Bargebur is in doarpke yn de Landkreis Aurich yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. Bestjoerlik is it sûnt 1 july 1972 part fan de stêd Norden.

Bargebur
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Leechsaksen
Landkreis Landkreis Aurich,
Stêd Norden
Sifers
Ynwennertal 501 (2010)
Oerflak km²
Befolkingsticht. 773 / km²
Hichte m

It doarp hat in tsjerke út de 17e iuw. De stichting fan de tsjerke is nau ferbûn mei de wegering fan it doetydske stedbestjoer fan Norden om yn dy stêd, foar it grutste part Luthersk, de bou fan in herfoarme tsjerke ta te stean. Yn East-Fryslân botsten beide haadstreamingen fan de Reformaasje frijwat ferheftich; Norden lei op de grins fan beide streamingen. De greve fan Lütetsburg, Dodo II fan Inn und Kniphausen, ferklearre him ree en lit in herfoarme tsjerke sette. Bargebur wie yn syn territoarium it tichste by Norden.

Ut Norden wei waard alle war dien de bou fan de herfoarme tsjerke te sabotearjen. De stêd moast lykwols belies jaan doe't karfoarst Freark Willem I fan Brandenboarch him as oppenearre as beskermhear fan de bou.

Op âlde kaarten komt Bargebur ek as 'Bergum' of 'Westekelbur' foar.