De bast of beambast is de bûtenste laach fan 'e stâlen en stammen fan houtplanten. Meastal wurdt der it gehiel fan skors en oangroeilaach mei bedoeld, mar it komt ek foar (fral yn wittenskiplike teksten) dat der ûnderskie makke wurdt tusken de skors, it ôfstoarne, bûtenste part, en de echte bast of it floëem, dat oan 'e binnenkant dêrfan leit. Troch de bast rint it fettestelsel dat it transport fan wetter en fiedingsstoffen fan en nei de woartels en blêden fersoarget.

In skematyske werjefte fan it binnenste fan in beam; nû. 8 is de bast en nû. 9 de skors.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.