By in bloedtransfúzje wurdt bloed fan in bloeddonor, yn de ieren fan in pasjint dy't dit bloed nedich hat fanwege slimme bloedearmoede troch bygelyks bloedferlies of troch in probleem mei de bloedoanmaak. De earste súksesfolle bloedtransfúzje by de minske waard yn 1818 útfierd troch de Britske dokter James Blundell.

Bloedôfname foar transfúzje

Kompatibiliteit bewurkje seksje

In bloedtransfúzje is allinnich mooglik as ûntfanger en donor deselde of in útwikselbere bloedgroep hawwe, omdat oars gefaarlike ôfwarreaksjes optrede kinne. Foarôfgeand oan de bloedtransfúzje wurdt dêrom ek altiten in kompatibiliteitsûndersyk dien.[1] Dit ûndersyk bestiet út:

  • Bepaling fan de AB0-bloedgroep en Resus D faktor fan de ûntfanger en fan de donor. Bloedgroep AB0 en Resus D faktor binne de meast immunogene bloedgroepen en moatte dêrom ûndersocht wurde.
  • Antystof screening: searum fan de ûntfanger wurdt ûndersocht op irregulêre antystoffen.
  • Yn alle gefallen útsein by daliks libbensbedriigjende spoed wurdt der ek noch in krúsproef útfierd tusken it searum fan de ûntfanger en de reade bloedsellen fan de donor. Hjirby wurde reade bloedsellen fan de donor ynkubearre mei searum fan de ûntfanger. Treedt by dizze krúsproef gearklûntsjen op (troch oanwêzichheid fan antystoffen) dan is transfúzje mei dat bloed net mooglik. Der wurdt dan in nije sek bloed útkeazen foar it ynsetten fan in nije krúsproef. Pas as der gjin gearklûntering is tusken it searum fan de ûntfanger en de reade bloedsellen fan de donor kin it bloed oan de pasjint jûn wurde foar transfúzje.
  • As der in de antystof screening of yn de krúsproef positive reaksjes optrede dan moatte der fierdere ûndersiken útfierd wurde.

Untfangen fan bloed bewurkje seksje

 
Glês brûkt yn âlde metoade fan bloedtransfúzje.

Omdat der in soad ferskillende, ûnderling net ferienbere bloedgroepen besteane, is it net mooglik om fan eltsenien te ûntfangen. Oer it generaal jildt: wa't in bepaalde faktor net hat, mei gjin bloed ûntfange dêr't dy faktor yn oanwêzich is. As dat wol bart kin immen in ôfwarreaksje krije op de "frjemde" dieltsjes dy't hommels yn it lichem sitte. Bloedgroep 0 Resus D negatyf (0-) wurdt sjoen as de universele donor, dit bloed kin oan elke ûntfanger jûn wurde. Bloedgroep AB Resus D posityf (AB+) wurdt sjoen as universele ûntfanger, dizze persoan kin bloed fan elkenien ûntfange. Der binne noch folle mear bloedgroepen, mar dy binne foar de deistige praktyk fan de bloedtransfúzje minder fan belang. Yn haastsituaasjes wurdt der altiten bloedgroep 0- jûn. Yn de ûndersteande tabel is te sjen hokker bloedtransfúzjes mooglik binne. In '+' jout oan dat de bloedtransfúzje mooglik is, in '-' jout oan dat dizze net mooglik is. Fan boppen nei ûnderen is te sjen hokker bloedgroep ûntfongen wurde kin en f.l.n.r. is hokker bloedgroep donearre wurde kin.

Bloedtype ffan de 'ûntfanger'
A+ A- B+ B- AB+ AB- 0+ 0-
A+ + - - - + - - -
A- + + - - + + - -
B+ - - + - + - - -
B- - - + + + + - -
AB+ - - - - + - - -
AB- - - - - + + - -
0+ + - + - + - + -
0- + + + + + + + +

Risiko’s fan in bloedtransfúzje bewurkje seksje

Bloed kin syktekimen befetsje en dizze kinne by in bloedtransffúzje oerdroegen wurde fan de donor op de ûntfanger. Yn Nederlân wurdt der mei tige avansearre systemen wurke om de kâns op oerdracht fan sykten troch in bloedtransfúzje sa lyts mooglik te hâlden. Slimme syktes dy't troch in transfúzje oerbrocht wurde kinne binne ûnder oaren: HIV/aids, syfilis, hepatitis B en oare foarmen fan firale hepatitis, en malaria. Dêrom wurde bloeddonors sekuer neisjoen op syktes. Omdat by guon besmettingen, bygelyks mei HIV/aids, it wiken oant moannen duorje kin eardat de sykte him oppenearret (ynkubaasjetiid), mar der dan al wol kâns op skypjen fan de sykte troch transfúzje is, wurdt it bloed fan nije donoren earst in lang skoft opslein. Earst at in nije analyse fan it donorbloed útwiist dat de donor net mei it HIV-firus besmet wie, wurde de bloedsekken frijjûn foar donaasje. Yn de measte lannen wurde minsken mei in dúdlik hegere kâns op besmetting al net as donor akseptearre.

Mei om dizzze risiko's wurdt by alle yngrepen besocht bloedferlies te mijen of te beheinen om foar te kommen dat bloedtransfúzje nedich is. Om dit doel te berikken wurde techniken sa as "cell-saver"[2] of "hemodilúsje" tapast.[3]

Bloedkomponinten bewurkje seksje

Earder waard der bloedtransfúzje jûn mei folbloed. Dit betsjutte dat it folsleine bloed dat fan de donor kaam oan de pasjint jûn waard. Folbloedtransfúzjes kinne slimme bywurkings hawwe en wurde dêrom yn Nederlân net mear dien. As der no sprake is fan in bloedtransfúzje wurde der allinnich reade bloedsellen (PC, 'Packed Cells', RBC) jûn. Dizze reade bloedsellen wurde krigen troch folbloed te sintrifugearjen wêrtroch 't der skieding fan de ferskillende komponinten fan bloed ûntstiet, lykas reade bloedsellen en plasma. Reade bloedsellen (erytrosyten, packed cells) wurde jûn by bloedearmoede, by grut bloedferlies en foar, by en nei operaasjes. Oare produkten dy't út donorbloed wûn wurde binne ûnder oare bloedplaatsjes en plasma. Bloedplaatsjes wurde jûn wannear't de pasjint in tekoart oan bloedplaatsjes hat, wêrtroch't problemen yn de bloedstjurring ûntsteane. Omdat soksoarte transfúzje mei bloedplaatsjes mar inkele dagen effekt hat wurdt dit allinnich dien as der útsjoch op herstel fan de normale situaasje is by de pasjint. Plasma wurdt jûn by grutte bliedings yn kombinaasje mei reade bloedsellen en by terapeutyske plasmafereze.

Alternativen foar bloedtransfúzjes bewurkje seksje

Der binne ek alternativen foar transfúzjes fan donorbloed:

  • Foar it oanfollen fan bloedplasma, dat by in blieding ferlern gien is, wurdt al tsientallen jierren saneamde kristalloïden of kolloïden, beide grutmolekulêre floeistoffen jûn.
  • Foar it soerstoftransport kin in PFC-emulsy (perfluorkarbonferbining) ynspuite wurde.
  • By "autotransfúzje" wurdt in skoftke foar de operaasje bloed ôfnomd fan de pasjint, sadat dit letter eventueel tatsjinne wurde kin.
  • Op termyn soe Fluosol brûkt wurde kinne as folslein alternatyf, in 'keunstbloed' dêr't de minsk 72 oere mei oerlibje kin. Dit lêste produkt is noch altiten sterk yn ûntwikkeling en kin de hjoeddeiske bloedprodukten (noch) net ferfange.
 
Plestik sekje mei erytrosytenkonsintraat (RBC).

Ferskaat bewurkje seksje

  • William P. Murphy Jr. ferbettere it ûntwerp fan de bloedsek, brûkt by bloedtransfúzjes.
  • Jehova's tsjûgen en Christadelphians akseptearje út leauwensoerwegings gjin bloedtransfúzje of transfúzje fan bepaalde bloedkomponinten. As in Jehova's tsjûge sa'n medyske behanneling dochs akseptearret en dêrfan gjin berou hat, wurdt de persoan útsletten.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Minsken freegje artsen soms as foarsoarch harren bloedgroep bepale te litten, foar it gefal se ea in transfúzje nedich hawwe soene. Dit is eigentlik ûnnut, omdat it jaan fan ferkearde transfúzje slimme gefolgen hawwe kin en sels ta de dea fan de pasjint liede kin, wurdt yn westerse lannen altiten foarôfgeand oan elke bloedtransfúzje de bloedgroep fan de pasjint bepaald en de bloedgroep fan it pûdsje bloed. Boppedat wurdt de krúsproef dien om oare, seldsumere foarmen fan ûnferienichberens op te spoaren. Sokke analyzes wurde dien yn it Klinysk gemysk laboratoarium fan it sikehûs. Meidielings fan de pasjint oer syn of har bloedgroep wurde net brûkt om in bloedtransfúzje út te fieren.
  2. By de "cell-saver" metoade wyrdt by de operaasje bloed weromwûn út in wûn of lichemsholte. It wurdt wosken en filtere en dêrnei, somtiids oan ienen wei, oan de pasjint weromjûn.
  3. By "hemodilúsje" wurdt oan it begjin fan de operaasje bloed omlaat nei pûden en ferfongen troch in bloedfrij ferfangingsmiddel. Sadwaande is it bloed yn it lichem fan de pasjint yn de operaasje fertinne sadat it minder reade bloedsellen hat. Oan de ein fan de operaasje, of earder as dat nedich is, kriget de pasjint syn opheinde bloed werom.