Blauwestêd (doarp)

Blauwestêd (Nederlânsk: Blauwestad) is in nij doarp oan de Aldamtmar yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. It hie op 1 jannewaris 2023 1.290 ynwenners.

Blauwestêd
Blauwestêd (2022)
Blauwestêd (2022)
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Aldamt
Sifers
Ynwennertal 1.290 (2023) [1]
Oerflak 40,05 km²
wêrfan lân: 34,91 km²
wêrfan wetter: 5,14 km²
Befolkingsticht. 32 ynw. / km²
Oar
Stifting 2005
Postkoade 3509
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 10' N 7° 2' E
Offisjele webside
Webstee fan Blauwestêd
Kaart
Blauwestêd (Grinslân)
Blauwestêd

It doarp Blauwestêd, dêr't de namme yn desimber 2005 offisjeel fan erkend waard as de plaknamme, is part fan it projekt Blauwestêd. It doarp wie oant 1 jannewaris 2010 ferdield oer de gemeenten Scheemda, Wynskoat en Reiderlân en seach syn ynwennertal de lêste jierren omheech gean. It doarp hie op 1 jannewaris 2012 385 ynwenners en it hie op 4 oktober 2019 al 665 ynwenners.

Blauwestêd leit tusken Scheemda en Beerta. It gruttere plak Wynskoat leit ek flakby.

It projekt bewurkje seksje

It projekt bestiet út it oanlizzen fan in nije mar fan goed 800 bunder: de Aldamtmar, it oanlizzen fan 350 bunder nij natuergebiet en it oanlizzen fan fiif wengebieten mei elts in eigen útstrieling. Dy wengebieten binne:

  • De Wei (De Greide), dat fan alle wengebieten it meast mei it wetter ferbûn wurdt. Ynspiraasje fan de ynrjochting fan De Wei komt út Giteren.
  • Het Park (It Park), dêr't lange rigen gers en beammen komme te stean, omkringe troch reid en wetter
  • Het Riet (It Reid), dat út in groep eilannen bestiet beëasten de Aldamtmar.
  • Het Wold (It Wâld), dat tusken it natuergebiet Reiderwâlde en it kanaal Reiderdjip leit. It wurdt omsletten troch bosk en wetter.
  • Het Havenkwartier (It Havenkertier), dat earder Het Dorp (It Doarp) hiet, is it "sintrum" fan Blauwestêd.

Galery bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Gemeente Aldamt
 
Stêd: Wynskoat
Doarpen: Bad NijeskânsBeertaBlauwestêdDrieborgFinsterwoldeHilligerleeMidwoldaNieuw-BeertaNieuwoldaNieuw-ScheemdaOostwoldScheemda't WaarWesterlee
Buorskippen: AldedykAldesylBeersterhoogenBikkershornBoneskânsEextaEkampFinsterwolderhamrikGanzedijkGoldhoornHamdykHardenbergHongerige WolfKostverlorenKromme-ElleboogMeerlandNapelsNiesoordNieuwe StatenzijlNieuwolda-OostOostwolderhamrikOude StatenzijlScheemderzwaagSint-FitusholtSuderfeanTranendalUlsdaWynskoaterhegebrêgeWynskoatersyl
Polders: KroonpolderOostwolderpolderReiderwolderpolderStadspolder
Wetter: AldamtmarDoalertRenselPekel ATsjammeWesterwâldske AaWynskoaterdjip
wizigje