Beatrice de Graaf

Beatrice A. de Graaf (Putten, 19 april 1976) is in Nederlânsk histoarikus en heechlearaar oan de Universiteit Utert. Sy is geregeld oan 't wurd yn de media as terrorismedeskundige.

Beatrice de Graaf
Beatrice de Graaf (2018)
Beatrice de Graaf (2018)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 19 april 1976
berteplak Putten
wurkpaad
berop/amt Heechlearaar skiednis
reden
  bekendheid
Optreden yn de media as terrorismesaakkundige
prizen Stevinpreemje 2018
Comeniuspriis 2022 [1]
offisjele webside
http://www.uu.nl/gw/medewerkers/BAdeGraaf/1

Stúdzje en wurk bewurkje seksje

 
De Graaf by de rûnetafelgearkomst oer drones, 2014

De Graaf studearre Skiednis en Dútsk oan de Universiteit Utert en de Universiteit fan Bonn. Desimber 2004 promovearre se op in proefskrift oer de relaasje tusken de DDR, de fredesbeweging en de Nederlânske tsjerken. Foar dit proefskrift ûntfong se yn 2005 de Max van der Stoel-Minskerjochtepriis.[2] Nei har promoasje wurke De Graaf yn Utert as universitêr dosint. Yn 2007 stapte se oer nei de Universiteit Leien, dêr't se meioprjochter wie fan it Centre for Terrorism and Counterterrorism (CTC), ferbûn oan de Kampus De Haach. Yn 2012 waard se beneamd ta heechlearaar 'Konflikt en feilichheid yn histoarysk perspektyf' oan it CTC. Yn febrewaris 2014 giie se werom nei de Utertske universiteit. Dêr beklaait se de learstoel "History of International Relations & Global Governance" binnen it strategysk tema "Instituties".[3]

De Graafs oerkoepeljend ûndersykstema is de skiednis fan feiligheid en (kontra)terrorisme fan de 19e iuw ôf oan. Tusken 2009 en 2013 die hja ûndersyk op dat mêd mei in NWO VIDI & ASPASIA-beurs foar it projekt Enemies of the State,[4] en as Fellow oan it Netherlands Institute for Advanced Study (NIAS). Yn 2014 krige se in ERC Consolidator Grant foar it projekt Securing Europe, Fighting its enemies, wêrfoar't hja mei in tiim fan histoarisy de ûntjouwing fan Jeropeeske feilichheidsrezjymes tusken 1815 en 1914 ûndersiket.[5] Njonken dat docht se ferskaat oan ûndersyk nei terrorisme en feiligens yn de ienentweintigste iuw, bygelyks nei de effekten op de mienskip fan rjochtssaken tsjin terroristen.[6]

Yn 2021 en 2022 hat it VPRO-radioprogramma Argos omtinken jûn oan in beskuldiging fan in âld-learling fan De Graaf dy't leaude dat passaazjes út syn proefskrift en papier werom te lêzen binne yn har boek Tegen de terreur (2018). Nei in ûndersyk stelde de Universiteit Utrecht dat der gjin ynbreuk wie op de wittenskiplike yntegriteit.[7]

Njonkenaktiviteiten bewurkje seksje

Beatrice de Graaf is lid fan De Jonge Akademy fan de KNAW,[8] de European Council on Foreign Relations en ferskate advyskommissys op it mêd fan nasjonale en ynternasjonale feiligens. Yn de media jout se as terrorisme-ekspert geregeldwei kommentaar op de aktualiteit.

Fan novimber 2004 oant juny 2013 wie De Graaf foarsitter fan de Vereniging van Christen-Historici (VCH). Yn 1998 wie se al redakteur wurden fan Transparant, it kwartaaltydskrift fan de VCH.[9] Beatrice de Graaf is lid van de KristenUny en stie foar dy partij as fyfde op de list foar de ferkiezing fan de Earste Keamer yn 2015 (de KristenUny helle trije sitten).[10]

Sûnt juny 2014 is se lid fan de European Council on Foreign Relations.

Op 23 jannewaris 2015 waard Beatrice de Graaf tegearre mei Alexander Rinnooy Kan beneamd ta foarsitter fan de Nasjonale Wittenskipsagenda.[11] Yn 2017 waard De Graaf beneamd ta lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen en yn 2018 waard har de Stevinpreemje (2,5 miljoen euro) takend troch de NWO. Yn 2022 publisearre se mei KNAW-kollega's de hânrikking Wetenschap met de ramen open. [ 18 ]

Bibliografy (in kar) bewurkje seksje

Boeken

  • Duitsland en Europa 1945-2000. De Nieuwe Studiegids havo/vwo 2000-2001 voor het CSE geschiedenis en staatsinrichting, Amsterdam: Meulenhoff Edukatyf 1999
  • Over de muur: de DDR, de Nederlandse kerken en de vredesbeweging, Amsterdam: Boom 2004, (proefskrift Universiteit Utert)
  • (mei Isabelle Duyvesteyn) Terroristen en hun bestrijders: vroeger en nu, Amsterdam: Boom 2007
  • Theater van de angst: de strijd tegen terrorisme in Nederland, Duitsland, Italië en Amerika, Amsterdam: Boom 2010
  • Gevaarlijke vrouwen: tien militante vrouwen in het vizier, Amsterdam: Boom 2012[12]
  • Evaluating Counterterrorism Performance. A Comparative Approach, Oxford/New York: Routledge 2011, 2014
  • Heilige Strijd, het verlangen naar veiligheid en het eind van het kwaad, 2017. In persoanlik essay oer it kwea.
  • Tegen de terreur. Hoe Europa veilig werd na Napoleon, Amsterdam: Prometheus 2018
  • Radicale verlossing. Wat terroristen geloven. Prometheus, 2021
Bondels
  • Beatrice de Graaf, Erwin Muller en J.A. van Reijn (red.), Inlichtingen- en veiligheidsdiensten. Alfen oan de Ryn: Kluwer 2010.
  • Beatrice de Graaf, George Dimitriu en Jens Ringsmose (red.), Strategic Narratives, Public Opinion and War : Winning domestic support for the Afghan War, Londen: Routledge 2015
Essay

Yn 2022 publisearre se it essay Crisis! by gelegenheid fan de lanlike Moanne fan de Skiednis.

Artikelen
  • F. Demant en Beatrice de Graaf, 'How to Counter Radical Narratives: Dutch Deradicalization Policy in the Case of Moluccan and Islamic Radicals', Studies in conflict and terrorism, vol.33 iss.5 (2010) s. 408-428
  • Beatrice de Graaf en Cornel Zwierlein, 'Historicizing Security. Entering the Conspiracy Dispositive', Historical Social Research, vol.38 iss.1 (2013) s. 46-64
  • Beatrice de Graaf en Marieke de Goede, 'Sentencing Risk. Temporality and Precaution in Terrorism Trials', International Political Sociology, vol.7 iss.3 (2013) s. 313-331
  • Beatrice de Graaf, 'The Van Gogh Murder and Beyond', In: Bruce Hoffman & Fernando Reinares (red.), The evolution of the global terrorist threat : from 9/11 to Osama bin Laden's death (pp. 144-187), New York: Columbia University Press 2014
  • Beatrice de Graaf, 'Second-tier Diplomacy. Hans von Gagern and William I in their Quest for an Alternative European Order, 1813-1818', Journal for Modern European History, vol.12 iss.4 (2014) s.546-566
  • George Dimitriu en Beatrice de Graaf, 'Fighting the War at Home: Strategic Narratives, Elite Responsiveness, and the Dutch Mission in Afghanistan, 2006–2010', Foreign Policy Analysis (forthcoming 2015, earst online 18 juny 2014)
  • de Graaf, B. A. (2018). Vorstin op vredespad: Wilhelm II en Wilhelmina en het einde van de Eerste Wereldoorlog. Tijdschrift Voor Geschiedenis, 131(4), 577-604 (Digitale ferzje TvG)

Lêzingen en publike optredens (karút) bewurkje seksje

  • Het Nationaal Archief als tijdbom (Ketelaarlêzing), 19 novimber 2012
  • Ecce homo. Herkenning en registratie in geschiedenis en veiligheidsbeleid. De historicus als veiligheidsonderzoeker Oraasje Universiteit Leien, 22 maart 2013
  • Zomergasten, 11 augustus 2013
  • DWDD University, 12 maart 2016 (oer terrorisme) en 25 maaie 2017 (oer spionaazje)

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. comeniusmuseum.nl
  2. Award winners Max van der Stoel Human Rights Award, Tilburg University. Sjoen 28 maart 2015
  3. Beatrice de Graaf wordt hoogleraar bij de Universiteit Utrecht, parsebericht Universiteit Utert, 5 desimber 2013
  4. Enemies of the State. The making of the National Security State in the Western world, 1945-2001, websteee NWO. Sjoen op 28 maart 2015
  5. Prestigious European grant for Beatrice de Graaf, parseberjocht Universiteit Utert, 9 desimber 2013
  6. Terrorists on Trial. The Court Room as a Stage in the Struggle for Publicity, Public Support and Legitimacy, website NIAS-KNAW. Sjoen op 28 maart 2015
  7. Wetenschappers: Kwestie-de Graaf voer voor integriteitscommissie Argos Ellen van den Berg 19 maart 2022
  8. Leden van De Jonge Akademie
  9. Historicus met christelijke scoop, Reformatorisch Dagblad, 15 novimber 2004
  10. Kandidatenlijst ChristenUnie Eerste Kamer 2015. Sjoen op 28 maart 2015
  11. Beatrice de Graaf en Alexander Rinnooy Kan voorzitters Nationale Wetenschapsagenda, Rijksoverheid.nl, 23 jan. 2015
  12. Het glazen plafond van Tanja Nijmeijer, Trouw, 25 novimber 2012