It brún groukopke (Erynnis tages) is in soarte yn it skaai fan de stofwjukgroukopflinters (Erynnis).

brún groukopke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje groukopflinters (Hesperiidae)
skaai stofwjukgroukopflinters (Erynnis)
soarte
Erynnis tages
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

Foarkommen bewurkje seksje

It brune groukopke komt yn Nederlân allinnich noch foar yn Súd-Limburch. De flinters hâlde fan drûge skrale greiden en rûchten. It is in honkfêste soarte.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as slim bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.

Flinter bewurkje seksje

De wjuklingte is likernôch 13 mm. De boppekant fan de wjukken is brún mei dizige grize plakken.

Fleantiid bewurkje seksje

De flinter fljocht fan begjin maaie ôf oant ein juny. Foaral tusken 10 maaie oant 5 juny. It brune groukopke fljocht yn ien en soms yn twa generaasjes.

Rûp bewurkje seksje

De rûp kin 20 mm lang wurde. It liif is gieleftich mei grien. De rûp is bedutsen mei wite hierkes. It Brune Groukopke oerwinteret as in healwaaks rûp, yn in kokon. Nei de winter ferpopket de rûp him.

De rûp fret fan de tôchklaver, de hynstehoefklaver en de duveldrek.

Sjoch ek bewurkje seksje