
AchterinAneAnerveenAneveldeDe BeltBenedenvaart't BergjeBraamberg (foar in part)BruchtCollendoornCollendoornerveenDiffelenEbbenbroekEngelandGouden PloegGroot-OeverDe Haandrik't HaantjeDe HaarHanekampHardenbergerveldHeemserveenHolthemeHolthoneHoogenwegDen HuizenDen KaatKeiendorpLoozenLutten-OeverLutterhartjeDe MaatDe MeeneDe MulderijNoord-StegerenDen OosterhuisOud-BergentheimOud-LuttenDe PolRadewijkRheezerveenDe SchansSluis 7SponturfwijkStrooiendorpDen VeldeVenebruggeDen WesterhuisWesterhuizingerveld (foar in part)Witman
Eardere doarpen en buorskippen:
Heemse
Wetter:
DedemsfeartHaarplasDe OldemeijerOeriselske FechtOmmerkanaal
wizigje