It blok is ien ûnderdiel fan de sport follybal. Om it de tsjinstander dreger te meitsjen om mei in oanfal te skoaren, springe ien, twa of soms trije spilers tagelyk en njonken mekoar op mei strekte earms en hannen oan it net. De keunst is om op it goede stuit en krekt tagelyk te springen en fansels op it plak dêr't de bal slein wurdt.

It blok, besteande út trije spylsters

Blokkearjen kin oanfallend wêze, dêr't de bal fuort werom giet nei it fjild fan de tsjinpartij, of ferdigenjend, dêr't de bal safolle mooglik by ophâlden wurdt sa't dy troch in teamgenoat makliker spile wurde kin. Yn beide gefallen mei it blok de bal oanreitsje sûnder dat it balkontakt meitelt as ien fan maksimaal trije mominten fan balkontakt. De útsûndering is at de bal troch it blok bûten it fjild telâne komt, dan is it punt foar de tsjinstander.