Bearn Bilker (Marrum, 12 desimber 1952) is in Nederlânsk politikus en earder boargemaster foar it CDA.

Bilker mei de fersiersels fan Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau

Wurkpaad bewurkje seksje

Hy begûn syn politike karriêre as gemeenteriedslid en wethâlder yn Ljouwert. Yn 2001 waard er beneamd ta boargemaster fan de gemeente Kollumerlân en Nijkrúslân dy't op 1 jannewaris 2019 opgie yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Bilker jildt as in saakkundige fan de adelstân, benammen fan de Oranjes en Dútske foarstenhuzen. Hy wurdt dêrom geregeldwei om help frege, b.g. foar telefyzjeprogramma's. Ut reden fan syn krewearjen op dit mêd is er foarsitter fan de stichting Nassau en Fryslân en fan de stichting Staten en Stinzen. Hy skriuwt dêroer yn it Frysk Deiblêd en is meiwurker oan Royalty Digest Quarterly en it telefyzjeprogramma Blauw Bloed.

Bilker is teffens fan de stichting Organum Frisicum. Bilker hat ek foarsitter west fan it bestjoer fan de teätergroep Tryater (1996-2002, fan 2002 oant 2012 foarsitter).

Ek waard er bekend omdat er de sloop fan de Ljouwerter Vegelinbuert trochset hat.

Priveelibben bewurkje seksje

Hy wie troud mei Magda Jellema-Bilker, dy't op 28 july 2010 mei 64 jier kaam te ferstjerren.[1] Yn oktober 2012 troude Bilker op 'e nij mei de Dútske Angelika Steiner yn Schloss Schwarzburg. It houlik helle de Dútske kranten.[2]

Underskieding bewurkje seksje

Yn april 2021 waard Bilker beneamd ta Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau foar syn jierrenlange ynset foar it iepenbier bestjoer yn Fryslân en syn frijwilligerswurk foar tal fan maatskiplike organisaasjes.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vrouw burgemeester Bilker overleden, Ljouwerter Krante, 30 july 2010, s. 12.
  2. Burgemeester Bearn Bilker in Duits kasteel getrouwd, Nieuwsuitkollum.nl, 13 oktober 2012.
  3. Bearn Bilker benoemd tot Officier in de Orde van Oranje-Nassau. Ljouwerter Krante, 26 april 2022.