Breukelen is in plak en eardere gemeente yn de provinsje Utert by it rivierke de Fecht en it Amsterdam-Rynkanaal. Breukelen is belutsen by in gemeentlike weryndieling mei de gemeentes Maarssen en Loenen ûnder de namme Stichtske Fecht.

Lizzing Breukelen

De gemeente hat 14.610 ynwenners (2010) en hat in oerflakte fan 49,64 km² (wêrfan 2,71 km² wetter). It doarp Breukelen hat 9590 ynwenners (2004).