Bob Hawke (folút: Robert James Lee Hawke; Bordertown, 9 desimber 1929Northbridge, 16 maaie 2019) wie in Australysk politikus, dy't fan 1983 oant 1991 premier fan Austraalje wie. Hy studearre û.m. oan 'e Universiteit fan Oxford en begûn syn karriêre yn 1957 as ûndersiker foar de Australyske Ried fan Fakbûnen (ACTU), dêr't er yn 1969 foarsitter fan waard. Yn 1980 waard er yn it Australyske Hûs fan Offurdigen keazen foar de Australyske Arbeiderspartij (ALP), en yn 1983 klom er op ta it premierskip. Hawke wûn yn 1984, 1987 en 1990 de Australyske ferkiezings. As premier herfoarme er de syktekostefersekering en it pinsjoenstelsel, deregulearre er de finansjele sektor en fierde er de Australia Act troch, dy't Austraalje einlings en te'n lêsten bestjoerlik hielendal losmakke fan it Feriene Keninkryk. Ek yntrodusearre er Advance Australia Fair as offisjeel folksliet en wied er ien fan 'e grûnlizzers fan 'e APEC. Yn 1991 ferlear er it liederskip fan 'e Arbeiderspartij oan Paul Keating, wêrnei't er him yn 1992 út 'e aktive polityk weromloek.

Bob Hawke
politikus
echte namme Robert James Lee Hawke
nasjonaliteit Australysk
bertedatum 9 desimber 1929
berteplak Bordertown (Súd-Austraalje)
stjerdatum 16 maaie 2019
stjerplak Northbridge (Nij-Súd-Wales)
etnisiteit Kornysk
partij Australyske Arbeiderspartij
premier fan Austraalje
amtsperioade 19831991
foargonger Malcolm Fraser
opfolger Paul Keating
fraksjefoarsitter ("lieder") fan 'e
Australyske Arbeiderspartij (ALP)
amtsperioade 19831991
foargonger Bill Hayden
opfolger Paul Keating
lid fan it Parlemint fan Austraalje
foar it kiesdistrikt Wills
amtsperioade 19801992
foargonger Gordon Bryant
opfolger Phil Cleary
nasjonaal foarsitter fan 'e
Australyske Arbeiderspartij (ALP)
amtsperioade 19731980
foargonger Tom Burns
opfolger Neville Wran
foarsitter fan 'e
Australyske Ried fan Fakbûnen (ACTU)
amtsperioade 19691980
foargonger Percy Clarey
opfolger Cliff Dolan

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Hawke waard yn 1929 berne yn Bordertown, yn 'e Australyske steat Súd-Austraalje, as it twadde bern yn 'e húshâlding fan Arthur "Clem" Hawke (1898-1989), in kongregasjonalistysk predikant út in fan oarsprong Kornyske famylje, en dy syn frou Edith Emily "Ellie" Lee (1897-1979), in skoaljuffer. Hawke syn omke, Albert Hawke, wie fan 1953 oant 1959 premier fan West-Austraalje. Hawke syn âldere broer, Neil (1922-1939), kaam mei santjin jier te ferstjerren oan harsensfluesûntstekking, dêr't doedestiden gjin genêzing foar bestie. Neitiid ûntjoech syn mem in suver messiaansk leauwe dat har oare soan foarbestimd wie om it fier te bringen yn it libben, eat dat Hawke syn jonkheid en opfieding sterk beynfloede.

Hawke groeide op yn 'e Australyske steat West-Austraalje, dêr't syn âldelju koart nei syn berte hinne ferfearn wiene. Hy genoat fuortset ûnderwiis oan 'e Perth Modern School yn Perth. Yn 1946, doe't er santjin jier wie en deselde leeftyd hie as syn broer Neil doe't dy stoar, krige Hawke in slim ûngemak mei in motorfyts. Hy lei ferskate dagen yn kritike tastân yn it sikehûs en helle it by de dea om 't ôf. Dat op in hier nei fatale barren soarge derfoar dat er neitiid dreaun wie om syn talinten ta it uterste te brûken en alles út it libben te heljen. Yn 1947, doe't er achttjin jier wie, waard er lid fan 'e Australyske Arbeiderspartij (Australian Labor Party, ALP). Hy folge in stúdzje rjochten oan 'e Universiteit fan West-Austraalje en studearre yn 1952 mei goed gefolch ôf. It jiers dêrop wûn er in Rhodesbeurs om fierder te learen oan 'e Universiteit fan Oxford, yn Ingelân. Hy studearre dêr filosofy, politikology en ekonomy (PPE), mar ûntdiek al rillegau dat er de learstof foar in grut part al earder hân hie. Dêrom wiksele er fan oplieding en sette ynstee útein mei in stúdzje Ingelske taal- en letterkunde. Dêrfoar behelle er yn jannewaris 1956 in bachelortitel.

 
De buste fan Bob Hawke yn 'e 'Premiersleane' yn 'e Botanyske Tún fan Ballarat.

Werom yn Austraalje naam Hawke in stúdzjebeurs oan om oan 'e Australyske Nasjonale Universiteit (ANU) yn Canberra fierder te learen foar in doktoraat. Koart nei't er him dêr as studint ynskriuwe litten hie, waard er as fertsjintwurdiger fan it studintekorps opnommen yn 'e Universiteitsried. Yn 1957 kaam der by de Australyske Ried fan Fakbûnen (Australian Council of Trade Unions, ACTU) in posysje frij as ûndersiker dy't earder ferfolle wie troch Harold Stouter. Dyselde wie lykwols sekretaris fan 'e ACTU wurden. Hawke syn mentor oan 'e Australyske Nasjonale Universiteit, heechlearaar H.P. Brown, dy't it fakbûn al ferskate jierren bystie as saakkundige op it mêd fan ynkommensferbettering, rette doe Hawke oan om 'e frijkommen funksje te ferfoljen. Doe't him de baan oanbean waard, besleat Hawke om syn doktoraalstúdzje deroan te jaan, en ferhuze er mei syn frou nei Melbourne, dêr't it haadkantoar fan 'e ACTU fêstige wie.

Karriêre by it fakbûn bewurkje seksje

Inkele jierren nei't er by de ACTU kommen wie te wurkjen, krige Hawke de ferantwurdelikheid om it stânpunt fan it fakbûn te ferdigenjen foar de jierlikse kommisje fan 'e oerheid oer dy't foech hie oer de ferheging fan 'e leanen. De foarrige fertsjintwurdiger fan it fakbûn, R.L. Eggleston, wist yn 1958 mar in leansferheging fan fiif shilling de wike los te krijen, mar doe't Hawke it fakbûn yn 1959 foar it earst fertsjintwurdige, wist er foarinoar te krijen dat de leanen dat jiers mei fyftjin shilling omheech giene. Dat waard beskôge as in grutte oerwinning foar it fakbûn en foar Hawke persoanlik. Neitiid behelle er sa'n súkses en krige er dêrtroch sa'n bekendheid binnen de fakbeweging, dat er yn 1969 oantrune waard om him ferkiesber te stellen foar it foarsitterskip fan 'e ACTU, ek al hied er nea earder in bestjoerlike funksje hân. Hy waard keazen mei in frij krappe mearderheid fan 399 tsjin 350 stimmen, wêrby't syn stipe benammen út 'e lofterhoeke fan 'e fakbûnen kaam, û.m. fan guon groepen dy't bannen hiene mei de Kommunistyske Partij fan Austraalje (CPA).

 
Bob Hawke koart nei syn ferkiezing as foarsitter fan 'e ACTU.

Nettsjinsteande dat, of miskien wol dêrom, naam Hawke doe't er ien kear foarsitter wie, ôfstân fan 'e lofterfleugel fan 'e ACTU, en syn belied yn ferhâlding ta it Australyske regear wie pragmatysk ynstee fan ideologysk. Hy toande him in oanhinger fan 'e steat Israel, wat nei't it skynt late ta (nea yn 'e praktyk brochte) plannen fan it Folksfront foar de Befrijing fan Palestina om him út 'e wei te romjen. Yn 1971 besocht Hawke, as foarsitter fan 'e ACTU, omreden fan 'e Apartheid yn Austraalje in boycot fan 'e grûn te krijen tsjin it besykjende Súdafrikaanske rugbyteam. Dat slagge net, om't de fakbûnen fan horekapersoneel en fan meiwurkers fan it iepenbier ferfier wegeren mei te dwaan. Hoewol't Hawke driichbrieven en haatlike tillefoantsjes krige fan folk dat miende dat sport en polityk neat mei-inoar te krijen hiene, hold er fêst oan syn miening. Letter datselde jier koe in besyk fan it Súdafrikaanske cricketteam oan Austraalje net trochgean om't de ACTU doe wol in unanime boycot útrôp. Fan dat stuit ôf oant it ôfskaffen fan 'e Apartheid sette der nea wer in Súdafrikaanske sportteam foet op Australyske boaiem, in feit dêr't Nelson Mandela Hawke letter foar betanke.

Hawke wie in kundich ûnderhanneler en hy hie net inkeld it respekt fan syn eigen efterban en de wurkjouwers, mar omreden fan syn garismatyske persoanlikheid mocht hast eltsenien him wier lije. Yn 1972 giene der al geroften dat er de polityk yn gean soe. Yn 1973 waard er nasjonaal foarsitter fan 'e Australyske Arbeiderspartij, in funksje dy't er kombinearre mei syn foarsitterskip fan 'e ACTU. Twa foltiids banen en in alkoholferslaving namen fan him mear as dat er oankoe, mei as gefolch dat er yn 1979 fysyk ynstoarte. Yn dyselde snuorje rekke er ek noch by de frou wei. Neitiid joech er syn ferslaving op 'e tillefyzje ta yn in fraachpetear en seid er ta te besykjen om syn problemen te oerwinnen, wat him úteinlik slagge. Syn populariteit waard troch dat alles noch grutter as earder.

Karriêre yn 'e polityk bewurkje seksje

As parlemintslid bewurkje seksje

Hawke stelde him foar it earst ferkiesber foar in sit yn it Australyske Hûs fan Offurdigen by de federale ferkiezings fan 1963, foar it kiesdistrikt Corio, yn 'e steat Fiktoaria. Hy wist der yn ferhâlding mei eardere ferkiezings tsjin 'e lanlike trend yn 3,1% by te winnen foar de Australyske Arbeiderspartij (ALP), mar dat wie net genôch om it sittende liberale parlemintslid Hubert Opperman te ferslaan. Yn 'e 1970-er jierren liet Hawke ferskate kânsen om it nochris yn 'e polityk te prebearjen oan him foarby gean, eat dêr't er yn guon gefallen letter spyt fan krige. Uteinlik stelde er him foar de federale ferkiezings fan 1980 kandidaat foar it Hûs fan Offurdigen foar it kiesdistrikt Wills, yn Melbourne. Diskear wûn er it mei in romme mearderheid. Fuort nei de ferkiezings waard er as skaadminister fan Yndustriële Ferhâldings opnommen yn it skaadkabinet fan opposysjelieder Bill Hayden, de fraksjefoarsitter fan 'e ALP yn it Hûs fan Offurdigen.

 
Bob Hawke jout in taspraak op 'e Dei fan de Arbeid 1980.

Hayden stie yn dy tiid bleat oan oanboazjende krityk om't de ALP ûnder syn lieding de ferkiezings fan 1980 ferlern hie. Besykjend om syn gryp op 'e partij te ferstevigjen, skreau er foar 16 july 1982 in liederskipsferkiezing út binnen de ALP-fraksje yn it Hûs fan Offurdigen. Hawke stelde himsels dêrop ek kandidaat foar it liederskip, mar waard troch Hayden mei in lytse marzje ferslein. Nettsjinsteande dat gie Hawke efter de skermen troch mei yntriizjes tsjin Hayden, mei't út opinypeilings bliek dat hysels folle populêrder wie ûnder de Australyske befolking as Hayden of premier Malcolm Fraser fan 'e Liberale Partij fan Austraalje (LPA). Troch in ûnferwachts ferlies fan 'e ALP by in tuskentiidske ferkiezing yn it kiesdistrikt Flinders kaam Hayden noch mear ûnder druk te stean en rûnen promininte en machtige leden fan 'e ALP, lykas Graham Richardson en Barrie Unsworth, oer nei it kamp fan Hawke. De defeksje fan John Button, de fraksjefoarsitter fan 'e ALP yn 'e Australyske Senaat, joech foar Hayden úteinlik de trochslach, en op 3 febrewaris 1983 makke er syn ûntslach as fraksjefoarsitter yn it Hûs fan Offurdigen bekend.

Om't er by de dêrnei holden liederskipsferkiezings de iennichste kandidaat wie, folge Hawke Hayden op as fraksjefoarsitter fan 'e ALP yn it Hûs. Underwilens hie premier Fraser yn 't foar lucht krigen fan 'e machtswiksel by de ALP, en besykjend om dêr gebrûk fan te meitsjen, rôp er betidere federale ferkiezings út op deselde deis dat Hayden syn ûntslach bekend makke. It wie syn bedoeling om 'e ferkiezings te hâlden foar't de ALP yntern de saken wer op oarder hie, mar dêr stiek de gûverneur-generaal fan Austraalje in stokje foar om't der regels wiene foar hoefolle tiid oft der minimaal sitte moast tusken it oankundigjen en it hâlden fan ferkiezings. De federale ferkiezings fan 1983 waarden sadwaande holden op 5 maart, doe't Hawke by de ALP fêst yn it seal siet. Fan gefolgen brocht er de LPA fan Fraser in swiere nederlaach ta, wêrby't er in mearderheid yn it Hûs fan Offurdigen behelle fan 24 sitten.

 
Premier Hawke (rj.) presintearret yn april 1983 in symboalyske sjek (mei federale stipe) oan John Bannon, de premier fan Súd-Austraalje, om 'e skea te fergoedzjen dy't oanrjochte is troch Boskbrannen fan Jiskewoansdei.

As premier: belied bewurkje seksje

Op 11 maart 1983 lei Hawke de eed ôf as de 23e premier fan Austraalje. Fuort dêrnei ûntdiek er dat Malcolm Fraser ferburgen holden hie dat der in grut gat yn 'e begrutting siet. Dat betsjutte dat de herfoarmings dy't de ALP fan doel west hie troch te fieren, útsteld wurde moasten om't Hawke fûn dat earst de begrutting op oarder moast. Pas dêrnei koe der herfoarme wurde.

Op ekonomysk mêd wiene Hawke syn deregulaasje fan 'e finansjele sektor en loskeppeljen fan 'e Australyske dollar fan 'e koerts fan oare muntienheden de wichtichste besluten út it hiele desennium fan 'e 1980-er jierren. It gefolch dêrfan wie dat de Australyske ekonomy oansjenlik mear yntegrearre rekke mei de wrâldekonomy, wat wer soarge foar in folslein oare hannelsrelaasje mei Aazje, Jeropa en de Feriene Steaten. Yn nauwe gearwurking mei syn minister fan Finânsjes Paul Keating ûntmantele Hawke fierders it systeem fan ymporttariven, beëinige er de subsidiëarring fan ferliesjaande sektoaren, en privatisearre er steatsbedriuwen as de Commonwealth Bank of Australia, telekombedriuw Aussat (no Optus), loftfeartmaatskippij Qantas en farmaseutysk bedriuw CSL Limited. Ek fierde syn regear in belestingherfoarming troch dy't it bedriuwslibben swierder belêste en dêr't de liberale oppossysje him fûleindich tsjin oankante. Opmerklik genôch waard dy herfoarming lykwols net weromdraaid doe't de LPA úteinlik wer oan 'e macht kaam.

 
Bob Hawke (l.) by in besyk oan 'e Feriene Steaten mei de Amerikaanske presidint Ronald Reagan foar it Wite Hûs, yn novimber 1984.

Op sosjaal mêd joech it regear fan Hawke folle mear jild oan it ûnderwiis, wat û.m. late ta in grutte útwreiding yn it tal kressen en pjutteboartersplakken, wylst it persintaazje iere skoalleferlitters sterk omleech brocht waard. Fierders waard it Australysk stelsel fan syktekostefersekerings herfoarme troch de reyntroduksje fan it sikefûns Medibank ûnder de nije namme Medicare. Yn 1983 laten ûnderhannelings tusken Hawke en de fakbûnen ta it Akkoart fan Prizen en Ynkommens (PIA), wêrby't de fakbûnen taseinen har leaneasken te bedimjen, wylst it regear ûnthiet om 'e ynflaasje te minimalisearjen en it mininumlean te ferheegjen. Der waarden ek oanpassings trochfierd om it systeem fan sosjale fersekerings better funksjonearje te litten, de útjeften oan sosjale wenningbou waarden ferdûbele en de reële wearde fan pinsjoenen waard ferhege. Troch al dy herfoarmings lei it ynkommen fan gesinnen, siken, allinnichsteande âlden, widdowen, lichaamlik beheinden en feteranen ûnder it regear fan Hawke oansjenlik heger as ûnder dat fan 'e foargeande Australyske regearings.

Yn 1989 fierden Hawke en syn minister fan Underwiis John Dawkins stadichoan it kolleezjejild foar it heger ûnderwiis wer yn troch de yntroduksje fan it Higher Education Contributions Scheme (HECS). By de ynfiering moasten alle studinten A$1.800 betelje foar harren stúdzje, wylst de steat de rest bylei. De studint koe syn diel fan it bedrach ek fan 'e steat liene en de werombetelling útstelle oant syn ynkommen in beskate hichte berikt hie, wêrnei't de skuld fia de belestings foldien waard. It HECS-systeem waard troch beide grutte Australyske politike partijen akseptearre, en bestiet anno 2019 noch altyd, hoewol't der troch de jierren hinne oansjenlike feroarings yn oanbrocht binne.

Op oare mêden griep Hawke betiid yn om in epidemy fan HIV/AIDS yn Austraalje foar te kommen. Hy besocht fierders ta in akkoart te kommen mei de Australyske Aboriginals, en liet dêrta it idee foar in formeel ferdrach ûndersykje, mar dat waard letter ynhelle troch oare foarfallen, lyks de útspraak yn 'e rjochtsaak Mabo v. Queensland (No. 2), út 1992. Ek naam Hawke ferskate wichtige beslissings oangeande it miljeu. Sa liet er de oanlis fan 'e Franklin Dam yn Tasmaanje stillizze yn reäksje op 'e oanboazjende publike lulkens oer dat projekt.

 
Bob Hawke en syn earste frou Hazel by in besyk oan Moskou yn 1987.

As premier: werferkiezings bewurkje seksje

Hawke hie in protte profyt fan 'e gaos dy't yn 'e rangen fan 'e Liberale Partij fan Austraalje útbriek doe't Malcolm Fraser nei syn ferkiezingsnederlaach fan 1983 opstapte. De liberalen wiene ferdield yn twa kampen: de oanhingers fan 'e konservative John Howard en de mear liberale Andrew Peacock. Dêr fytste de aartskonservative premier fan Queenslân, Joh Bjelke-Petersen, dan nochris dwers trochhinne mei syn Joh for Canberra-kampanje, dy't de LPA slimme skea tabrocht. Hawke makke gebrûk fan 'e ferdieldheid fan syn politike tsjinstanners troch yn 1984 en jitris yn 1987 betide ferkiezings út te roppen dy't er mei oermacht wûn.

Underwilens ûntstie der geandewei oansjenlike friksje binnen Hawke syn eigen partij fanwegen wat in soad sljochtwei leden seagen as syn ferleagenjen fan it sosjalistyske gedachteguod. Ek syn berettens om gear te wurkjen mei de wurkjouwersorganisaasjes makke him by syn eigen efterban net populêrder. Dêr kaam noch by dat de resesje fan 'e ein fan 'e '80-er jierren en de hege rintepersintaazjes dy't dêrmei mank giene, Hawke syn regear yn 'e swierrichheden brochten. Paul Keating, de minister fan Finânsjes, dy't sels premier wurde woe, drige Hawke yn 1988 mei in liederskipsferkiezing binnen de ALP-fraksje yn it Hûs fan Offurdigen. Hawke reägearre dêrop troch mei Keating it saneamde Akkoart fan Kirribilli te sluten, wêrby't de beide mannen ôfpraten dat Hawke premier bliuwe soe oant nei de folgjende ferkiezings, en dat er dan yn it foardiel fan Keating ôftrede soe.

 
It kantoar fan 'e Australyske premier yn it Alde Parlemintsgebou yn Canberra, sa't it wie doe't Hawke premier wie. Hy wie de lêste premier dy't dêr residearre foar't yn 1988 it nije gebou yn gebrûk nommen waard.

Hawke wûn de federale ferkiezings fan 1990, en beneamde Keating neitiid ta fise-premier yn it plak fan Lionel Bowen. Om't Hawke gjin inkele iepenheid fan saken jaan woe oer wannear't er it premierskip oan Keating oerdrage soe, hold de frustrearre fise-premier op in stuit in provokative taspraak foar de parsegalerij fan it Australyske Parlemint oer, wêryn't er Hawke oanfoel. Hawke beskôge dat as ferrie, en joech Keating dêrop te kennen dat wat him oangie it Akkoart fan Kirribilli fan tafel wie. De spannings yn it regear boazen dêrnei fluch oan, en nei in turbulint jier tsjinne Keating yn juny 1991 syn ûntslach yn as fise-premier en minister fan Finânsjes, sadat er Hawke ta in liederskipsferkiezing binnen de ALP-fraksje yn it Hûs fan Offurdigen twinge koe. Dêrby fersloech Hawke syn rivaal lykwols mei in romme mearderheid. Hy stelde John Kerin oan as minister fan Finânsjes foar Keating yn 't plak, mar dyselde bliek al rillegau folslein ûngeskikt foar syn nije post.

Nettsjinsteande syn oerwinning op Keating waard Hawke neitiid troch in protte lju as oansketten wyld sjoen. Tsjin 'e ein fan 1991 lansearre John Hewson, de nije lieder fan 'e liberale LPA, in foarstel foar grutskalige ekonomyske herfoarmings, wêrûnder de yntroduksje fan in Australyske omsetbelesting (Goods and Services Tax), in sterke ferleging fan 'e ynkommensbelesting en rigoreuze besunigings op oerheidsútjeften. Hawke liek der folslein troch oer it mad kommen te wurden, en hie der gjin goed wjerwurd tsjin. Fan gefolgen ferlear in grut diel fan 'e ALP it fertrouwen yn him, en doe't Keating him op 19 desimber 1991 foar de twadde kear ta in liederskipsferkiezing twong, ferlear Hawke it mei 51 tsjin 56 stimmen. De oare deis hold Hawke in taspraak foar it Australysk Hûs fan Offurdigen wêryn't er û.m. úthold dat syn njoggenjierrich premierskip Austraalje ta in better lân makke hie. Oan 'e ein krige er in steande ovaasje. Hy tsjinne doe syn ûntslach as premier yn by de gûverneur-generaal, wêrnei't Paul Keating him opfolge. Hawke bleau noch in koart skoftke parlemintslid oant er ek yn dy funksje op 20 febrewaris 1992 ûntslach naam.

 
Bob Hawke yn 2012.

Lettere jierren bewurkje seksje

Nei't er him út 'e aktive polityk weromlutsen hie, beklaaide Hawke in stikmannich goedbeteljende funksjes as bestjoerder yn it bedriuwslibben, sadat er sûnder jildsoargen libje koe. Hy bemuoide him mei sin sa min mooglik mei de polityk salang't Keating premier wie, hoewol't er út en troch wol krityk levere op beslissings dêr't er it út noch yn net mei iens wie. Hawke en Keating holden in by fleagen stoarmeftige relaasje, ek doe't se allebeide al lang premier-ôf wiene. Hoewol't Hawke him yn 'e 1990-er jierren bytiden negatyf oer Keating útliet, bewearde er yn 2008 dat se harren skeel lang lyn al efter har litten hiene en dat se doe geregeldwei tegearre dinearren. Yn 2010 riet de biografy Hawke: The Prime Minister, skreaun troch Hawke syn twadde frou Blanche d'Alpuget, de âlde wûnen lykwols wer iepen. Keating reägearre op 'e útjefte fan dat boek troch in iepen brief yn 'e Australyske kranten te publisearjen wêryn't er bitter úthelle nei Hawke, en dyselde en syn frou derfan beskuldige leagens te fersprieden oer (Keating) syn rol yn it kabinet-Hawke.

Nei't Keating by de federale ferkiezings fan 1996 ferslein wie en de liberaal John Howard premier waard, begûn Hawke him wer mear mei de ALP te bemuoien. Hy ferliende syn meiwurking oan ferskate politike kampanjes, lykas, yn 't bysûnder, de kampanje fan ALP-lieder Kevin Rudd foar de federale ferkiezings fan 2007. By de ferkiezings fan 2010 stipe er Julia Gillard, en by de ferkiezings fan 2013 stipe er Rudd op 'e nij. Fierders fierde er yn 2011 kampanje foar de ALP-premier fan Nij-Súd-Wales, Kristina Keneally, dy't yn 't foar doemd wie te mislearjen.

 
Bob Hawke yn 2008 by de nasjonale ûntskuldiging oan 'e Australyske Aboriginals foar de Stellen Generaasjes.

Yn febrewaris 2008 wie Hawke yn 'e mande mei de oare âld-premiers Gough Whitlam, Malcolm Fraser en Paul Keating oanwêzich yn it Australyske Parlemintsgebou yn Canberra doe't premier Kevin Rudd út namme fan 'e Australyske steat einlings en te'n lêsten formeel syn ûntskuldigings oanbea oan 'e Australyske Aboriginals omreden fan 'e Stellen Generaasjes (fan Aboriginal-bern dy't troch de oerheid by harren âlden weihelle en oan blanke âlden jûn wiene, mei de bedoeling om 'e kulturele assimilaasje fan 'e Aboriginals flugger gean te litten).

Yn 2009 wie Hawke belutsen by de oprjochting fan it Centre for Muslim and Non-Muslim Understanding oan 'e Universiteit fan Súd-Austraalje yn Adelaide, dat bedoeld wie om yn Austraalje in ynter-religieuze dialooch tusken de islaam en it kristendom op te starten. By dy gelegenheid stelde Hawke: "ien fan 'e grutte pontinsjele gefaren dêr't de wrâld foaroer stiet, [is] it gebrek oan begryp op it mêd fan 'e moslimwrâld. Fanatisy hawwe misrepresintearre wat de islaam is. Se jouwe in falsk byld fan it wiere aard fan 'e islaam." Yn 2016 rôp Hawke it Australyske regear op om frijwillige eutanasy te legalisearjen. Yn maaie 2019 liet er noch in mienskiplike ferklearring mei syn eardere rivaal Keating útgean, wêryn't de beide âld-premiers klimaatferoaring oanwiisden as de grutste útdaging fan 'e moderne tiid.

Priveelibben bewurkje seksje

 
Bob Hawke mei syn twadde frou, Blanche d'Alpuget, yn 2007.

Hawke troude yn 1956 yn Perth mei Hazel Masterson. Hja krigen trije bern: Susan (1957), Stephen (1959), Roslyn (1960) en Robert jr. (1963), dy't koart nei de berte kaam te ferstjerren. Harren houlik wie fan it begjin ôf oan dreech en boaze meitiid oan, om't Hawke in alkoholist wie dy't allegeduerigen mei oare froulju omsloech. Nei de dea fan syn jongste soan rûn syn alkoholmisbrûk ta de spuigatten út, en yn 1979 stoarte er fysysk yn, mei om't er op dat stuit ek twa funksjes beklaaide dy't eins foltiids banen wiene. Yn dy tiid hied er in relaasje mei de skriuwster Blanche d'Alpuget, dy't syn biografy gearstalde en yn 1982 publisearre. Sy holp him troch syn drege tiid hinne, en hy ferliet syn frou foar har en wenne neitiid mei har gear yn Northbridge, in foarstêd fan Sydney. Fan dy tiid ôf wie Hawke jierrenlang fan in diel fan syn gesin ferfrjemde, oant se har yn 'e 2010-er jierren mei him fermoedsoenen. De formele skieding fan syn earste frou fûn plak yn 1994, wêrnei't er yn 1995 wertroude mei D'Alpuget.

Op it mêd fan religy wie Hawke, as soan fan in predikant, kristlik grutbrocht. Doe't er lykwols yn 1952 yn Yndia in kristlike konferinsje foar jongerein fan oer de hiele wrâld bywenne, seach er dêr, sa't er letter sels sei "al dy bern dy't yn freeslike earmoede libben, by de poarte sitten fan dat paleiseftige hotel dêr't wy ús fol sieten te fretten." Hy sei dat er ynienen "rekke [waard] troch in ûnbidich gefoel fan 'e yrrelevânsje fan godstsjinst oangeande wêr't minsken ferlet fan hawwe." Neitiid joech er syn kristlike leauwensoertsjûging op, en tsjin 'e tiid dat er yn 'e polityk gie, omskreau er himsels as in agnost. Nettsjinsteande dat hold it kristlik leauwe fan syn heit grutte ynfloed op Hawke syn dwaan en litten. Yn 2008 fertelde er yn in fraachpetear mei Andrew Denton dat syn heit him ris ferteld hie dat de bruorskip fan alle minsken logyskerwize en ûnûntstriidber folge út it heitwêzen fan God. Sels doe't er net mear religieus wie, bleau dat idee neffens Hawke in liedend tema yn syn libben.

Ferstjerren bewurkje seksje

Ein 2018 makke Hawke bekend dat syn sûnens "ferskriklike min" wie. Bob Hawke kaam op 16 maaie 2019 yn 'e âlderdom fan 89 jier thús yn Northbridge te ferstjerren. Dat wie twa dagen foar de Australyske federale ferkiezings wêrfoar't hy en Paul Keating noch tegearre kampanje fierd hiene foar de ALP.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.