Bellingwolde (Grinslânsk: Ben(ne)wolle of Bennewold) is in doarp yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. It doarpsgebiet omfiemet ek de útbuorrens Den Ham, Rhederbrug en Rhederveld en hie yn 2019 3265 ynwenners. It doarp hat it karakter fan in streekdoarp en hat in lingte fan wol 4 kilometer. It is in beskerme doarpsgesicht. Fan 1811 oant 1968 wie Bellingwolde in selsstannige gemeente, doe't it opgie yn de gemeente Bellingwedde. Dy gemeente gie op 1 jannewaris 2018 op yn de nije gemeente Westerwâlde.

Bellingwolde
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
Sifers
Ynwennertal 3.265 (1 jannewaris 2019)
Oar
Stifting 1628
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53°7′ NB 7°10′ EL
Topografyske kaart fan Bellingwolde út 1933
Magnustsjerke fan Bellingwolde
It âlde rjochthûs
Ien fan de kapitale pleatsen oan de Hoofdweg
De remise fan de O.G. oan de Oudeschanskerweg

Yndieling bewurkje seksje

Bellingwolde hie om 1800 hinne tsien buorskippen, dy't elts haren eigen buertgilde hiene. Fan noard nei súd: Koudehoek, Hamdijk, Den Ham, De Lethe, Hof, Kerk, Middel, Loug, Overeind en Bovenstreek. Loug, dat Grinslânsk foar "doarp" betsjut, is it sintrum fan it doarp.

Namme bewurkje seksje

De namme komt fan wold (sompich bosk) fan it laach Billinga, in ôflieding mei it taheaksel -ing fan de persoansnamme Bille.

De namme kaam foar as Hues to Billinge (1482), Billinghewolde (1498), Byllynckwolt (1517), Bellinckwolt (1536) en Bellingewolde (1840).

Skiednis bewurkje seksje

Bellingwolde ûntstie yn de Midsiuwen as in feanterijdoarp fan de rivier de Westerwâldske Aa ôf. It hearde ynearsten by de âlde Fryske goa it Reiderlân, mar troch de oerstreamings fan de Doalert bedarre in grut part fan dy goa yn de see. Bellingwolde en Blijham waarden by Westerwâlde foege, wylst Wynskoat, Hilligerlee, Westerlee en Beerta by it Aldamt kamen. Ek it ferdronken Doalertdoarp Houwingaham mei de delsettings Hamdijk en Den Ham of Nye Ham kamen by it karspel Bellingwolde. De kearn fan it doarp ferhuze nei in hegere sânrêch oan 'e râne fan it heechfean dat part fan it Boertanger Fean wie.

It doarpslint skate dêrnei suver de klaaigrûn fan de Doalert fan de efterlizzende feangrûn, dat fanút Bellingwolde oanmakke waard. Dêr ûntstiene dochterdelsettings lykas De Lethe, Veendijk en Rhederbrug. It langhalige ferkavelingspatroan om it doarp hinne is tsjûge dêrfan. Ek waard fanút Bellingwolde lân fan de Doalert werom wûn.

De hearlikheid Bellingwolde en Blijham cum annexis kaam yn 1530 tegearre mei Westerwâlde yn hannen fan hege amtners en harren neisiet. De neisiet fan steedhâlder Jan fan Arenberch ferkochten it gânse gebiet yn 1617 oan de menniste keapman Willem van Hove, dy't fan doel wie en bedykje de grutte kwelders. Om't Van Hove oan deselde kant as Johan van Oldenbarnevelt wie, moast er nei it bûtenlân flechtsje, want de ynwenners wegeren him as lânshear te erkennen. De stêd Grins kocht Westerwâlde en Bellingwolde yn 1619, ek om nije polders te bedijen. Yn de nije polders kamen de fêstings Boneskâns (1589), Aldeskâns (1593) en Lange-ikkerskâns (1628), dat wynliken op Eastfrysk grûngebiet lei.

Tsjerklik foelen Bellingwolde en Blijham ûnder it Bisdom Osnabrück, mar de befolking waard yn de sechtjinde iuw foar it grutste part protestantsk. Nei de Reduksje fan Grins yn 1594, waarden de twa doarpen oan de klassis Aldamt taheake. De hearlikheid hie hast gjin religieuze minderheden, mar der kamen nettsjinsteande yn de achttjinde iuw in katolike en in luterske tsjerke yn Wynskoatersyl, dy't benammen troch leauwigen út Wynskoat besocht waarden.

De hearlikheid Bellingwolde en Blijham wie tegearre mei Westerwâlde in Generaliteitslân. It gebiet waard út namme fan Grins bestjoerd troch de drost fan Wedde. Yn Bellingwolde en Blijham bleau it âlde Fryske lânrjocht fan it Reiderlân út 1471 jilden. De hearlikheid hie in eigen lânrjochter en rjochtshûs yn Bellingwolde. De fêstings Aldeskâns en Nijeskâns foelen dêrfoaroer ûnder it gesach fan de Steaten fan Fryslân, dy't tegearre mei Grins de fêstings en it garnisoen finansieren.

Sûnt de njoggentjinde iuw wurdt Bellingwolde ek wol ta it Aldamt rekkene, om't de grutte klaaipleatsen en de tsjinstellings tusken de grutboeren en de lânwurklju. De goede klaaigrûn soarge foar goede opbringsten en dus in woltierige boerestân. De grutte ikkerboubedriuwen diene it tige goed troch de hege nôtprizen tusken 1850 en 1875. Grutte en moaie pleatsen komme ek fan dy tiid. Yn dyselde tiid woeks it doarp nei it suden. Foar de woltierige boerestân (foar in part) oer stiene de ferearme lânwurklju en lytse boeren. Dy spannings tusken de beide groepen laten ta rebûlje yn 1892 dy't mei help fan plysjetroepen delslein waard. Yn de tiid tusken de beide wrâldkrigen kaam it twaris ta lange stakings.

Nei de Twadde Wrâldkriich naam it belang fan de lânbou ôf. Troch meganisaasje yn de lânbou ferfearen der in soad lânwurklju. Troch de ruilferkavelings yn de sechtiger en de santiger jieren fan de tweintichste iuw ferdwûn de langhalige feankavels foar it grutste part. It doarp ûntjoech him mear as in forinzedoarp en ek it toerisme waard fan grutter belang.

It besjen wurdich bewurkje seksje

  • It beskerme doarpsgesicht
  • De Protestantske (earder Nederlânsk-Herfoarme) Magnustsjerke is in goatyske tsjerke, dy't oarspronklik wijd waard oan Sint-Jakobus, út 1527 mei in frijsteande toer út 1720, dêr't twa âlde klokken, dy't yn 1697 getten waarden, yn binne.
  • It rjochtshûs dat fan de santjinde iuw is en dêr oant 1811 rjocht sprutsen waarden.
  • Museum De Oude Wolden is in keunstmuseum mei wikseljende útstallings en it wurk fan magyske realist Lodewijk Bruckman
  • Nôtmûne Veldkamp's Meuln fan 1855
  • Ferskate monumintale pleatsen en hearehuzen

Ferfier bewurkje seksje

Yn 1900 iepene trammaatskippij Wynskoat-Bellingwolde syn hynstetramline tusken de twa plakken. Yn 1912 waard dy maatskippij oernaam troch de nij oprjochte Stoomtramweg-Maatschappij Oost-Groningen, dy't de line omboude ta in stoomtramline en yn 1917 ried de earste stoomtram. Yn 1948 waard it tramferfier opheft. De remise dêrfan stiet noch hieltyd oan de dyk nei Aldeskâns.

Bellingwolde leit oan de N369 dy't yn Blijham oansluting jout op de N368 en yn Dútslân op de A31.

It Veendiep ferbynt Súd-Bellinwolde mei de Westerwâldske Aa. Yn 1911 waard it B.L. Tijdenskanaal groeven dêr't by Rhederbrug yn it uterste noarden fan it doarp plakken om te lossen kamen. Beide kanalen wurde hjoed-de-dei brûkt foar de plezierfeart.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Gemeente Westerwâlde
 
Haadplak: SellingenWedde
Doarpen: AgodorpBarnflairBellingwoldeBlijhamBourtangeJipsingboertangeLyts-UlsdaMorigeAldeskânsOver de DijkRhederbrugTer ApelTer ApelkanaalVeelerveenVlagtweddeVrieschelooWedderheideWedderveerZandberg
Buorskippen: AbeltjeshuisBakovensmeeBorgertangeBorgerveldBurgemeester BeinsdorpDe BruilDe BultDen HamEllersinghuizenHanetangeHarpelHasseberchHebrecht't HeemHoornHoornderveenJipsingboermusselJipsinghuizenKoudehoekLammerwegLaudeLauderbeetseLaudermarkeLauderzwarteveenLeemdobbenDe LetheLutjelooDe MatenMunnekemoerOverdiepPallertPlaggenborgPoldertRenneborgRhederveldRijsdamRoelage't SchotSellingerbeetseSellingerzwarteveenSleggeStakenborgStobbenTer BorgTer HaarTer WalslageTer Wisch • Tjabbestreek • VeeleVeerste VeldhuisVlagtwedder-BarlageVlagtwedder-VeldhuisWeendeWeenderveldWeiteWessingtange • Westeind • WollingboermarkeWollinghuizenWynskoaterhegebrêge • Zuidveld
Wetter: B.L. TijdenskanaalMussel-AaMussel-Aa-kanaalRuiten AaRuiten-Aa-kanaalTer ApelkanaalWesterwâldske Aa