CP-fuotbal op de Paralympyske Simmerspullen

CP-fuotbal, yn it bûtenlân meastal Football 7-a-side neamd, is ien fan de sporten die op it programma fan de Paralympyske Spullen steane. It wurdt spile troch fuotballers dy’t as gefolch fan in harsenbeskeadiging in motoaryske beheining hawwe. In protte fuotballers hawwe by de berte in harsensferlamming hân of op lettere leeftyd in harsensblieding, harsensynfarkt of harsenstumor krigen. Ek fuotballers dy’t troch in koma in licht motoarysk probleem hawwe, komme yn oanmerking om CP-fuotbal te spyljen.

Regels bewurkje seksje

De regels foar it CP-fuotbal komme yn grutte linen oerien mei it gewoane fuotbal. In oantal regels is mar oars. In team bestiet út sân spilers, wêrûnder de doelman. Trije wiksels binne tidens de wedstriid tastien. In seleksje bestiet út tolve spilers. In wedstriid wurdt stoppe as in team minder as fjouwer fuotballers op it fjild stean hat. It fjild mjit 75 by 55 meter en it doel is lytser, 5 by 2 meter. Wedstriden besteane út twa helten fan in heal oere, mei in kertier pauze tuskentroch. As it nedich is wurdt der in ferlinging spile fan twa kear tsien minuten mei de golden goal regel; wa’t it earst skoart yn de ferlinging, wint de wedstriid.

Wichtischste ôfwikingen fan it reguliere fuotbal:

  • Der is gjin bûtenspulregel.
  • In yngoai mei mei ien hân útfierd wurde.
  • In doelman mei maksimaal fjouwer stappen dwaan mei de bal yn de hân.

Klasifikaasje bewurkje seksje

De fuotballers moatte neffens de standert klasifikaasje yn ien fan de ûndersteande klassen yndield wurde:

  • C5: fuotballers dy’t beheinings hawwe yn it rinnen en draven, mar dy’t gjin beheinings hawwe mei stean as sjitten.
  • C6: fuotballers dy’t beheinings hawwe yn de kontrôle en koördinaasje fan alle fjouwer de lichemsdielen; bygelyks as gefolch fan lykwichtsteurnis as Spastisiteit
  • C7: fuotballers mei hemiplegy, wêrby in lichemshelte beheind is en de oare helte normaal funksjonearret.
  • C8: fuotballers mei in mylde foarm fan boppesteande.

Tidens in wedstriid moat der altyd in C5 of C6 spiler yn it fjild stean. As dat net mooglik is, dan moat it team mei seis fuotballers fierder spylje. Dêrnêst meie der tagelyk maksimaal trije C8 spilers yn it fjild stean.

Skiednis bewurkje seksje

CP-fuotbal stiet fan 1984 ôf op it programma fan de Paralympyske Spullen.

Medaljes bewurkje seksje

Edysje      
New York & Stoke Mandeville 1984   BEL   IRL   GBR
Seoel 1988   NED   BEL   IRL
Barselona 1992   NED   POR   IRL
Atlanta 1996   NED   RUS   ESP
Sydney 2000   RUS   UKR   BRA
Atene 2004   UKR   BRA   RUS
Peking 2008   UKR   RUS   IRI
Londen 2012   RUS   UKR   IRI
Rio de Janeiro 2016   UKR   IRI   BRA

Yn 1984 waard der ek troch fuotballers yn in rolstoel fuotballe, dit wiene de medaljes.

Edysje      
New York & Stoke Mandeville 1984   USA   CAN   GBR

Dielnimmende lannen bewurkje seksje

Edysje Lannen
New York & Stoke Mandeville 1984   Belgje   Grut-Brittanje   Feriene Steaten   Ierlân   Portegal   Kanada
Seoel 1988   Nederlân   Belgje   Ierlân   Súd-Koreä   Austraalje
Barselona 1992   Nederlân   Grut-Brittanje   Brazylje   Feriene Steaten   Portegal   Ierlân   Belgje   Spanje
Atlanta 1996   Nederlân   Spanje   Argentynje   Portegal   Ruslân   Feriene Steaten   Ierlân   Brazylje
Sydney 2000   Oekraïne   Portegal   Argentynje   Nederlân   Ruslân   Brazylje   Spanje   Austraalje
Atene 2004   Oekraïne   Argentynje   Iran   Ierlân   Brazylje   Ruslân   Nederlân   Feriene Steaten
Peking 2008   Ruslân   Brazylje   Nederlân   Sina   Oekraïne   Iran   Ierlân   Grut-Brittanje
Londen 2012   Argentynje   Brazylje   Grut-Brittanje   Iran   Nederlân   Ruslân   Oekraïne   Feriene Steaten
Rio de Janeiro 2016   Argentynje   Brazylje   Feriene Steaten   Grut-Brittanje   Iran   Ierlân   Nederlân   Oekraïne

Sjoch ek bewurkje seksje


 
CP-fuotbal op de Paralympyske Simmerspullen
New York en Stoke Mandeville 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016
wizigje


Sport op de Paralympyske Simmerspullen
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen
wizigje