Bartholomeus Eustachius

Bartholomeus Eustachius (San Severino Marche, 1500 of 1514Umbrje, 27 augustus 1574), eins Bartolomeo Eustachi, wie doedestiids in ferneamd Italjaansk anatoom. Syn bertejier is men net wis fan. Om 1540 hinne waard er dokter. Al gau waard syn talint opmurken troch de greve fan Urbino, dy't him frege om syn liifdokter te wurden.

Bartholomeus Eustachius
Tabulae anatomicae (Rome, 1783) Titelside

Hy waard beneamd oan de medyske fakulteit yn Rome en krige dêr de kâns kadavers út inoar te heljen en te bestudearjen. De Buis fan Eustachius is nei him ferneamd. Hy hat tal fan sekuere beskriuwings jûn fan spieren en organen. Hy brûkte dêrfoar ek fergrutglêzen.

Sun wichtichste wurk, wat er net publisearje koe trochdat de Roomsk-Katolike Tsjerke it net lije woe, wie in anatomyske atlas (Tabulae anatomicae). Dy is foar it earst yn 1714 ferskynd. Der is wol sein dat at syn ûndersyksresultaten earder bekend west hiene, de medyske wittenskip op it mêd fan anatomy doe al op ein 18e iuwsk nivo west kind hie.

Op lettere jierren krige er slim de flearen (jicht) sadat er syn akademyske posysje opjaan moast. Hy bleau wol liifdokter fan de broer fan de greve fan Urbino (Giulio della Rovere), om't him dat opdroegen waard.

Eustachius stoar op 27 augustus 1574.

Keppeling om utens bewurkje seksje