Bernard Winsemius

Bernard P. Winsemius (1945) is in Nederlânsk oargelist en klokkenist.

Organist bewurkje seksje

Winsemius studearre oan it Amsterdamsk Konservatoarium, net allinne oargel, mar ek koar- en orkestdireksje. Syn stúdzje waard yn 1970 bekroane mei de Prix d'Excellence.
Hy is organist yn de Nije Tsjerke fan Amsterdam, tegearre mei Gustav Leonhardt.

Beiaardier bewurkje seksje

Boppedat studearre er beiaard oan de Beiaardskoalle yn Amersfoort. Yn 1971 waard ek dêr syn stúdzje bekroane mei de Prix d'Excellence.
Winsemius is stêdsbeiaardier fan Haarlim en Amsterdam. Hy spilet alle wiken:

Dei Tiid Plak
Moandei 08:30-09:30 Frije Universiteit, Amsterdam
Moandei 14:30-15:30 St. Bavotoer, Haarlim
Tongersdei 12:00-12:45 Sudertoer, Amsterdam
Tongersdei 14:00-15:45 Munttoer, Amsterdam
Tongersdei 16:00-16:45 Westertoer, Amsterdam
Freed 11:30-12:00 Bakenessertoer, Haarlim
Freed 12:45-13:15 St. Bavotoer, Haarlim

Learaar bewurkje seksje

Winsemius is dosint oan de Codarts, Hegeskoalle foar de Keunsten yn Rotterdam en de Hegeskoalle foar de Keunsten yn Utert.

Keppeling om utens bewurkje seksje