Bespin is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't bekend waard út 'e film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980). It is in gasreus yn it planetestelsel mei deselde namme yn 'e ôfhandige sektor Anoat. Bespin hat twa moannen en docht 14 jier oer in orbitale omrin om syn stjer. In dei duorret op Bespin tolve oeren. De planeet is ien fan trije yn it planetestelsel, mar hy wurdt fan syn susterplaneten skaat troch in planetoïdegurdle dy't Velser's Ring hjit.

De gasreus Bespin mei syn beide moannen.

Bespin is fan belang om't der troch mynbou in seldsum en weardefol gas wûn wurdt, dat tibanna hjit. De eigentlike gaswinning is it wurk fan Ugnaughts, in ras fan bûtenierdske wêzens, wylst minsken ferbliuwe yn 'e saneamde Stêd yn 'e Wolkens (Cloud City) en yn Chinook Station, delsettings dy't boud binne yn in tinne laach fan 'e atmosfear dy't út sykhelbere lucht bestiet. De Ugnaughts libje dêr ek, mar binne konsintrearre yn in trêde delsetting, Ugnorgrad, dêr't oer hearske wurdt troch harren kening Ozz.

Yn The Empire Strikes Back sykje de rebellen Han Solo, prinsesse Leia en Chewbacca en de androïde C-3PO beskûl yn 'e Stêd yn 'e Wolkens op Bespin as harren romteskip, de Millennium Falcon, op 'e flecht foar de troepen fan it Galaktysk Keizerryk stikken rekket. Mei't de bestjoerder fan 'e mynboukoloanje, Lando Calrissian, in âlde freon fan Han is, hopet er syn skip hjir gau reparearje te kinnen. Hy en syn selskipslju rinne lykwols yn in falstrik dy't opset is troch Darth Vader, de neiste hantlanger fan 'e boasaardige keizer Palpatine. Lando blykt, sij it ûnder twang, mei dyselde gear te wurkjen.

Vader lit Han martelje en dêrnei ynfrieze yn (de fiktive stof) karbonyt. Dêrnei draacht er him oer oan 'e preemjejager Boba Fett, dy't him oerleverje wol oan 'e gangster Jabba de Hutt. As Vader ek prinsesse Leia en de oaren finzen hâlde wol, wat tsjin 'e ôfspraken is dy't er mei Lando sletten hat, jout Lando opdracht ta de evakuaasje fan 'e Stêd yn 'e Wolkens. Yn 'e gaos wit er mei Leia en de oaren yn 'e reparearre Millennium Falcon te ûntkommen.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin