De C-flinter (Polygonia c-album) is in soarte yn de famylje fan de aureliaflinters (Nymphalidae)

C-flinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje aureliaflinters (Nymphalidae)
skaai rjuhoekige flinters (Polygonia)
soarte
Polygonia c-album
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

Foarkommen bewurkje seksje

De C-flinter fljocht oeral op sinnige, frijwat fochtige plakken. Se binne faak te finen yn tunen, parken of boskrike gebieten. Yn 1960 libbe de flinter yn Nederlân allinnich yn Limburch en Noard-Brabân. Fan de tachtiger jierren ôf is it ferspriedingsgebiet hieltyd grutter wurden. Op dit momint fljocht de flinter yn alle provinsjes en hast op alle Waadeilannen.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as: net bedrige.

Fleantiid bewurkje seksje

De flinter is te sjen fan heal juny ôf oant de winter. Foaral tusken 5 en 31 july. De C-flinter fljocht yn twa oerrinnende generaasjes.

Flinters bewurkje seksje

De wjuklingte is likernôch 20 oant 26 mm. De wjukrânen binne bot kartele. De flinter oerwinteret yn strûken en beammen en op koele fochtige plakken yn gebouwen.

Rûp bewurkje seksje

De rûp kin 35 mm lang wurde. It liif is griiseftich mei oranjebrune útstyksels. De rûp hat foarke toarnen dy't oranje of wyt binne. De kop is swart. Lytse rûpen libje ûnderop de blêden. As se grutter wurde lykje se krekt op fûgelpoep. Fan dy tiid ôf libje se ek boppe-op it blêd.

De rûp fret fan de grutte brânnettel, hop, reade ribes en de iper.

 
C-flinter.

Sjoch ek bewurkje seksje

  Commons: C-flinter – foto, fideo en harktriemmen