In barbaar (fan it Aldgrykske βάρβαρος, barbaros) is in minske dy't, alteast yn 'e eagen fan oaren, ûnbeskaafd en/of primityf is. De oantsjutting wurdt ornaris brûkt yn meartalsfoarm, as 'barbaren', en wurdt dan almeast tapast as in generalisearring basearre op in stereotypearring fan in beskate etnyske groep, religieuze streaming of maatskiplike klasse. 'Barbaren' kinne leden wêze fan eltse naasje en elts folk. It kritearium is in ûnderskiedend skaaimerk dat foar oaren oanlieding is om harren as minder oarderlik te sjen (lykas in tribale maatskippij) of as primityf (lykas nomaden) of as ûnwittend fan of neat jaand om dingen as keunst en poëzij (lykas de histoaryske arbeidersklasse).

In 19e-iuwske foarstelling fan 'e Hunnen as barbaren.

Oer it algemien wurdt mei minachting op barbaren delsjoen, mar it komt ek foar dat sokken krekt bewûndering oproppe en romantisearre wurde as nommele wylden. Yn oerdrachtlike sin kin de term 'barbaar' fierders as in omskriuwende skelnamme brûkt wurde foar eltse persoan dy't ûnfatsoenlik, lomp, wreed of oarlochssuchtich is of as sadanich oerkomt. De maatskippij fan barbaren wurdt wol bararisme of barbarij neamd, wat termen mei in tige negative lading binne.

Yn it Alde Grikelân waard it wurd βάρβαρος (barbaros) brûkt as it tsjinstelde fan πολίτης (politēs), dat "boarger" betsjut, d.w.s. in ynwenner fan in πόλις (polis), in stêdsteat. Dêrby gie it yn it foarste plak om net-Helleenske folken, mar ek om banditen, fûgelfaaien, slaven en oaren dy't om 'e iene of oare reden net it boargerskip fan in stêd hiene. It wurd barbaros ûntstie yn it Aldgryksk as in klankneibearing fan 'e foar de Alde Griken ûnfersteanbere talen dy't útlanners sprieken.

De Romeinen namen de term letter oer yn it Latynsk (as barbarus) foar de net-Romeinen, hoewol't se foar de Griken en de Etrusken almeast in útsûndering makken. Yn 'e Romeinske Tiid stiene dêrom folken as de Germanen, Kelten, Traasjers, Illyrjers, Sarmaten, ensfh. as barbaren bekend. Yn it gefal fan 'e Berbers fan Noard-Afrika bleau de term stykjen: "Berber" is in ferbastering fan "barbaar". It lân fan 'e Berbers yn 'e Magreb (no noardlik Marokko en Algerije) stie foarhinne ek bekend as Barbarije.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.