Benjamin Jowett (útspr.: ['bɛnʤəmɪn 'ʤoʊɪt], likernôch: "bendzjemin dzjoo-it"; Londen, 15 april 1817Oxford, 1 oktober 1893) wie in foaroansteand Britsk klassikus, teolooch en heechlearaar, dy't teffens rektor fan it Balliol Kolleezje te Oxford wie, en letter fise-kânselier fan 'e hiele Universiteit fan Oxford. Hy waard ferneamd as bestjoersherfoarmer en as oersetter fan it wurk fan Plato en Tûsydides fan it Aldgryksk nei it Ingelsk.

Benjamin Jowett
persoanlike bysûnderheden
echte namme Benjamin Jowett
nasjonaliteit Britsk
berne 15 april 1817
berteplak Londen (Ingelân)
stoarn 1 oktober 1893
stjerplak Oxford (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
berop/amt klassikus, teolooch,
heechlearaar, predikant
aktyf as oersetter, essayist, bestjoerder
jierren aktyf 18381893

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Jowett waard yn 1817 berne yn 'e Londenske wyk Camberwell, yn in ridlik begoedige fermidden. Syn heit kaam oarspronklik út Yorkshire, yn noardlik Ingelân, en de famylje Jowett hearde al trije generaasjes lang ta it 'fine' diel fan 'e Tsjerke fan Ingelân. Jowett syn mem wie in Langhorne, besibbe oan 'e dichter John Langhorne, dy't in oersetter fan it wurk fan 'e Aldgrykske skriuwer Plutarchus wie. Jowett trochrûn de middelbere skoalle oan 'e St. Paul's School te Londen, en mei achttjin jier wûn er in stúdzjebeurs om fierder te learen oan it Balliol Kolleezje fan 'e prestizjeuze Universiteit fan Oxford, dêr't er syn hiele fierdere libben bliuwe soe. Yn 1839 studearre er dêr cum laude ôf yn 'e klassike talen. Neitiid lei er him ta op teology, en yn 1842 waard er predikant. Yn 1845 en 1846 brocht er it simmerskoft yn Dútslân troch mei syn freon Arthur Penrhyn Stanley, dêr't hja de Dútske krityske en spekulative teologyske metoade bestudearren.

 
Benjamin Jowett, tekene troch George Richmond (1854).

Karriêre bewurkje seksje

Oan it Balliol Kolleezje konsintrearre Jowett him op it amt fan learaar, en hy skonk in protte oandacht oan syn studinten, dy't faak syn hiele fierdere libben mei him befreone bleaune. Hy ûnderskate yn harren kwaliteiten en feardichheden dy't se sels net opmurken hiene, en learde harren sa ek harsels te kennen. Meitiid kaam er dêrom bekend te stean as "de Grutte Learaar". Al yn 1839 wie Jowett syn freon Stanley mei Archibald Campbell Tait, de lettere aartsbiskop fan Canterbury, in beweging begûn dy't oankrong op 'e herfoarming fan it bestjoer fan 'e universiteit. Fanôf 1846 smiet Jowett syn gewicht efter dat stribjen, wêrby't er him al rillegau ta lieder ûntjoech. Uteinlik late syn krewearjen op dit mêd yn 1850 ta de ynstelling fan in kommisje en yn 1854 ta de trochfiering fan in herfoarming.

As lid fan 'e kommisje fan advys wie Jowett ek behelle yn 'e herfoarming fan 'e talittingsproseduere ta de amtnerij yn Britsk-Ynje, dy't yn deselde perioade plakfûn. Hy hie twa bruorren dy't yn Britsk-Ynje tsjinnen en stoaren, en sadwaande fielde er him persoanlik by dy kwestje belutsen. In grutte teloarstelling wie foar him lykwols dat er yn 1854 ôfwiisd waard foar it rektorskip fan it Balliol Kolleezje. Ynstee lei Jowett him doe ta op it foltôgjen fan syn boek oer de Brieven fan Paulus, dat bol stie fan 'e orizjinaliteit en suggestiviteit, mar dat in stoarm fan teologyske wjerstân tsjin him oprôp út 'e 'fine' hoeke fan 'e Anglikaanske Tsjerke, dy't him omtrint syn hiele fierdere libben folgje soe.

 
Benjamin Jowett, tekene troch Leslie Ward, yn 1876.

Jowett joech him dêr lykwols net ûnder del, mar socht kontakt mei Henry Bristow Wilson en Rowland Williams, teologen dy't op deselde wize en fanút deselde rjochting oanfallen wiene. Jowett syn loyaliteit oan dejingen dy't deselde krityk te ferduorjen krigen as hysels wie like karakteristyk foar him as syn stilswijen oer it feit dat syn salaris nea ferhege wie nei't er yn 'e hjerst fan 1855 oan it Balliol Kolleezje oansteld wie ta heechlearaar Grykske taal- en letterkunde. Uteinlik duorre it oant 1865 ear't dy saak by histoarysk ûndersyk troch E.A. Freeman en Charles Elton oan it ljocht kaam en ûnder druk fan 'e publike opiny oan 'e universiteit rjochtset waard. Underwilens hie Jowett yn 'e mande mei Wilson en Williams it wurk Essays and Reviews skreaun, dat yn 1860 ferskynde en harren fannijs op in protte krityk kaam te stean. Der waard sels besocht om 'e trije mannen út 'e Anglikaanske Tsjerke te setten, en doe't dat besykjen yn 1864 breksloech, besocht de plattelânsgeastlikheid de finansiering fan Jowett syn learstoel Gryksk oan it Balliol Kolleezje stop te setten. Doe't dat bekend waard, ûntstie der lykwols safolle wjerstân tsjin ûnder sawol de studinten as dosinten fan 'e universiteit, dat ek dat plan op neat útrûn.

Jowett sels hie ûnderwilens in koälysje fan frijsinnigen fan alderhanne kleur gearbrocht om 'e teologyske test ôf te skaffen, dy't noch altyd ferplichte wie foar in elk dy't oan in Britske ynstelling foar heger ûnderwiis in universitêre graad helje woe. Yn juny 1864 hold er oer dat ûnderwerp in taspraak foar in gearkomste yn Londen, dy't de grûnslach lei foar de tekst fan 'e lettere Wet op 'e Universiteitsproeven (University Tests Act) fan 1871. Fanôf 1866 koe eins nimmen yn it Balliol Kolleezje it noch súksesfol tsjin Jowett syn autoriteit yn 'e kant sette, mei't de rangen fan 'e jongere dosinten folsieten mei syn eardere studinten. Ferskate herfoarmings dy't yn dy tiid oan it kolleezje trochfierd waarden, fûnen har oarsprong by him. Yn 1870, doe't Robert Scott in promoasje krige en it rektorskip fan Balliol sa frij kaam, waard Jowett einlings ta dat langbegearde amt keazen. De nije seal (1876) mei in oargel út 1835 en it cricketfjild (1889) binne noch altyd sichtbere oantinkens oan syn bestjoer oer it kolleezje.

 
Benjamin Jowett.

Underwilens wie Jowett yn syn frije tiid, dêr't er almar minder fan hie, begûn oan in wurk op it mêd fan 'e Aldgrykske filosoof Plato, dat útgroeide ta in folsleine oersetting fan 'e dialogen mei by elk in ynliedend essay. Hjiroan arbeide er mear as tsien jier, oant it úteinlik publisearre waard yn 1871. Hoewol't der fan ferskate kanten (wittenskiplik ûnderboude) krityk op kaam en yn lettere printingen in grut tal lytse flaterkes ferbettere waarden, wurdt Jowett syn oersetting noch altyd beskôge as it wurk dat fan Plato in Ingelsktalige klassiker makke. Neitiid wie Jowett noch ferskate jierren dwaande mei it op 'e nij besjen fan syn oersetting fan Plato yn it ljocht fan 'e ûntfongen krityk, en fierders mei nije fertalings fan 'e Politika, fan Aristoteles en it folsleine oeuvre fan Tûsydides.

Ek hie Jowett noch altyd grutte belangstelling foar teology, en datoangeande koed er syn túltsjes mar úttúlje as predikant, mei't ferskate tsjerklike gemeenten yn Londen him graach hearre mochten. Fanôf 1866 preke er ek ien kear yn 't jier yn Westminster Abbey, dêr't syn freon Stanley yn 1863 aartsdeken wurden wie. Jowett hie noch ferskate publikaasjes yn 'e holle, û.m. oer de religyen fan 'e wrâld, in kommentaar op 'e fjouwer evangeeljes en in beskriuwing fan it libben fan Kristus, mar dat kaam der nea fan, om't er yn 1882 in oanstelling ta fise-kânselier fan 'e Universiteit fan Oxford oannaam, in funksje dy't in wiere oanslach op syn dochs al krappe frije tiid betsjutte.

Lêste jierren en dea bewurkje seksje

Jowett rekke yn 1887 yn 'e minnichte, wierskynlik om't er tefolle fan himsels frege hie. Dêrop joech er de hoop op om noch in grut wurk fan eigen hân te produsearjen. Yn syn lêste jierren lei er him sadwaande ta op in kommentaar op 'e Steat, fan Plato, en op guon essays oer it wurk fan Aristoteles. Jowett bleau syn hiele libben frijfeint, en stoar op 1 oktober 1893 te Oxford, yn 'e âlderdom fan 76 jier. Syn begraffenis wie de meast ymposante dy't ea yn 'e universiteitsstêd holden wie, wêrby't syn kiste droegen waard troch de rektors fan sân fan 'e kolleezjes fan 'e universiteit en de provoast fan 'e prestizjeuze priveeskoalle fan Eton, allegear âld-learlingen fan Jowett. Yn it Balliol Kolleezje wurdt noch altyd dit rymke oer Jowett trochjûn:

Here come I, my name is Jowett.
All there is to know I know it.
I am Master of this College,
What I don't know isn't knowledge!

"Hjir kom ik, myn namme is Jowett."
"Al wat der te witten is, wit ik."
"Ik bin rektor fan dit Kolleezje,"
"Wat ik net wit, dat is gjin wittenskip!"

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.