Bovenrijge (mole)

De Bovenrijge is de namme fan in lytse nôt- en houtseachmûne oan it Damsterdjip by Ten Boer yn de provinsje Grinslân.

Bovenrijge
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
plak Ten Boer
adres Boltweg
bysûnderheden
type bouwurk Houtseachmûne
boujier 1903
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 9793 [1]
offisjele webside
De mûne op It Grinslânske Gea

Skiednis bewurkje seksje

De mûne waard oarspronklik yn 1903 yn it buorskip Bovenrijge tusken Thesinge en Ten Boer boud troch de boer G. van Dijk. Hy boude de mûne út nocht en foar eigen gebrûk. Oant yn de jierren 1950 fan de 20e iuw funksjonearre it mûntsje op dat plak.

Nei in tiidrek fan ferfal sakke de mûne yn 1976 yn inoar. De Feriening Freonen fan de Grinslânske Mûnen briek ta behâld de resten ôf en liet yn de jierren 1980 it mûntsje oan it Damsterdjip yn it buorskip Boltklap wer opbouwe. De mûne krige de namme fan de buorskip, dêr't er foar dy tiid stien hie.

It wjukkenkrús is mei it fokwjuksysteem en selsswichting útrist. Yn 2007 waard de mûne oernommen troch de Stifting It Grinslânske Gea.

De mûne draait, seaget en mealt op frijwillige basis.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: