Bizonkeallepaadfrou

Bizonkeallepaadfrou (Ingelsk: Buffalo Calf Road Woman; 1850-er jierren – Miles City (Montana), maaie 1879) wie in Yndiaanske frou fan it folk fan 'e Noardlike Sjajinnen, dy't bekend waard troch har dieden yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Yn 2005 waard bekendmakke dat sy neffens de Sjajinske mûnlinge oerlevering dejinge wie dy't ûnder de Slach oan de Little Bighorn luitenant-kolonel George Armstrong Custer fan syn hynder sketten hie.

Bizonkeallepaadfrou
persoanlike bysûnderheden
oare namme Buffalo Calf Road Woman
nasjonaliteit Sjajinsk
berne 1850-er jierren
berteplak noarlike Grutte Flakten
   (Feriene Steaten)
stoarn maaie 1879
stjerplak Miles City (Montana)
etnisiteit Noardlik Sjajinsk
wurkpaad
aktyf as kriger
jierren aktyf 18761879
reden
  bekendheid
dieden yn 'e
   Slach oan de Rosebud en
   Slach oan de Little Bighorn

Libben bewurkje seksje

It is ûndúdlik wannear't of wêr't Bizonkeallepaadfrou krekt berne waard, mar nei alle gedachten moat dat yn 'e 1850-er jierren op it noardlike part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika west hawwe.

Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 fochten de Noardlike Sjajinnen en harren bûnsgenoaten, de Lakota, ûnder lieding fan it opperhaad Mâl Hynder, op 17 juny 1876 de Slach oan de Rosebud út mei de Amerikaanske troepen fan brigadegeneraal George Crook. Dêrby waarden de Yndianen op in stuit troch de Amerikaanske soldaten tebekdreaun. Doe't Bizonkeallepaadfrou murk dat har broer, de haadman Komt-yn-Sicht, ferwûne op it slachfjild efterbleaun wie, sette hja har hynder oan ta fjouwersprong, ried nei him ta, skuorde him op it hynder en rêde sa syn libben. Har dappere die joech de Sjajinnen nije moed, en se foelen op 'e nij oan wêrby't Crook en syn troepen ferslein waarden. Ta eare fan Bizonkeallepaadfrou neamden de Sjajinnen de slach letter "it Gefjocht dêr't it Fanke Har Broer Rêde".

Acht dagen letter, op 25 juny, wie Bizonkeallepaadfrou behelle yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in ferpletterjende nederlaach tabrocht en foar in diel útrûge. Bizonkeallepaadfrou focht by dat treffen side oan side mei har man, de kriger Swarte Prêrjewolf. Yn juny 2005 ferbrieken de Noardlike Sjajinnen mear as hûndert jier stilswijen oer de fjildslach en makken bekend dat neffens harren mûnlinge oerlevering Bizonkeallepaadfrou dejinge west hie dy't Custer fan syn hynder sketten hie.

Nei't se har yn 1877 oan 'e Amerikaanske autoriteiten oerjûn hiene, waarden Bizonkeallepaadfrou, Swarte Prêrjewolf en harren beide bern mei de oare Noardlike Sjajinnen nei it Yndiaanske Territoarium (it tsjintwurdige Oklahoma) deportearre, dêr't se by harren sibben, de Súdlike Sjajinnen, yn ien reservaat stoppe waarden. Yn it nije lân krepearren de Noardlike Sjajinnen lykwols oan malaria en kamen se om fan 'e honger. Sadwaande joegen de opperhaden Stomp Mês en Lytse Wolf yn septimber 1878 lieding oan 'e saneamde Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen, wêrby't se har in paad klearren troch trije steaten hinne, mei froulju en bern by har en troch in oanwaaksende troepemacht fan it Amerikaanske Leger efterfolge.

Ek Bizonkeallepaadfrou makke diel út fan dy útbraak. Hja hearde ta de groep fan Lytse Wolf, dy't úteinlik Montana berikte en nei ferrin fan tiid tastimming krige om dêr te bliuwen. Underweis ûntstie der lykwols ûnderling rebûlje, wêrby't Swarte Prêrjewolf in oare Sjajinne, dy't fan Swarte Kraanfûgel hie, deaskeat. Dêrop waarden hy en syn famylje út 'e troep fan Lytse Wolf set. Neitiid befochten Swarte Prêrjewolf en twa manlike famyljeleden in pear Amerikaanske soldaten oan 'e Mizpah Creek yn Montana, wêrby't se ien deaden. De oare ûntkaam lykwols, mei as gefolch dat der fan Fort Keogh út in klopjacht op Swarte Prêrjewolf en syn famylje iepene waard.

Fiif dagen nei it ynsidint, op 10 april 1879, waarden Bizonkeallepaadfrou, Swarte Prêrjewolf en harren famyljeleden finzen nommen en oerbrocht nei Miles City. De trije manlju, Swarte Prêrjewolf ynbegrepen, waarden foar de 'moard' op 'e soldaat ta de dea feroardiele, en soene op 8 juny ophongen wurde. Wylst har man yn it tichthûs siet, rekke Bizonkeallepaadfrou siik en stoar yn maaie oan diftery. Doe't dat nijs oan Swarte Prêrjewolf oerbrocht waard, hong er himsels op yn syn sel.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.