Basilius de Grutte

Basilius fan Caesare, yn syn libben al bekend as Basilius de Grutte, (Gryksk: Άγιος Βασίλειος ο Μέγας) (berne yn Caesarea yn Kappadoasje yn ± 330 - ferstoarn yn Caesarea op 1 jannewaris 379) wurdt yn it kristendom as hillige en tsjerkfaar fereare. As askeet, biskop en tsjerkelearaar wied er ien fan de ynfloedrike persoanen yn it 4e-iuwske kristendom. Tegearre mei syn broer Gregoarius fan Nyssa en syn bêste freon Gregoarius fan Nazianze foarme hy de kearn fan 'e kappadoasyske faars en mei Gregoarius fan Nazianze en Jehannes Krysostomos wurdt er oantsjut as ien fan de trije hillige hiërargen.

Basilius de Grutte
   hillige
'
'
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Basilius
nasjonaliteit Byzantynsk
bertedatum ± 330
berteplak Caesarea (tsjintwurdich Kaiseri, Turkije)
stjerdatum 1 jannewaris 379
stjerplak Caesarea
wurkpaad
berop biskop
hillichferklearring
sillich ferkl. ûnbekend
hillich ferkl. ûnbekend
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
Eastersk-Otterdokse Tsjerke
Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken
hjeldei 1 jannewaris (otterdoksk, koptysk); 2 jannewaris (katolyk, protestantsk)
attributen Biskop mei boek of skriftrol, somtiden in do

Famylje bewurkje seksje

 
Ikoan fan de Trije hillige Hiërargen (Basilius de Grutte, Jehannes Krysostomos, Gregoarius de Teolooch)

Oer it libben fan Basilius is in soad bekend. Boarnen binne brieven en preken, dy't fan him en syn freon Gregoarius en syn broer Gregoarrius bewarre binne. Hy waard as de op ien nei âldste berne yn in hûshâlding fan acht bern. Thús hiene se it goed en de famylje fan Gregoarius wie al sûnt meardere generaasjes kristlik. Syn beppe Makrina de Aldere, syn heit Basilius de Aldere en syn mem Emmelia waarden letter ek hillich ferklearre. Ek fan de bern soene der letter nochris fjouwer hillich ferklearre wurde (Basilius, Gregoarius fan Nyssa, Makrina de Jongere en Petrus fan Sebaste). De hûshâlding levere trije biskoppen: Basilius, Gregarius fan Nyssa en Petrus fan Sebaste.

Jonkheid bewurkje seksje

De acht bern waarden kristlik grutbrocht en krigen fn hûs út in goede foarming mei. Neffens Gregoarius fan Nyssa wie ek harren âldste suster immen dy't goed ûnderwiis hân hie en har likegoed wist te rêden mei Grykske filosofy en de natuerwittenskip as mei de Bibel. Oarspronklik woe Basilius lykas syn heit sprekker en advokaat wurde en dêrfoar studearre er yn Caesarea, Konstantinopel en yn Atene, dêr't er yn de kunde kaam mei Gregoarius fan Nazianze en in libbenlange freonskip mei hie. Basilius lei him ta op retoryk, grammatyk, filosofy, astronomy, geometry en medesinen, fakken dêr't er letter noch goed gebrûk fan meitsje koe.

Muonts bewurkje seksje

Op oantrunen fan syn suster Markina naam Basilius nei de stúdzje it beslút muonts te wurden. Hy learde oer de oarders yn Egypte en Syrje en stifte om 355 hinne in kleaster yn in iensum gebiet fan Kappadoasje. Hy joech in nije ynhâld oan it kleasterlibben troch net allinne de tiid mei gebed, akseze en hurd wurkjen troch te bringen, mar him dêrnjonken ek oan in yntinsive bibelstúdzje te wijen.

Basilius libben mar fiif jier yn it kleaster, mar dy tiid hie gefolgen foar it kleasterlibben dy't ek hjoed-de-dei noch trochwurkje. De detailearre kleasterregels dy't er doe opskreau, binne hjoed-de-dei de noch jimmeroan jildende regels yn de otterdokske kleasters en hawwe ek op Benediktus fan Nursia en syn benediktynske regels grutte ynfloed hân.

Basilius liet him yn 356 yn Caesarea troch de doedestiidske aartsbiskop Dianius dope en waard letter troch him ta lektor en yn 364 ta preester wijd. Yn syn brief skreau Basilius oer Dianius mei waarmte en hy hie in fertrouwensbân mei de aartsbiskop. It foel him lykwols bot ôf doe't Dianius de arianyske belidenis ûndertekene en Basilius wie sa bot yn him teloarsteld, dat er him pas oan syn stjerbêd weromseach dêr't Dianus him wer bekearde ta it trinitaryske leauwen. De opfolger fan Dianius, Eusebius, wie wol in oanhinger fan it dogma fan de Trije-ienheid, mar miste de enerzjy en teologyske ûnderbouwing. Basilius koe it net goed mei Eusebius fine en loek him werom yn de omkriten fan Pontus, dêr't er mear kleasters stifte.

Doe't in hongersneed útbriek ferkocht Basilius al syn besit dat him neilitten wie en wurke er yn in keuken dêr't er joaden en kristenen allyk behannele. En mei passy preke er dat riken diele moasten mei minder goedbedielden.

Biskop bewurkje seksje

 
Basilius de Grutte as biskop (El Greco (1541–1614)

Yn 370 waard Basilius yn 'e âldens fan fjirtich jier ta nije aartsbiskop fan Caesarea beneamd. Dat wie in ynfloedrike posysje, net allinne yn Kappadoasje, mar yn de hiele provinsje Pontus. Caesarea wie yn dy tiid in stêd mei 400.000 ynwenners en de metropolyt fan Caesarea hie 50 biskoppen ûnder him. Dy beneaming gyng net samar om't de arianysk ynstelde oerheid gjin ferlet hie fan in sterke trinitaryske biskop en it wie de fraach oft de beneaming sûnder stipe fan de âlde biskop Gregoarius fan Nazianze, dy't him yn in draachstoel nei Caesarea bringe liet, wol troch gien wie.

Yn 371 naam keizer Falins fan Konstantinopel it beslút alle trinitaryske biskoppen ôf te setten. Modestus, de prefekt fan de keizer, joech de biskoppen de kar te kiezen tusken it arianisme of ôfsetting en liet Basilius by him komme. Basilius liet him, sa't Gregoarius fan Nazianze skreau, lykwols net fan de wiis bringe en doe't de keizerlike prefekt him dêrnei drige mei ûnteigening, ferballing, marteling en de dea andere de biskop: "Oars neat? It sil my fierder allegear net reitsje. Wa't neat besit, kin net ûnteigene wurde of it moatte al dy âlde klean wêze en dy pear boeken dy't ik besit. Ferballing docht my ek neat want ik bin oeral op God's wrâld thús. Foar it marteljen bin ik ek net benaud, want ik bin al sa siik dat ik dan gau stjerre sil. De dea lykwols is my wolkom, sa sil ik earder by God komme". De prefekt wie ûnder de yndruk en sei: "Noch nea hat immen it weage om my sa frijmoedich ta te sprekken". Basilius andere dêrop: "Dan ha jo noch nea in echte biskop sjoen!".

In jier letter, yn 372, kaam Falins sels nei Caesarea om't biskop Basilius him fersetten bleau tsjin syn pro-arianyske polityk. Basilius liet him lykwols op 'e nij net oertsjûgje. Syn ynfloed wie doe al sa grut, dat se min om him hinne koene. De keizer woe him eins wol ferbalje, mar liet it gewurde. Neffens Gregoarius fan Nazianze om't Basilius foar Falin's deasike soan Galates bidden hie, mar faaks ek om't Basilius sa heech oanskreaun stie, dat er it net mear oandoarste om him hurd oan te pakken. De keizer besocht wol hieltiten oan de poaten fan de stoel ûnder Basilius te seagjen. Hy liet bygelyks de provinsje Kappadoasje opdiele om it biskoplike ynfloedgebiet fan Basilius te ferlytsen, mar dêrop spile Basilius dan wer yn troch syn freon of syn broer as biskop fan it oare diel te beneamen, sadat der winliken neat feroare.

Yn 'e striid tsjin it arianisme besocht Basilius de biskoppen fan it Westen, en dan benammen paus Damasus I, foar syn saak te winnen, mar hy krige net in soad wjerklank. Rome wie fier fuort en yn in pear brieven joech er yn skerpe wurden krityk op it ûnbegryp of de ûnferskilligens fan it Westen. Syn brieven út dy tiid ferhelje oer de striid om de ienheid fan de Tsjerke, oer de oanfallen en yntriges tsjin syn eigen persoan, dêr't er faak mei irony oer skreau, mar ek faak oer syn minne sûnens. Basilius makke him boppedat drok om praktyske rjochtfeardigens, hy ekskommunisearre bordeelhâlders en stifte yn Ceasarea in stedsdiel mei sike- en fersoargingshûzen en hûzen foar wezen, dat bekend stie as in wrâldwûnder. Mei't yn 373 Athanasius ferstoar, de biskop fan Alexandrje en in meistanner yn de striid tsjin it arianisme, waarden de oanfallen tsjin Basilius fûleindiger. De keizer doarde it noch jimmeroan net om Basilius oan te pakken, mar yn 375 liet er syn broer Gregoarius fan Nyssa ferbalje. Yn dy tiid skreau Basilius syn Asketikon mei detaillearre regels foar muontsen, dy't no noch yn it otterdokske kleasterlibben tapast wurde, en in ferhanneling oer de Hillige Geast. Yn de fêsteltiid fan 378 preke er it Hexaemeron, in syklus fan preken oer it Skeppingsferhaal. Yn de preken liet er fernimme dat er goed thús wie yn de natuerwittenskippen. De liturgy fan Basilius is hjoed-de-dei noch altiten yn de Koptyske Tsjerke en op feestdagen yn de Otterdokske Tsjerken yn gebrûk.

Mei de dea fan Falins yn 378 waard Gratianus opfolger, de trinitaryske keizer fan it Westlike Ryk. De ferballe biskoppen mochten no werom komme en de rêst koe yn de Tsjerke werom keare. Basilius, dy't al jierren min by't spul wie en altiten rekken hold mei in gaueftich ein, ferstoar op 1 jannewaris 379. Syn dea waard algemien betreurd, net allinne kristenen mar ek joaden en heidenen rouden om it ferlies fan de biskop.

 
Basilius ûnderwiist syn lear (Francisco Herrera de Aldere)

Karakter bewurkje seksje

Troch de eigen brieven en beskriuwings fan syn freon en broer is der in soad bekend oer it karakter fan Basilius.

It wie in lang persoan, hy wie meager en hie donker hier, in smel gesicht mei in lange noas en djippe rimpels op de foarholle. Syn hiele libben hied er swierrichheden mei de sûnens. In anekdoate fan Gregoarius fan Nazianze ferwiist nei in leversykte: doe't er it oan de stok krige mei in romeinske prefekt soe dy drige ha him de lever út it liif te snijen. Op dat drigemint soe Basil optein roppen ha: "Dat soe'k moai fine fan jo! As dat ding him oppenearret jout er my allinne mar argewaasje."

Neffens eigen beskriuwings hat er in libben lang mei syn grutskens en syn timperamint wraksele. Ek ûnder freonen stied er bekend as opljeppend. Sa skriuwt Gregoarius fan Nazianze oan in bekende: "Ik freegje jo, stjoer my ryklik de bêste griente dystû haste; want de grutte Basilius sil by my komme en dû, dy't him mei it liif fol en filosofysk kennen leard hat, soest him wis en warachjes net roppich en oerémus meimeitsje wolle.

As biskop libbe Basilius opfallend op himsels, itjinge foar in part grif mei syn minne sûnens te krijen hie. Dêrnjonken hied er bytiden minne ferhâldings mei in soad fan de minsken om him hinne, dy't net allinnich op teologyske ferskillen werom te fieren binne. Dêrûnder foelen foargongers yn it amt, Dianus en Eusebius, ferskate oare biskoppen, syn omke en syn freon Gregoarius.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Basilius der Große