Boazum is in doarp yn it súdeasten de gemeente Súdwest-Fryslân, net fier fan De Swette.

Boazum
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest Fryslân
Sifers
Ynwennertal 420 (2022) [1]
Oerflak 7,79 km²
lân: 7,64 km²
wetter: 0,15 km²
Befolkingsticht. 55 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 05' N 5° 41' E
Offisjele webside
Side fan Boazum
Kaart
Boazum (Fryslân)
Boazum

Op it doarpsgebiet fan Boazum lizze ek de buorskipkes Yndyk, Bongier en Makkum. De buorskip Klaeiterp gyng yn 1983 fan Boazum nei Wiuwert.

Skiednis bewurkje seksje

Boazum ûntstie op de terpen Hoekens en Boazum, dy't oer in wetterrin in ferbining hiene mei de Middelsee. It doarp hat him letter ek bûten it terpgebiet útwreide.

Oare nammen fan Boazum wiene 'Bosingum' (1260), 'Bozinghim' (1395), 'Bosum' (1427), 'Bozigum' (1482) en 'Boeszum' (1505). De plaknamme soe tsjutte op it wenstee (um) fan de Boazinga's. Somtiden wurdt ek sein dat 'bozing' ferwiist it Aldfryske wurd 'bôs' (kowestâl), dus it wenjen by in kowestâl, mar dat is tige ûnwis.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Boazum diel út fan de gemeente Baarderadiel. Sûnt 1984 lei Boazum yn Littenseradiel, nei de lêste gemeentlike weryndieling kaam it doarp yn 2018 by de gemeente Súdwest-Fryslân.

Gebouwen bewurkje seksje

 
Herfoarme evangelisaasjegebou

Rike famyljes lykas de Wiarda's, Walta's en Gerbrandy's wennen yn Boazum, yn steatlike rintenierswenningen. Harren huzen siere noch altiten it doarp.

Tsjerken
  De Wikipedy hat ek in side Sint-Martinustsjerke (Boazum).

De éardere herfoarme Sint-Martinustsjerke fan Boazum is ien fan de wichtichste en âldste romaanske tsjerkegebouwen yn Fryslân út de 12e iuw. By de restauraasje yn 1941 waard yn it ferwulft fan it koer in skildering fan in burdleaze Kristus ûntdekt, de saneamde 'Majestas Domini'. De tsjerke is ien fan de gebouwen fan de PKN-gemeente 'De Slachsang.

De rjochtsinnige herfoarmen lieten yn 1880 in evangelisaasjegebou oan de Waltawei bouwe. It gebou bleau bewarre nei't de ferhâldings tusken de frijsinnige en rjochtsinnige herfoarmen better waarden en docht tsjintwurdich as wenhûs tsjinst.

Boazum hie sûnt in grifformearde tsjerke oan It Heech. De grifformearde tsjerke waard sûnt 1992 net mear brûkt en is neitiid ôfbrutsen. It Bakker & Timmenga-oargel ferhûze nei de herfoarme tsjerke fan Elst.

Kafee
 
Kafee-doarpshûs 'De Boazumer Mjitte'

It kafee "De Boazumer Mjitte" is ien fan de grutste herbergen út de gemeente (anno 1875) mei in grutte boppeseal.

 
De Wylgen
De Wylgen

'De Wylgen' is in wenhûs oan de Waltawei dat brûkt waard as fakânsjewente foar húshâldingen mei immen mei in beheining. Dy wente wie troch frou Gezina H. Volkers silger skonken oan it Prinses Beatrix Fûns, mar wurdt no brûkt as partikulier hûs.

Mienskip bewurkje seksje

Kafee 'De Boazumer Mjitte' is tagelyk it doarpshûs. Tn 1993 is in steatlike gebou mei help fan it hiele doarp renovearre. Tsienris yn 't jier ferskynt it doarpskrantsje de "Doarpsskille" mei in earder in soad histoaryske artikels. Doarpsbelang ûnderhâld yn Boazum ek de boarterstún. Alle jierren wurdt op de earste sneon fan oktober yn Boazum in tintefeest organisearre, dat bekend stiet ûnder 'De Nacht fan Boazum'.

Skoalle bewurkje seksje

 
Basisskoalle
  • Basisskoalle 'De Bûtensprong' (webstee)

Ferienings bewurkje seksje

  • Keatsferiening
  • De Harmonie - toaniel
  • Fûgelwacht
  • Lyts Begjin, Kromme Keu en De Trekkertjes - biljerten
  • Stifting 'de Nacht fan Boazum'
  • Folksdûns en Fluitclub
  • Oan 'e râne - darts
  • KF Boazum - keatsen

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2013 2022
Ynwenners 566 507 493 443 444 420 420

Berne bewurkje seksje

Bekende ynwenners bewurkje seksje

In ferneamde Boazumer wie Eelko Alta (1723-1798). Hy wie dûmny en pionier op it mêd fan it ynintsjen fan fee. Syn wurk Philosophische Bedenkingen over de Conjunctie van de Planeten Jupiter, Mars, Venus, Mercurius en de Maan. Op den Agtsten May 1774. staande te gebeuren, en wel over de Mogelyke en Waarschynelyke Sterre en Natuurkundige Gevolgen deezer Conjunctie (1774) waard lang sjoen as de reden foar Eise Eisinga om yn itselde jier syn planetarium te bouwen, mar ûndersyk hat dêr in oar ljocht op smiten.[2]

Yn Boazum wennet Henk Kroes, âld-foarsitter fan de feriening "De Friesche Elf Steden" en It Fryske Gea.

Boazumer mjitte bewurkje seksje

 
gevelstien Boazumer mjitte

Boazum hie eartiids in eigen lingtemjitte dy't wat langer wie as wenst. Tsjintwurdich wurdt de Boazumer mjitte allinne noch brûkt foar in buorrel. In 'buorrel mei in Boazumer mjitte' betsjut in royale buorrel, ien mei in kopke der op. Dit yn tsjinstelling mei de sunige Mantgumer mjitte, dan wurdt der wat minder getten as der yn it gleske kin.

Ferskaat bewurkje seksje

  • Noardeastlik fan it doarp, likernôch ien kilometer eastlik fan de buorskip Yndyk, stiet de Amerikaanske wynmotor Klaeiterpstermole.
  • Der rydt alle oeren in bus (fan Ljouwert nei Snits dy't stopt by de halte Yndyk, ûngefear ien kilometer fan it doarp.

Strjitten bewurkje seksje

 
Waltawei mei kafee

Altaplein, Blaukeesje, Bongier, De Havens, De Kamp, De Pôle, De Trochsnijing, Dokter Miedemastrjitte, Flearen, Hegedyk, It Heech, It Oerd, Makkum, Singel, Slachtedyk, Suderdyk, Sylsterdyk, Tanialeane, Tryntsjebuorren, Tsjerkebuorren, Waltawei, Yndyk.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Alle Cijfers
  2. Huib J. Zuidervaart, Speculatie, wetenschap en vernuft. Fysica en astronomie volgens Wytze Foppes Dongjuma (1707-1778), instrumentmaker te Leeuwarden (Ljouwert: Fryske Akademy, 1995).
 
Súdwest-Fryslân
 
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
wizigje