Bridget Maasland (De Haach, 9 novimber 1974) is in Nederlânsk presintatrise en aktrise. Hja sette har karriêre begjin njoggentiger jierren útein as model en dûnseresse, en briek yn 1995 troch as videojockey by de muzykstjoerder TMF. Letter wie se as presintatrise efterinoar wurksum by BNN, Talpa, RTL Nederlân en SBS Broadcasting. Maasland is benammen bekend fan realitytillefyzjeprogramma's. Dêrnjonken set se har ek o sa yn foar bisterjochten.

Bridget Maasland
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bridget Maasland
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 9 novimber 1974
berteplak De Haach (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as presintatrise, videojockey,
model, aktrise, dûnseresse
medium tillefyzje
wurksum by Veronica, TMF, BNN, RTL, SBS6
jierren aktyf 1993 – no
offisjele webside
www.bridget.tv

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid bewurkje seksje

Maasland is hikke en tein yn Den Haach, dêr't se yn 1974 berne waard. Har mem wurke as fisazjiste, en dêrtroch kaam Maasland al jong mei de tillefyzjewrâld yn oanrekking. Teffens wurke se sels yn har bernetiid as model foar ferskate tydskriften en wie se by bernemoadeshows aktyf as mannekên. Har tillefyzjedebút makke se yn it reklamespotsje Snoep Verstandig, Eet een Appel, mei Danny de Munk.

Karriêre bewurkje seksje

Har karriêre sette Maasland útein mei modellewurk yn û.m. Barseloana. Teffens wie se fan 1993 oant 1995 as dûnseresse belutsen by it Veronica-programma Man O Man. Har trochbraak kaam yn 1995, doe't se as videojockey oannommen waard by de muzykstjoerder TMF. Yn dy funksje wie se fiif jier aktyf, oant se yn 2000 oerstapte nei de publike jongereinomrop BNN. Dêr presintearre Maasland programma's as Lijst 0, Een Beetje Bridget, BNN at Work, Neuken Doe Je Zo!, De Nationale IQ Test, The Bridget Triangle en BNN Presenteert AVRO's Sterrenslag. By guon fan dy programma's wie hja ek efter de skermen belutsen as produsinte. Tegearre mei Katja Schuurman makke Maasland fierders it programma Katja vs. Bridget.

Yn 2005 gie Maasland by BNN wei, om't se by de nije tillefyzjestjoerder Talpa, fan John de Mol, de kâns krije soe om nije programma's te produsearjen. It earste putsje dat se dêr opknapte, wie de presintaasje fan it fyfde seizoen fan it realitytillefyzjeprogramma Big Brother. Oare programma's dy't Maasland foar Talpa presintearre, wiene Je Leven in de Steigers en NSE, dat yn april 2006 fan 'e tillefyzje helle waard fanwegen ôffallende sjochsifers. Fanôf novimber fan dat jier die Maasland yn duopresintaasje mei Cees Geel it praatprogramma Het Land van Maas en Geel, dat lykwols nei 24 ôfleverings troch Talpa stopset waard, op 'e nij fanwegen te lege sjochsifers. Dêrnei wie Maasland noch by Talpa as presintatrise te sjen yn 'e programma's Woef: Hoe Word Ik een Beroemde Hond? en Hoe Word Ik een Gooische Vrouw?

Ein 2007 stapte Maasland yn 'e mande mei de oare presintators fan 'e mislearre Talpa-stjoerder oer nei RTL Nederlân, dêr't se as presintatrise begûn by it programma Hoe Word Ik een New Yorkse Vrouw? Teffens ferfong se Renate Verbaan yn it twadde seizoen fan Beauty & de Nerd. Mei't se yn dy snuorje sels swier wie, presintearre Maasland yn 2008 ek it programma Hoe Word Ik Mama in Amsterdam-Zuid? Dêrnjonken wie se sûnt 2007 geregeldwei ynfalster foar Albert Verlinde yn 'e rabbersrubryk RTL Boulevard. Yn 2011 makke Maasland har akteardebút as de feninige Carla yn 'e BNN-rige Walhalla, wylst se begjin datselde jiers by RTL5 it programma Wie Is de Reisleider? presintearre en yn it neijier op 'e sneup gie nei aventoerkes yn Hoe Houd Ik het Spannend?

Yn juny 2012 waarden geroften dy't doe al in hoartsje giene oer in mooglike oerstap fan Maasland nei SBS6 befêstige. Hja joech dêrfoar as redens it brekme oan nije programma's op RTL5. Fan septimber ôf wie se op SBS6 te sjen, dêr't se ûnderdiel útmakke fan it presintaasjetiim fan 'e lette edysje fan Shownieuws. Fierders krige se de presintaasje fan it programma Menu van Oranje. Yn 'e simmer fan 2013 wie Maasland fierders te sjen yn it tsiende seizoen fan Paul de Leeuw syn show Ranking the Stars.

Priveelibben bewurkje seksje

Maasland en har freon Pepijn Padberg krigen yn 2008 harren earste bern. Yn desimber 2009 waard lykwols bekend dat se útinoar wiene. Neitiid hie Maasland fan septimber 2010 oant febrewaris 2011 in relaasje mei Johnny de Mol. Yn septimber 2011 waard bekend dat se in relaasje oangien wie mei in tsien jier jongere bedriuwsjurist dy't fan Pieter hiet. Op 16 april 2012 die Maasland der lykwols sels yn it programma RTL Boulevard tynge fan dat se dy relaasje ferbrutsen hie om't se fûn dat de ferskillen tusken har en Pieter te grut wiene, net sasear wat har âldens oangie, mar mear op it mêd fan 'e libbensfaze dêr't se yn sieten.

Njonken har wurk trêdet Bridget Maasland ek op 'e foargrûn as bisterjochte-aktiviste. Yn april 2006 stie hja neaken yn it manljusblêd Playboy; it jild dat se dêrfoar krige, makke se oer oan har stifting Dutchypuppy, dy't him yn binnen- en bûtenlân ynset tsjin mishanneling fan en wreedheden tsjin hûnen.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.