Elisabeth ten Boom (Amsterdam, 19 augustus 1885Ravensbrück, 16 desimber 1944) wie Nederlânske frou, dochter fan horloazjemakker Casper ten Boom, dy't troch it Nazirezjym yn de Twadde Wrâldoarloch ferfolge waard om reden fan help oan Joadske ûnderdûkers. Sy waard nei it konsintraasjekamp Ravensbrück stjoerd, dêr't sy yn de âldens fan 59 jier stoar.

It hûs fan de hûshâlding Ten Boom yn Haarlim (1961)

Sy is ien fan de haadfigueren yn de biografy The Hiding Place oer har de ûnderfinings fan har suster Corrie ten Boom yn de Twadde Wrâldoarloch. Betsie wie fan har berte ôf oan oanhelle mei pernisieuze anemy dy't it krijen fan bern behindere en bleau dêrom frijwillich frijfaam. Sy wie de âldste fan fiif yn de hûshâlding Ten Boom en wenne thús oant de oarloch ta. Sy die dêr de boekhâlding en it hûshâldlik wurk.

Betsie ten Boom en har heit Casper waarden yn 2008 eare troch de steat Israel as Rjochtfeardige ûnder de Folken. Har suster Corrie krige dy ûnderskieding al yn 1961.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.