Black Snake Moan (film)

Black Snake Moan is in Amerikaanske swarte komeedzjedramafilm út 2006 ûnder rezjy fan Craig Brewer, mei yn 'e haadrollen Samuel L. Jackson en Christina Ricci. De titel is ûntliend oan in bluesliet út 'e 1920-er jierren fan Blind Lemon Jefferson. De film ferwiist in protte nei de Bluesbeweging fan Mississippy, los fan wat de titel oangiet fral yn 'e soundtrack, mar ek yn 'e plot. It ferhaal giet oer de swarte bluesmuzikant Lazarus Redd, dy't yn 'e Súdlike Amerikaanske steat Tennessee de kost fertsjinnet as boer. As er op in dei by de kant fan 'e dyk lâns de slim mishannele jonge blanke frou Rae Doole oantreft, ferpleget er har oant se opbetteret, wêrnei't er har op syn pleats finzen beslút te hâlden om har te genêzen fan har nymfomany. Black Snake Moan krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen.

Black Snake Moan
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Craig Brewer
produsint Stephanie Allain
John Singleton
senario Craig Brewer
kamerarezjy Amy Vincent
muzyk Scott Bomar
filmstudio New Deal Productions
Southern Cross the Dog Prod.
distribúsje Paramount Vantage
spilers
haadrollen Samuel L. Jackson
Christina Ricci
byrollen Justin Timberlake
S. Epatha Merkerson
John Cothran jr.
Michael Raymond-James
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 9 desimber 2006
foarm langspylfilm
sjenre swarte komeedzjedramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $15 miljoen
opbringst $10,9 miljoen

Plot bewurkje seksje

Lazarus Redd is in strang kristlike negroïde âld-bluesmuzikant yn 'e Súdlike Amerikaanske steat Tennessee, dy't no de kost fertsjinnet as boer en syn produkten op 'e pleatslike merk ferkeapet. Hy wurdt geastlik tramtearre troch syn mislearre houlik mei in frou dy't, oars as hy, gjin bern hawwe woe en doe't se op in stuit ta syn blydskip dochs swier rekke, temûk in abortus ûndergie. Letter ûntdiek er dat syn frou efter syn rêch om ek noch mei syn broer Deke omsloech, wat him wrokkerich en bitter makke hat.

Rae Doole is in jonge seksferslaafde blanke frou dy't ompakt mei in ferline wêryn't se as bern seksueel misbrûkt is troch de frijer fan har mem. Se wennet gear mei har feint Ronnie Morgan, dy't sels oanhelle is mei in eangststeuring dy't him geregeldwei yn in frijwol katatoanyske steat bringt. Nettsjinsteande dat meldt er him, tsjin Rae har sin yn, oan by de artillery fan 'e Nasjonale Garde fan Tennessee, om útstjoerd te wurden nei Irak. Yn syn ôfwêzigens jout Rae har oer oan seks mei oare manlju en oan it gebrûk fan drugs om har pine te ferdôvjen.

Under ien fan har útspattings besiket Gill Morton, de bêste freon fan Ronnie, om seksueel misbrûk fan Rae te meitsjen. As se syn avânses lykwols fuortlaket en him ûngeunstich mei oare manlju ferliket, slacht er har yninoar. Neitiid lit er har foar dea efter by de kant fan 'e wei lâns, inkeld klaaid yn in slipke en in (te koart) T-shirtsje. De oare moarns wurdt se dêr bewusteleas oantroffen troch Lazarus, dy't har mei nei hûs nimt, mar de autoriteiten net ynljochtet om't er him gjin yllúzjes makket wat der barre sil as yn it rasistyske Amerikaanske Suden in swarte man mei in jonge, heal neakene, bewusteleaze blanke frou oansetten komt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

By Lazarus thús docht bliken dat Rae it flink wei krigen hat en koarts hat. Hy hellet medisinen by de pleatslike apteek, dêr't er holpen wurdt troch de freonlike âldere swarte meiwurkster Angela. Werom by him thús op syn spultsje op 'e romte ferpleget er Rae ferskate dagen lang. As se him yn har dwyljen oansprekt mei de namme 'Tehronne', mient Lazarus dat dat dejinge is dy't har sa mishannele hat. Hy siket Tehronne thús op om ferhaal te heljen, mar dyselde oertsjûget him fan syn ûnskuld en ljochtet him boppedat yn oer Rae har promiskuïteit. Yn har dwyljen besiket Rae ferskate kearen om by Lazarus wei út te naaien, in probleem dat er oplost troch har mei in swier keatling, dat er har om 'e mul befêstiget mei in hingslot, oan in mânske ferwaarmingsradiator fêst te meitsjen.

As Rae opbetteret en wer by har sûne ferstân komt, ropt de oanwêzigens fan it keatling by har fansels fragen op oer de oprjochtens fan Lazarus as er seit dat er har inkeld helpe wol. Hy fertelt har lykwols dat it syn spirituele plicht is om har fan har sûndige libben ôf te helpen, dat hy wegeret har gean te litten. Rae besiket ferskate kearen om te ûntkommen, mar se kin it keatling net ôf krije en de ferwaarmingsradiator stiet sa fêst as in hûs. Nei inkele dagen begjint se har mei har sitewaasje te fermoedsoenjen, in ommekear dy't benammen feroarsake wurdt troch it feit dat Lazarus him oars hâldt en draacht as alle oare manlju dy't se ea kennen hat. Hy negearret har avânses, keapet in net bot bedekkend jurkje foar har dat dochs in stik konservativer is as de klean dêr't er har yn oantroffen hat, spilet gitaar foar har en leart har te itensieden.

As Lincoln James, in opslûpen jonge dy't Lazarus by it boerewurk helpt, sûnder euvelmoed it hûs yn komt as Lazarus sels fuort is om it jurkje te keapjen, hat Rae in weromfal en bespringt se de jonge, dy't net wit wat him oerkomt (mar der ek net folle beswier tsjin hat). Koart dêrnei komt in freon fan Lazarus, de swarte dûmny R.L., by him op besite en lit himsels net fuortjeie troch Lazarus syn ûngastfrije hâlden en dragen. Uteinlik nimt Lazarus him yn fertrouwen oer wat er by de ein hat. R.L. wit net oft er Lazarus no priizgje moat om't er Rae helpe wol, of beskrobje om't er har finzen hâldt. Dy jûns ite Lazarus, Rae, Lincoln en R.L. mei-inoar in miel dat foar in diel troch Rae tamakke is.

Underwilens keart Ronnie werom nei't er troch de Nasjonale Garde ôftanke is omreden fan syn eangststeuring. Hy treft it hûs dat er mei Rae dielt, ferlitten oan. Net ien dy't wit wêr't se is. As er syn maat Gill nei har freget, fertelt dy him dat Rae him bedraacht eltse kear dat er eefkes fuort is, en dat er sels ek geregeldwei seks mei har hat. Ronnie slacht Gill yninoar, stelt syn pickuptruck en set syn syktocht fuort.

De oare moarns, nei't R.L. op him ynpraten hat en hy der sels in nachtsje oer sliept hat, makket Lazarus it keatling los, mei't er besletten hat dat er gjin foech hat om oer oaren te oardieljen. Rae, dy't net wit dat Ronnie weromkommen is, beslút foarearst út frije wil by Lazarus te bliuwen, mei't se foar it ferstân krigen hat dat hy in goede ynfloed op har hat. As se de nachts dêrnei bang is foar it swierwaar, spilet Lazarus gitaar foar har, wylst er That Black Snake Moan sjongt, in bluesliet fan Blind Lemon Jefferson, oant se kalmearret. De moarns dêrop nimt er Rae mei as er nei de merk giet om syn grienten en maïs te ferkeapjen. Wylst Lazarus op 'e merk Angela wer treft, mei wa't er in hoedene romantyske relaasje begjint, konfrontearret Rae har mem Sandy yn in supermerk mei it seksueel misbrûk dat se as bern ûndergien hat fan har memme frijer.

Dêrta oanfitere troch Rae beslút Lazarus syn muzykkarriêre wer op te pakken. Dy jûns hat er foar it earst yn tsientallen jierren wer in optreden mei inkele oare muzikanten yn in pleatslike kroech. Rae giet dêr mei him hinne, en hoewol't se de iennichste blanke tusken in publyk fan swarten is, lit se har al dûnsjend nei in oar plak ta bringe troch syn muzyk. Yn 'e kroech wurde se lykwols sjoen troch Ronnie, dy't harren letter weromfolget nei it boerespultsje fan Lazarus. De oare moarns is Rae al ier wekker. Se hat har suver noch nea sa goed fielt, en besiket op Lazarus syn gitaar in ferske te spyljen dat har yn 'e holle sit. Lazarus wurdt wekker fan it poenen fan 'e snaren en helpt har troch sels te spyljen, wylst sy har taleit op it sjongen fan 'e liettekst. Se wurde rou ûnderbrutsen as Ronnie bewapene mei in pistoal it hûs ynkringt. Hy is fan doel Lazarus dea te sjitten, mar dy kin him mei wurden wol oer, en úteinlik docht bliken dat Ronnie it hert net hat om 'e trekker oer te heljen.

Lazarus hellet R.L. derby, dy't de beide jongelju twingt om mei-inoar te praten oer harren gefoelens. Rae en Ronnie komme dan ta de konklúzje dat se tegearre sterker binne as allinne en beslute om te trouwen. Yn oanwêzigens fan Lazarus, Lincoln en Angela wurde se dy deis yn it houlik ferbûn troch R.L. Dêrby docht Ronnie Rae by gebrek oan in trouring in kralekeatling om 'e mul. Nei't Rae ôfskie nommen hat fan Lazarus sette sy en Ronnie ôf nei Nashville mei as doel om in karriêre yn 'e countrymuzyk te begjinnen. As se ûnderweis op 'e autosneldyk tusken in stikmannich frachtweinen yn komme te sitten, kriget Ronnie wer in panykoanfal en moat er de auto op 'e flechtstreek stilsette. Rae begjint sels wer ien fan 'e riten te krijen dy't se sûnt har bernetiid al hat, wêrby't in soarte fan jûkte him troch har lichem ferspriedt. Foarhinne loste se dat op troch seks of drugs. Diskear lûkt se it kralekeatling strak om 'e mul, wat har it keatling fan Lazarus tebinnenbringt, dat fêst siet oan 'e radiator. Dy oantins ferankeret har, en foar de earste kear wit se ien fan har riten te oerwinnen. Dêrop krûpt se Ronnie oan om him oer syn panykoanfal hinne te helpen.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Samuel L. Jackson.
 
Christina Ricci.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Lazarus Redd Samuel L. Jackson
Rae Doole Christina Ricci


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Ronnie Morgan Justin Timberlake
Angela S. Epatha Merkerson
R.L. John Cothran jr.
Gill Morton Michael Raymond-James
Lincoln James Neimus K. Williams
Tehronne David Banner
Sandy Doole Kim Richards
himsels Son House (op argyfbylden)
Rose Woods Adriane Lenox
Deke Woods Leonard L. Thomas
Batson Jeff Pope
Jesse Amy LaVere
Kell Clare Grant
Charlie Skip Pitts

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Black Snake Moan waard regissearre troch Craig Brewer nei in senario dat er sels skreaun hie. As produsinten wiene Stephanie Allain en John Singleton by it projekt belutsen foar de filmstudio's New Deal Productions en Southern Cross the Dog Productions. Der wie foar de film in budget beskikber fan $15 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Amy Vincent, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Scott Bomar.

Haadrolspiler Samuel L. Jackson spile sels it gitaar by de ferskate ferskes dy't er yn 'e film sjongt. Dêrfoar hied er yn it healjier foarôfgeande oan 'e opnamen seis oant sân oeren deis gitaarlessen folge. Syn tsjinspylster Christina Ricci droech ûnder (in diel fan) de opnamen in echt keatling fan 18 kg. Yn in fraachpetear mei it tydskrift Entertainment Weekly fertelde se dat se inkeld iten sûnder fiedingswearde iet om der syklik út te sjen en sels bûten de opnamen om frijwol neat oan hie om yn har rol te bliuwen. ("Sam [Jackson] sei dan: 'Doch ris wat klean oan!' Mar ik sei: 'Nee, begrypst it net. Dit is wichtich.")

Distribúsje en marketing bewurkje seksje

De distribúsje fan Black Snake Moan waard fersoarge troch Paramount Vantage. De film waard foar it earst fertoand op 9 desimber 2006 as ûnderdiel fan 'e Butt-Numb-A-Thon yn Austin (Teksas). Fan 2 maart 2007 ôf wie Black Snake Moan yn 'e Amerikaanske bioskopen te sjen, dêr't de film benammen konkurrinsje ûnderfûn fan Wild Hogs en Zodiac. De soundtrack fan Black Snake Moan kaam op 30 jannewaris 2007 yn 'e foarm fan in muzykalbum út by platemaatskippij New West Records, mei muzyk fan û.m. Son House, The Black Keys, R.L. Burnside en Samuel L. Jackson.

Haadrolspylster Christina Ricci wie it net iens mei de filmposter dy't de produsinten foar de Black Snake Moan brûkten, mei harsels mei it keatling om 'e mul yn in ûnderdienige posysje op 'e knibbels oan 'e fuotten fan in steande Samuel L. Jackson dy't de útein fan it keatling yn 'e hannen hâldt. Yn in fraachpetear yn april 2008 seis se dêroer: "De manear dêr't de marketing fan 'e film op oanpakt waard, wie wierskynlik ien fan 'e meast teloarstellende en lulkmeitsjende dingen dy't my yn myn karriêre ea oerkommen is. Ik haw der gjin belang by om froulju noch fierder te eksploitearjen as se al eksploitearre binne. […] Alles dêr't se [dejingen dy't ferantwurdlik wiene foar de marketing] om joegen wie om safolle mooglik teenagejonges nei de bioskoop ta te krijen." Ek feministen hiene krityk op 'e as seksistysk sjoene poster.

Untfangst bewurkje seksje

Black Snake Moan krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn it tillefyzjeprogramma Ebert & Roeper neamde filmmakker Kevin Smith (dy't ynfoel foar Roger Ebert) de film oant doe ta de bêste fan it jier. Hy hie benammen lof foar haadrolspilers Samuel L. Jackson en Christina Ricci, en fûn it Jackson syn bêste aktearprestaasje sûnt Pulp Fiction (1994) en Ricci har bêste aktearprestaasje ea. Ek de foaroansteande filmkritikus Richard Roeper joech Black Snake Moan in tomme omheech. Matt Glasby, fan Film4, lykwols, parte de film mar 1 fan 5 stjerren ta, en brûkte de omskriuwings "rommel út in hegedrukpanne" en "sa min dat it jins toskfleis bliede lit".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Black Snake Moan in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 157 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Unbedimme aktearprestaasjes, in feardige rezjy en in deadlike bluessoundtrack ferheffe [de film] oant boppe syn singeliere útgongspunt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Black Snake Moan in goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 34 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Black Snake Moan brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $10,9 miljoen op. Ofset tsjin it budget fan $15 miljoen komt dat del op in ferlies fan $4,1 miljoen plus marketingkosten.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.