Beuckenswyk wie in state út de 17e iuw besuden yn Sondel, gemeente Gaasterlân, no Súdwest-Fryslân. Op it plak stiet no in pleats.

Beukenswyk yn 1900

It boujier is ûnbekend. It bûten stie in healoere rinnen fan de Riniastate. Op dizze state wenne Geertruida Wilhelmina Godarda Johanna Rinia fan Nauta. In nicht fan har, Titia de Carpentier wenne op dit bûten. Beuckenswyk wie in bûten mei in bosk derefter; it wie in grut gebou mei in soad finsters, in hege stoepe en in lange gong. Mear is der net bekend oer it uterlik fan dizze state.

Yn 1664 trout dr. Wilhelmus Beuckens op It Hearrenfean en in soan út dit houlik wie dr. Marius Beuckens. Hy wie ûntfanger fan Doanjewerstâl. Hy komt yn it stimkohier fan 1728 foar as eigener fan lannen yn Sondel en Nijemardum. Hy boaske yn 1696 oan Gerritje Sierxma, fandÊr it wapen fan Sierxma njonken it wapen fan Beuckens. De wapens Nauta-Beuckens en Swalue fertelle oer in houlik fan leden fan dizze geslachten. Paulus Rombertus neamde himsels nei heit en mem Nauta-Beuckens. Hy wie in soan fan Gijsbertus Nauta en Geertruida Beuckens, dochter fan Marius Beuckens. Syn frou en ek nicht Hester Josine Swalue wie in dochter fan dr. Otto Swalue en Belitie Beuckens, ek in dochter fan Marius Beuckens. Beiden hienen dus as pake en beppe dr. Marius Beuckens en Gerritje Sierxma.

In broer fan Paulus Rombertus Nauta-Beukens wie dr. Bavius Nauta dy't troude mei Tjitske Rinia. In dochter út dit houlik wie Titia Rinia fan Nauta. Hja nimt ek de namme fan beide âlden oan. Titia troude mei Johan Petrus fan Hylckama en harren dochter lei de earste stien foar in nij slot Beuckenswyk. Yn 1800 troude Allethya Aurelia van Hylckama mei Hendrik Jan de Carpentier, frederjochter op De Lemmer, sekretaris Wetterskip De Sân Gritenijen en Stêd Sleat, kontroleur fan de Belesting yn de kontrôle De Lemmer, lid KOmmise fan Lânbou yn Fryslân. Yn 1885 waard de state ôfbrutsen en op it stee waard in pleats setten.

List fan eigeners fan slot Beuckenswyk bewurkje seksje

Jier Brûker
1664 Wilhelmus Beuckens
1690 - 1722 dr. Marius Beuckens (abbekaat) en Gerritje Sierxma
1722 Geertruida Beuckens en Gijsbertus Nauta
1763 - 1790 Paulus Rombertus Nauta Beuckens en Hester Josina Swalue
1790 - 1798 dr. Bavius Nauta (in broer fan Paulus) en Tjitske Rinia
1798 - 1816 Titia Rinia van Nauta en Johan Petrus van Hylckama
1816 - 1824 Allethya Aurelia van Hylckama en Hendrik Jan de Carpentier
1824 - 1838 Hendrik Jan de Carpentier
1838 - 1869 Titia de Carpentier
1869 Jacoba Jeannette D.M. de Carpentier en Jan de Rochefort

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Genealogy Gerrijt van Belcum troch Jan Leemburg
  • L.Post-Beuckens - Land en mens van gaast en klif