Bill Browder (folút: William Felix Browder; Chicago?, 23 april 1964) is in Amerikaansk-Britsk sakeman, dy't wrâldwiid bekendheid krigen hat troch syn striid tsjin 'e Russyske presidint Vladimir Pûtin.

Bill Browder
Bill Browder yn 2011, op it Wrâld Ekonomysk Foarum yn it Switserske Davos.
Bill Browder yn 2011, op it Wrâld Ekonomysk Foarum
yn it Switserske Davos.
persoanlike bysûnderheden
echte namme William Felix Browder
nasjonaliteit Amerikaansk
Britsk
berne 23 april 1964
berteplak Chicago (Illinois) (?)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt ûndernimmer
aktyf as minskerjochte-aktivist
jierren aktyf 2006 – no (as aktivist)
reden
  bekendheid
syn kampanje tsjin korrupsje
   en minskerjochteskeinings
   yn Ruslân
bekendste
  wurk(en)
Red Notice (autobiografysk)

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Browder is de pakesizzer fan Earl Browder, dy't yn it ferline de lieder fan 'e Kommunistyske Partij fan de Feriene Steaten wie, en de soan fan Felix Browder, in foaroansteand wiskundige. Syn omke William Browder is ek in ferneamd wiskundige. Browder groeide op yn Chicago, dêr't er ekonomy studearre oan de Universiteit fan Chicago. Oan 'e Universiteit fan Stanford, yn Kalifornje, behelle er syn masterstitel yn ekonomy. Yn 1998 joech er syn Amerikaanske steatsboargerskip op en naam er de Britske nasjonaliteit oan, yn wat wol beskôge wurdt as in besykjen ta belestingûntwiking.

Sakekarriêre bewurkje seksje

Browder wie al jierrenlang yn 'e finansjele sektor wurksum doe't er yn 1996 mei Edmund Safra de ynvestearringsfirma Hermitage Capital Management oprjochte. Hja ynvestearren dêrmei $25 miljoen yn 'e Russyske ekonomy en wiene tige súksesfol, mei't hja profitearje koene fan 'e weach oan privatisearrings fan Russyske steatsbedriuwen yn 'e twadde helte fan 'e njoggentiger jierren. Nettsjinsteande substansjele ferliezen kaam Hermitage Capital Investment de Russyske Finansjele Krisis fan 1998 ridlik ûnskansearre troch. De firma waard in wichtige oandielhâlder fan 'e Russyske ierdgaskorporaasje Gazprom, de oaljeprodusint Surgutneftegaz en ferskate oare wichtige spilers op 'e Russyske merk dy't noch foar in part eigendom fan 'e Russyske steat wiene. Yn dy bedriuwen brocht Browder wiid fersprate korrupsje ûnder it management oan it ljocht en teffens grutskalige bedriuwsfraude.

Ferfolging troch de Russyske autoriteiten bewurkje seksje

Syn aktivistyske opstelling waard Browder troch de Russyske elite net yn tank ôfnommen, en yn 2006 waard er troch it regear fan Vladimir Pûtin op in swarte list set fan lju dy't in "bedriging foar de nasjonale feilichheid" foarmen, sadat er it lân net mear ynmocht. Neffens de foaroansteande Britske krante The Economist wie de wiere reden foar it ferbaljen fan Browder dat er besocht hie de tastream fan jild nei "korrupte burokraten en harren trewanten yn it sakelibben" tsjin te kearen. Yn 'e folgjende twa jier waard der yn Ruslân in wiere terreurkampanje fierd tsjin eltsenien dy't him mei Browder ynliet. Syn sakepartners en abbekaten, en ek dy harren famyljeleden, waarden it slachtoffer fan in ferskaat oan misdriuwen, dy't útinoar rûnen fan lytse pesterijen oant dieverij oant slimme lichaamlike mishanneling.

Yn juny 2007 foel de Russyske plysje de kantoaren fan Hermitage Capital Management yn Moskou binnen en naam dokuminten en kompjûters mei. Doe't in wurknimmer oppenearre dat dit sûnder hûssikingsbefel yllegaal wie, waard er sa slim yninoar slein dat er twa wiken yn it sikehûs lei. Neffens Hermitage wiene de Russyske autoriteiten by steat om mei de bútmakke bedriuwsynformaasje beskate gegevens yn kompjûterbestannen oan te passen, sadat it liek as hie Hermitage op grutte skaal (foar $230 miljoen) oan fraude dien. Yn novimber 2008 waard Sergej Magnitsky, ien fan 'e abbekaten fan it bedriuw, oppakt. Dy man hie earder troch syn wurk foar Hermitage in grutskalich gefal fan belestingûntdûking ûnder de Russyske elite ûntdutsen en oanjûn, mar no waard er der sels fan beskuldige ferantwurdlik te wêzen foar datseldichste gefal fan belestingûntdûking. Nei't er alve moanne lang foarôfgeande oan syn proses fêstholden wie, stoar Magnitsky op 16 novimber 2009 yn finzenskip. De oanhâldende martelingen dy't er yn dy tiid trochstean moast, binne goed dokumintearre. Neffens Browder waard Magnitsky úteinlik kâldwei fermoarde troch de Russyske autoriteiten, om't er net omlyk woe.

Aktivisme bewurkje seksje

Nei Magnitsky syn dea hat Browder it ta syn libbensdoel makke om derfoar te soargjen dat de lju dy't foar de moard op syn abbekaat ferantwurdlik wiene, harren straf net ûntrinne sille. As einferantwurdlike beskôget hy presidint Vladimir Pûtin sels, dy't neffens him no al mear as $200 miljard fan it Russyske folk stellen hat. Sûnt 2009 reizge Browder de wrâld yn 't rûn om tsjin Pûtin en dy syn trewanten te agearjen. Yn 2012 krige er it Amerikaanske Kongres safier dat dat de saneamde Magnitsky Act oannaam, dy't it Amerikaanske regear it foech joech om 'e ferantwurdliken foar de moard op Magnitsky de tagong ta de Feriene Steaten te ûntsizzen en harren finansjeel yn 'e pine te setten troch al har banktegoeden yn 'e Feriene Steaten te konfiskearjen.

As reäksje dêrop waarden Browder (by ferstek) en Magnitsky (postúm) yn 2013 yn Ruslân foar de rjochter sleept foar it ûntdûken fan $16,8 miljoen oan belesting. Dit wie de earste kear yn 'e Russyske skiednis dat der in proses tsjin in deade fierd waard, wat sels ûnder Stalin nea foarkommen wie. De minskerjochte-organisaasje Amnesty International omskreau de rjochtsaak as "in hiel nij haadstik yn 'e almar oanboazjende minskerjochtesitewaasje yn Ruslân" en as "in sinister besykjen om 'e oandacht ôf te lieden fan dejingen dy't de misdieden begien hawwe dy't Magnitsky oan it ljocht brocht hat." Op 11 july 2013 waarden sawol Browder as Magnitsky skuldich befûn oan alle oanklachten tsjin harren. Dêrop furdige Ruslân in ynternasjonaal arrestaasjebefel oftewol in "reade notifikaasje" (Ingelsk: red notice) tsjin Browder út, mar Ynterpol wiisde yn maaie 2013 en jitris yn july fan dat jier Russyske fersiken ôf om soks yn omtinken te nimmen, om't de Russyske ferfolging fan Browder neffens de ynternasjonale plysje-organisaasje "fierhinne polityk motivearre" wie.

Nettsjinsteande talleaze deadsbedrigings set Browder syn aktivisme tsjin Vladimir Pûtin-en-dy noch altyd troch. Yn febrewaris 2015 publisearre er it autobiografyske Red Notice: A True Story of High Finance, Murder, and One Man's Fight for Justice ("Reade Notifikaasje: In Wier Ferhaal fan de Sake-elite, Moard en Ien Man Syn Striid foar Gerjochtichheid"), wêryn't er sawol syn eigen jierren as sakeman yn Ruslân dokumintearre, as syn oanhâldende striid foar gerjochtichheid oangeande de moard op Sergei Magnitsky.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.