Boarch Hochosterwitz

De Boarch Hochosterwitz is in kastiel út de lette midsiuwen yn de Eastenrykske gemeente Sankt Georgen am Längsee, likernôch 8 kilometer eastlik fan de stêd Sankt Veit an der Glan. It kastiel leit op in 175 meter hege dolomytrots.

Hochosterwitz

Skiednis bewurkje seksje

 
De boarch yn 1860

De berch dêr't de boarch op stiet waard al yn de brûnstiid bewenne. Nei alle gedachten lei der doe al in fêsting op de berch. Osterwitz (Alpenslavysk: Astarwizza - Skerpe berch) waard foar it earst yn 860 neamd. Wannear't it earste fort boud waard is ûnbekend, mar yn 1200 wurdt der foar it earst tynge fan dien. Oant it midden fan de 12e iuw wie it yn besit fan it aartsbisdom Salzburg, doe't de aartsbiskop as geunst foar de stipe oan de machtsstriid tusken de Roomsk-Dútske keizer en de paus fan Rome it kastiel as lien oerdroech oan de schencken fan Osterwitz. Yn de 15e iuw waard Georg fan Osterwitz, troch de Turken finzen nommen. Hy ferstoar yn 1476 yn de finzenis sûnder neiteam. De lêste fan de famylje wie Hans Osterwitz, mar dy hie in grutte skuld útstean by de keizer en moast om dy ôf te beteljen it kastiel opjaan. Nei fjouwer iuwen gyng de boarch op 30 maaie 1478 oer yn hannen fan keizer Ferdinand I.

Yn de folgjende tritich jier rekke de boarch troch it grutte tal Turkske oanfallen slim skeind. Op 5 oktober 1509 droech keizer Maksimiliaan I it kompleks oer oan Matthäus Lang von Wellenburg, yn dy tiid noch biskop fan Gurk en tsien jier letter de prins-biskop fan Salzburg, dy't it kompleks renovearje liet. De boarch waard yn 1541 as pân oerdroegen oan Georg von Khevenhüller, dy't it yn 1571 kocht. Sûnt dy tiid bleau de boarch sûnder ûnderbrekkings yn it besit fan deselde famylje. Khevenhüller liet de boarch fan 1570 oant 1583 yn syn hjoeddeiske oansjen útbouwe.

Beskriuwing bewurkje seksje

De wei nei de boarch giet omheech mei ferskate bochten oer in rotseftige omjouwing troch fjirtjin grutte poarten, itjinge it tige dreech makke de boarch yn te nimmen. De wei giet oer ravinen en djippe kleauwen, út en troch by útbeitele stikken rots lâns oant de wei by it kastiel komt. In twadde tagong, de Narrensteig, giet oer de steile westlike helling en is foar in part yn de rots úthoud. Dy tagong waard ûnder mei in ferdigeningsmuorre en net mear besteande oanbousels ôfsletten. Alle twa tagongen bestienen neffens in 13e-iuwske kronyk al fan ôf it iere begjin.

Neffens in oarkonde út 1388 bestie de boarch doe út in rjochthoekige ferdigeningstoer mei dêr op oansletten it paleis, in kapel en muorren mei kantelen en sjitgatten yn in tiid doe't de krúsbôge noch it wichtichste wapen wie. De kearn fan dit kompleks is in selsstannich bouwurk mei âldere ferdigeningswurken. De arsjitektuer fan de fan ferskate stiensoarten boude poarten binne it neamen wurdich. De gebouwen fan de kearnboarch omfiemje in binnenhôf, dat troch in restauraasjebedriuw brûkt wurdt. Yn de gebouwen is it Burgmuseum ûnderbrocht mei skilderijen, dokuminten en oare saken oer de skiednis fan de famylje Khevenhüller. Yn de kelders is njonken in útstalling fan fotografy in kontroversjeel stânbyld fan Margareta fan Tirol te sjen.

De tagong fan de oan de hillige Nikolaas wijde boarchkapel is yn de binnenhôf. Boppe it rûnbôgige portaal is in skilderij in fan de patroanhillige oanbrocht. It barokke alter yn de tsjerke toant de Hillige Famylje.

Yn de smidterij oan de bûtenkant fan de boarch wurde histoaryske wapens en harnassen makke en restaurearre. Dêrnjonken leit in systerne foar de opfang fan reinwetter.

Boarchtsjerke bewurkje seksje

It paad nei de oan Jehannes Nepomuk wijde boarchtsjerke giet troch ien fan de poarten oer in smel paad. De tsjerke wurdt altiten al troch de befolking brûkt. It portaal waard yn Itaalje makke en is û.o. fersierd mei de bústes fan de Tolve Apostels en Kristus. It heechalter is barok en toant de patroanhillige fan de tsjerke.

Om't yn dy tiid de katolike parochy fan Villach de bysetting fan de protestantske frijhear fan Khevenhüller yn harren domtsjerke wegere, is de Jehannes Nepomyktsjerke sûnt 1607 de grêftsjerke fan de famylje,

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Burg Hochosterwitz