Bethany Benz, echte namme: Elizabeth Ahmed (yn 'e Oekraïne, 19 maaie 1986), is in Oekraynsk-Amerikaansk neakenmodel, en pornografysk aktrise fan mingd Nigeriaansk-Russysk etnysk komôf. Hja sette har karriêre útein as glamourmodel ûnder de artystenamme Caviar. Yn 2010 makke Benz hat debút yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en sûnt spile se yn frijwat films. Se hat ûnderwilens in grut skare fans witten te winnen.

Bethany Benz
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Caviar
echte namme Elizabeth Ahmed
nasjonaliteit Oekraynsk
Amerikaansk
berne 19 maaie 1986
berteplak ? (Oekraïne)
etnisiteit Nigeriaansk
Russysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2010 – no
offisjele webside
www.club-bethanybenz.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Benz waard yn 1986 yn 'e Oekraïne berne as de dochter fan in Nigeriaanske heit, en in mem fan etnysk Russysk komôf. Hja groeide op yn 'e Sovjet-Uny en fan 1991 ôf yn 'e Oekraïne (dat doe in ûnôfhinklik lân wurden wie), en emigrearre op har tolfde mei har âlden nei de Feriene Steaten. Dêr gie se nei de middelbere skoalle yn Chicago, yn 'e Amerikaanske steat Illinois.

Benz sette har karriêre útein as in glamourmodel, wêrby't se de artystenamme Caviar ("kaviaar") brûkte (om't se út 'e Oekraïne kaam en swart wie). Yn dy tiid posearre Benz foar tydskriften as Jet Magazine, Motorsports Magazine en Rolling Out. Teffens wurke se mei oan ferskate fideoklips fan Amerikaanske rappers en R&B-artysten, lykas Twista, Snoop Dogg en R. Kelly. Yn 2009 die se as Caviar mei oan it Amerikaanske realitytillefyzjeprogramma For the Love of Ray J, dêr't se yn 'e fjirde ôflevering fuortstimd waard.

 
Bethany Benz yn 2013.

Yn july 2010 makke Benz har debút as pornoaktrise yn in sêne foar de foaroansteande Amerikaanske pornografyske webside BangBros. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn krapoan 60 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Elegant Angel, Hustler Video, Vivid Entertainment, West Coast Productions, Evil Angel, Jules Jordan Video en Pure Play Media. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as BangBros, Reality Kings, Naughty America en BlacksOnBlondes.

Ein 2010 wie Benz belutsen by in 'bedriuwsûngemak', wêrby't de manlike pornoakteur Prince Yahshua ûnder in sekssêne mei har in útskuorde urinebuis en in blessuere oan syn bekkenwand oprûn. Yn 2012 waard Benz nominearre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste nije stjer. Njonken har aktearwurk posearret Benz ek geregeldwei foar neakenblêden.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Benz is fan mingd blank en swart ras, mei in ljochtbrune hûdskleur dy't sa ljocht is dat se suver wol foar blank trochgean kin. Se hat brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is Benz 1.75 m lang, mei in gewicht fan 61 kg, en in natuerlike kupmaat 34DD. Se hat piercings troch har nâle en har klitoris, en twa tatoeaazjes: in stienboksymboal op har ûnderrêch en in slange dy't om har rjochterankel hinne wuolle sit.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2012 AVN Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: