In berm of barm is in smellige stripe grûn by in wei lâns, dy't yn 'e regel begroeid wurdt troch gerzen en griene krûden, en dy't ferskate kearen yn it groeiseizoen meand wurdt. Yn Fryslân leit oare kant de berm ornaris in sleat of teminsten in greppel, mar yn oare gebieten komme ek oare ôffredingsfoarmen foar, lykas stekken, houtwâlen, hagen en muorkes.

In berm by in fytspaad lâns.

Funksjes bewurkje seksje

Berms binne fan belang yn 'e wegeboukunde, om't se de eigentlike wei ûnderstypje en tsjinje kinne as reserveromte foar in eventuële weiferbreding. Dêrnjonken hawwe se ferkearskundige wearde foar it útwiken fan weibrûkers en om ferkearsbuorden en beweiwizering te pleatsen.

Fierders kinne berms tydlik brûkt wurde foar de opslach fan in ferskaat oan materialen en dingen, wêrûnder sân, strjitstiennen en oar guod foar wei-ûnderhâld, mar dêrnjonken ek foar it parkearjen fan auto's.

Teffens wurde yn berms ornaris keabels en liedings yngroeven foar elektrisiteits-, gas- en weterfoarsjenning, en foar keabeltillefyzje en ynternetoanslutings. Unbedoeld foarmje berms faak ek in fruchtber, sij it soms net sa sûn biotoop foar alderhanne floara en fauna.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.