Barbara fan Nikomeedje

Barbara fan Nikomeedje wie in kristlike jongfaam dy't oan it begjin fan de 4e iuw de martlersdea ferstoar. Neffens de oerlevering wie hja de dochter fan de rike heiden Dioscurus. Om 't se steech wegere it kristlike leauwe op te jaan waard se nei tamtaasje troch har eigen heit ûnthalze. Se soe yn it Lyts-Asiatsyske Nikomeedje, it tsjintwurdige İzmit, wenne ha. Neffens in oare tradysje libbe hja lykwols yn de Colonia Heliopolis (it tsjintwurdige Baalbek yn Libanon). Yn otterdokske en katolike tsjerken wurdt Barbara as hillige fereare.

Barbara fan Nikomeedje
   hillige
Sint-Barbara.
Sint-Barbara.
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 3e iuw
berteplak Nikomeedje (hjoeddedei İzmit) of Heliopolis (hjoeddedei Baalbek)
stjerdatum 306
stjerplak Nikomeedje of Heliopolis
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
guon protestantske tsjerken
Koptysk-Otterdokse Tsjerke
Eastersk-Otterdokse Tsjerke
Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken
Armeensk-Apostoalyske Tsjerke
hjeldei 4 desimber
attributen Toer, swurd, tsjelk, hosty, martlerskroan, palmtûke
patroan fan Mynwurkers, arsjitekten, brânwar, klokkenlieders en -jitters, finzenen, timmerlju

Hagiografy bewurkje seksje

Sa't troch de Legenda aurea oerlevere waard wie Barbara in tige kreas en tûk frommes. In soad manjlu yn Nikomeedje woene har graach as frou, mar Barbara wiisde alle fersiken ôf. Hja wenne gearkomsten by fan jonge kristenen, dy't nettsjinsteande de kristenferfolgings ûnder de keizer yn 't geheim byinoar kamen. Barbara learde dêr oer it evangeelje en naam it beslút kristen te wurden.

De heit fan Barbara liet in toer bouwe om syn dochter dêr foar de bûtenwrâld ôf te sûnderjen. Guon boarnen skriuwe dat it út oergeunst wie, oaren wolle ha dat Barbara mei in jonge man fan it keizerlike hof trouwe soe.

 
Unthalzing troch har heit (Lucas Cranach de Aldere, New York)

De wichtichste reden wie lykwols dat de heit Barbara har bekearing ta it kristendom tefoarren komme woe. En dêr slagge er net yn want tsjin it sin fan de heit waard Barbara dochs kristen. Troch syn dochter te folterjen tocht er dat er har wer by sinnen krije koe, mar it wurke krekt oarsom by Barbara en hja waard allinne mar fûleindiger yn har leauwe. Doe't har heit ris net thús wie liet Barbara yn de toer dêr't se fêst siet in tredde finster oanbringe as symboal fan de Trijeienheid. Ek liet se har yn in heidensk offerbekken dope. Har heit wie dûm fan lilkens doe't er dat fernaam en naam it beslút om syn dochter te deadzjen. Barbara wist troch in spjalt yn 'e rots út te piken, maar waard ferret troch in hoeder. Neffens in leginde feroare God dy hoeder yn in stien of krobbe, wylst God syn skiep yn sprinkhoannen feroare.

Dioscuros krige syn dochter werom en nei't er har slein hie brocht er har nei de Romeinske steedhâlder Marsianus, dy har ta de dea feroardiele. Yn de stêd waard se sa slim mishannele, dat it fel har by flarden en raffels by it lichem delhongen. Yn de finzenis besocht Kristus Barbara, dy't har wûnen better makke. Dat makke de steedhâlder poermâl en hy joech opdracht om Barbara yn it iepenbier te marteljen. Se waard mei knuppels slein, har boarsten waarden ôfsnien, se waard mei fakkels bewurke en neaken troch de strjitten fan de stêd sleept. Lang om let krige har heit it swurd en makke eigenhannich in ein oan it libben fan syn dochter troch har holle der ôf te slaan.

Flak foar har dea bea Barbara ta God en frege dyjingen dy't Him oanrôp en har betochten te frijwarjen foar de pest en harren sûnden te ferjaan. Dêrom waard Barbara yn de midsiuwen ta de fjirtjin needhelpers rekkene en waard se beskermhillige foar minsken dy't op stjerren leine.

Fuort nei de ûnthalzing fan Barbara waard har heit troch it wjerljocht rekke en kaam sa om it libben.

 
Barbara-alter út de Sint-Barbaratsjerke (1447; tsjintwurdich yn it Nasjonaal Museum fan Warsjau)

Ferearing bewurkje seksje

De feestdei fan de hillige Barbara is sûnt de 12e iuw de fjirde desimber. Yn 'e folksmûle waard dy dei Barbaradei neamd. De datum fjouwer desimber is ek troch guon protestantske denominaasjes yn de protestantske nammekalinder oernommen.

Yn it ramt fan de tsjerklike herfoarmings fan it Twadde Fatikaanske Konsylje waard Barbara fanwegen de legindefoarming om har persoan fan de Romeinske kalinder skrast. Fanwegen de grutte ferearing ûnder it folk bleau har feestdei regionaal lykwols yn eare.

Yn tunnels en ûndergrûnske minen binne fakentiden nissen of skrinen mei bylden fan Sint-Barbara te finen.

Ikonografy bewurkje seksje

 
Sint-Barbara op in raam yn de St. Stanislaus Kostka Church, Pittsburgh

Barbara is ien fan de fjirtjin needhelpers en har hâlden en dragen ûnder har ferfolging stiet symboal foar de ûnfersetlikens en de stânfêstigens yn it leauwe. Dêrnei ferwiist de foarstelling fan har attribút, in toer, dy't meastentiids trije finsters telt. Dêrom wurdt se ek beskôge as patroanhillige fan tuorren en fêstings. Fanwegen har opdracht om in tredde finster yn de toer oan te bringen is se ek beskermhillige fan klokkelieders, arsjitekten en boufakkers.

Fanwegen it feit dat har heit ynienen ferstoar sûnder betsjinning fan it lêste sakramint wurdt Barbara oanroppen tsjin in ûnferwachtse dea. Nei alle gedachten ferwiist yn foarstellings de hosty en tsjelk dêrnei. Boeren dêrfoaroer sochten heil by Barbara tsjin ûnferwachtse rampen lykas de bliksem en fjoer. Ek is Barbara beskermhillige fan de brânwar en oare beroppen dy't te krijen hawwe mei de gefaren fan brân en fjoer, lykas goud- en wapensmeden.

Om't Barbara neffens de leginde yn 'e finzenis op in merakelse wize har troch in spjalt yn de rots ferstopje koe waard se ek troch mynwurkers, stienhouwers en geologen keazen as harren beskermhillige. Sadwaande binne yn foarstellings fan Barbara somtiden ek it ark fan dy beroppen te sjen.

In hiel oar attribút dat somtiden by Barbara ôfbylde wurdt is it kanon. Mooglik hawwe se de toer eartiids mei in kanon betiizge. Mar de tradysje soe ek stamme kinne út in leginde út de tiid dat de Spanjerts tsjin de Moaren fochten. By it belegerjen fan in stêd slagge it de kristlike Spanjerts ynearsten net om in bresse yn de muorren fan de Moarske stêd te slaan. Pas nei't fromme belegerers nei de komst fan fersterkings de hillige Barbara oanrôpen sloegen de kanonskûgels grutte gatten yn de muorren.

Oare attributen fan Barbara binne de fakkel, de martlerspalm, de kroan en it swurd, somtiden draacht hja ek in boek as attribút.

Faak wurdt Barbara tegearre mei Katarina fan Aleksandrje ôfbylde. Oanfolle mei Margareta fan Antiochje foarmje Katarina en Barbara yn it Dútsktalige gebiet de drei heiligen Madl. Mei de hilligen Margareta, Katarina en Dorotéa foarmet Barbara de fjouwer Quattuor Virgines Capitales, de fjouwer wichtichste hillige jongfammen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Barbara von Nikomedien