Barbara Doll, echte namme ûnbekend (Rouen, 7 maaie 1972), is in rêstend Frânsk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol wurke ûnder de artystenammen Barbara Dahl, Barbra Doll en koartwei Barbara. Hja sette yn 1993 útein mei in wurkpaad yn 'e pornoyndustry en spile yn frijwat films. Teffens wie se aktyf as pornoregisseur. Yn 1999 beëinige Doll har karriêre as pornoaktrise.

Barbara Doll
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Barbara Dahl, Barbra Doll,
Barbara
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Frânsk
berne 7 maaie 1972
berteplak Rouen (Normanje)
etnisiteit Frânsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
regisseur
jierren aktyf 19931999
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Doll waard yn 1972 berne yn 'e Normandyske haadstêd Rouen. Hja waard yn 1993 ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, wêrnei't hja datselde jiers noch, mei 21 jier, har debút makke yn in pornografyske film. Neitiid wurke se sawol yn 'e Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Doll yn totaal yn 124 pornofilms, hoewol't dêr inkele tsientallen lettere kompilaasjefideo's fan recycle materiaal tusken sitte. Yn Jeropa wurke se mei oan produksjes fan filmstudio's as it Sweedske Private, it Frânske Vidéo Marc Dorcel, it Dútske Videorama en Magmafilm en de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group. Yn 'e Feriene Steaten wie se yn 't spier foar û.o. Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Digital Playground, Sin City, Anabolic Video, VCA Pictures, Legend Video, Metro, Leisure Time Entertainment en Coast to Coast Video.

Yn 1995 wûn Doll in Hot d'Or, de wichtichste doetiidske Jeropeeske pornografypriis, yn 'e kategory bêste Jeropeeske aktrise. Datselde jiers kaam har karriêre hast ta in ein doe't se oant twaris ta HIV-posityf test waard. In trêde, akkurate, test joech lykwols in negative útkomst. Njonken har aktearwurk wie Doll tusken 1995 en 1997 ek aktyf as regisseur, wêrby't se foar de Frânske studio Channel 69 seis pornofilms makke, te begjinnen mei French Roommate (1995) en dêrnei de fiifdielige rige Miss Anal. Yn 1999 loek Doll har út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Barbara Doll is blank, mei blauwe eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte wie se ûnder har karriêre yn 'e pornoyndustry 1.67 m lang, mei in gewicht fan 54 kg, en in natuerlike kupmaat 38D. Behalven troch har earlellen hie se gjin piercings, en tatoeaazjes hie se allikemin.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1995 Hot d'Or wûn bêste Jeropeeske stjer n.f.t.

Literatuer bewurkje seksje

  • Jennings, David, Skinflicks: The Inside Story of the X-Rated Video Industry, 2000 (AuthorHouse), ISBN 1 58 72 11 84X, s. 403-404.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: