De Brulee (Ingelsk: Brule of Brulé, útspr.: [bru'le:]; Lakota: Sičháŋǧu, útspr.: [si'ʧʰã:ʁu]) binne ien fan 'e sân substammen fan 'e Lakota of Titon (Teton). Yn 'e mande mei de Dakota foarmje de Lakota de gruttere etnyske groep fan 'e , in Yndiaanske konfederaasje dy't fan likernôch 1730 oant 1880 oardel iuw lang it noardlike part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika behearske. De Sû binne ferneamd wurden om 'e oarloggen dy't se yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw mei it Amerikaanske leger útfochten, en de Brulee wiene dêr oan kop en earen ta yn behelle.

Bûnte Sturt (Siŋté Gleška), ien fan 'e meast ferneamde Brulee-opperhaden út 'e njoggentjinde iuw.

Etymology bewurkje seksje

De Ingelske namme Brule komt fan it Frânske Brulé (útspr.: [bʀy'le:]), dat fan "ferbrând" betsjut, yn dit gefal in ferkoarte foarm fan "ferbrânde billen" ("billen" yn 'e sin fan "boppeskonken", net fan "efterst"). De eigen namme fan 'e Brulee, Sičháŋǧu, kin nammentlik oerset wurde as "Dy't Ferbaarnde Billen Hawwe". Folkekundigen binne fan tinken dat de namme wierskynlik ôfkomstich is fan in ynsidint wêrby't men op 'e prêrje geandefoets troch in gersbrân flechtsje moast. Mei de Oglala, in oare substamme fan 'e Lakota, binne de Brulee it naust besibbe, en tegearre wurde de beide substammen wol de Súdlike Lakota neamd.

Demografy bewurkje seksje

Hjoed de dei libje de Brulee frijwol allegearre yn 'e Feriene Steaten. Hoefolle fan harren oft der persiis binne, is yn prinsipe ûnbekend, mei't se sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw nea mear apart teld binne fan 'e oare Lakota. Lykwols stiet fêst dat de federaal erkende Neder-Brulee Sû Stamme (Lower Brule Sioux Tribe) fan it Neder-Brulee Yndianereservaat (Lower Brule Indian Reservation) yn 'e steat Súd-Dakota, mei 3.400 leden, folslein út Brulee bestiet, wylst de Rosebud Sû Stamme (Rosebud Sioux Tribe), fan it Rosebud Yndianereservaat (Rosebud Indian Reservation) fan Súd-Dakota, mei 24.000 leden, op in lyts groepke Oglala nei ek út Brulee bestiet. In lyts espeltsje Brulee is fierders lid fan 'e Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota (Oglala Sioux Tribe of the Pine Ridge Reservation of South Dakota). Yn acht nommen dat net alle etnyske Lakota by ien fan 'e stamme-organisaasjes oansletten binne, soe men sadwaande in foarsichtige skatting meitsje kinne dat der tsjintwurdich sa'n 30.000 Brulee wêze moatte.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.


de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota