De Breepleintsjerke (Breepleinkerk) is in protestantsk tsjerkegebou yn Rotterdam. De oarspronklik grifformearde tsjerke stiet tusken de Randweg en de Breeweg, dy't troch it Breeplein mei inoar ferbûn binne. De tsjerke, tsjintwurdich brûkt troch in misjonêre protestantske mienskip, is in gemeentlik monumint. Fanwegen de ûnderdûkerssouder yn 'e tsjerke bringe alle jierren tûzenen skoalbern in besite oan 'e tsjerke.[1]

Breepleintsjerke
Lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Rotterdam
adres Breeplein
koördinaten 51° 56' N 4° 28' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Libbene Wurd-gem.
Arsjitektuer
arsjitekt H. Sutterland, Rotterdam
boujier 1930-1931
monumintale status gemeentlik monumint
Webside
Side stifting Breepleintsjerke
Kaart
Breepleintsjerke (Rotterdam)
Breepleintsjerke

Sûnt 1995 wie de ek yn Fryslân bekende organist Martin Mans de organist fan de Breeveldtsjerke. Martin Mans jout regelmjittich oargelkonserten yn 'e Breepleintsjerke.

Skiednis gebou en gemeente bewurkje seksje

 
Ynterieur mei it Van Leeuwarden-oargel

De earste stien foar de grifformearde tsjerke waard op 25 oktober 1930 lein. Goed in jier letter waard it gebou op 5 novimber 1931 yn gebrûk nommen. De tsjerke krige yn 1931 in oargel fan de firma Van Leeuwen út Leiderdorp en hat plak foar 800 minsken.

Nei it sluten (1980) en ôfbrekken (1981) fan de Putsepleintsjerke hold de Gereformeerde Kerk Rotterdam Zuid (Katendrecht) allinne de Breepleintsjerke oer. Fan 26 jannewaris 2008 ôf hawwe de grifformearde wykgemeente en de Hervormde wijkgemeente Vreewijk Feijenoord Hillesluis harren oansletten by de Protestantse Gemeente Rotterdam Zuid, dy't oansletten is by de PKN. De twa wykgemeenten binne yn 2013 fusearre en meitsje sûnt dy tiid allinne gebrûk fan de Fredestsjerke (Vredeskerk) oan de Lede.

De Breeveldtsjerke is tsintwurdich ûnderbrocht by in stifting en wurdt alle sneinen brûkt troch de Levend Woord Gemeente Rotterdam.

Twadde Wrâldkriich bewurkje seksje

Mei it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich kaam it Sudersikenhûs, dat deun by it fleanfjild Waalhaven stie, yn 'e frontliny te lizzen. Dêrom moasten de pasjinten evakuearre wurde en sadwaande waard de Breeveldtsjerke as in needhospitaal ynrjochte. Ek tsjintwurich binne de spoaren fan it wite krús en it wurd "HOSPITAAL" noch jimmeroan oan de bûtenmuorre fan 'e tsjerke te sjen.

Underdûkersplak joaden bewurkje seksje

Yn 1942 frege in jong joadsk stel oan 'e tsjerke oft hja dêr ûnderdûke mochten. Hja wiene wolkom en de koster seage in gat efter it oargel om in skûlplak foar se te meitsjen. Oarspronklik tochten hja dêr seis wiken te bliuwen, mar it waarden 34 moannen. Wat letter yn 'e tiid frege in joadske hûshâlding, dy't net fier fan de tsjerke ôf wenne, oan 'e dûmny oft hy har ek ûnderdak ferliene woe. De dûmny frege de koster om dy famylje yn 'e tsjerke te ferstopjen. De koster woe wol meiwurkje, mar moast ek opbychte dat hy al in pear ûnderdûkers yn 'e tsjerke ferstoppe hie, want hy hie him earder stil holden oer de oare ûnderdûkers. De koster seage wer in gat yn 'e flier, mar no op 'e kreake oan 'e oare kant fan 'e tsjerke om dêr de oare hûshâlding te ferstopjen. Om't der gjin leven makke wurde mocht as der minsken yn 'e tsjerke kamen, moasten de bern fan dy hûshâlding earne oars ûnderbrocht wurde. By de earste famylje waard yn 1944 in poppe berne, dy't troch de dochter fan de koster oannommen waard. Sels wie hja ek mem woarn en dêrom foel it net op as der in bern skriemde.

Trije wike foar de befrijing brieken Dútsers de tsjerke yn. Se tochten wapens yn de tsjerke te finen, mar fûnen neat. Ien fan de ûnderdûkers die op dat stuit by de koster in spultsje en moast him ûnder it bêd fan 'e koster ferstopje. De soldaten wiene sa bot op wapens út, dat se fierder alles oer de holle seagen en de ûnderdûkers kamen sa ek de lêste wiken de kriich noch goed troch.

De ûnderdûkplakken op de oargelsouders waarden yn 2006 op 'e nij ûntdutsen. Op 'e plakken lei noch allegear heal fergien guod út de ûnderdûkerstiid.

Op 5 novimber 2011 ûntbleate boargemaster Ahmed Aboutaleb in betinkingsboerd oan 'e tsjerke. Ek skreau de boargemaster it essay "Droom & Daad". Yn 2017 publisearre Anja Matser De Orgelzolders. Onderduikers in de Rotterdamse Breepleinkerk, dêr't de hiele skiednis nochris yn ferhelle wurdt. It boek waard ek yn it Ingelsk oerset.[2]

Oargel bewurkje seksje

It oargel yn 'e tsjerke is yn 1931 boud troch Van Leeuwen út Leiderdorp. Yn 1965 waard it oargel restaurearre. It 35 registers tellende piipoargel waard yn 2009 omboud yn in hybride oargel. It besteande piipwurk bleau folslein yntakt, mar is útwreide mei in grut tal digitale stimmen fan in nij Unico-oargel.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: