Camille Muffat (útspr.: [ka'mijə my'fa], "kamyje múffa"; Nice, 28 oktober 1989 – by Villa Castelli (Argentynje), 9 maart 2015) wie in Frânsk swimster, dy't in gouden medalje helle op 'e Olympyske Spullen fan Londen, yn 2012. Hja kaam yn 2015 mei ferskate oare Frânske topsporters om by in helikopterûngemak yn Argentynje.

Camille Muffat
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Camille Muffat
nasjonaliteit Frânsk
bertedatum 28 oktober 1989
berteplak Nice (Frankryk)
stjerdatum 9 maart 2015
stjerplak by Villa Castelli (Argentynje)
etnisiteit Oksitaansk
sportive ynformaasje
sport swimmen
ûnderdiel frije slach, wikselslach
O.S. Peking 2008
Londen 2012
debút 2008
karriêre-ein 2014
wichtige prestaasjes
Olympyske Spullen: 1x goud
WK: 1x goud
EK: 4x goud
Camille Muffat.

Libben en karriêre bewurkje seksje

Op 'e Frânske nasjonale kampioenskippen swimmen fan 2008 behelle Muffat mei Joanne Andraca in dield earste plak op 'e 400 m yndividuële wikselslach, mei in nij Frânsk rekôr fan 4:28,23. Op 'e nasjonale kampioenskippen fan 2009 sette se op 'e 200 m wikselslach in nij Frânsk rekôr fan 2:09,34. Op 'e Olympyske Spullen fan Peking, yn 2008, die se mei oan 'e 200 m wikselslach, de 400 m wikselslach en de 4×200 m wikselslachestafette, mar behelle gjin medaljes.

Foar de Olympyske Spullen fan Londen, yn 2012, hie Muffat har kwalifisearre op trije ûnderdielen. Se wûn de gouden medalje op 'e 400 m frije slach mei in nij Olympysk rekôr fan 4:01,45; de sulverne medalje op 'e 200 m frije slach; en mei Charlotte Bonnet, Ophélie-Cyrielle Étienne en Coralie Balmy de brûnzene medalje op 'e 4×200 m frije-slachestafette. Dêrmei waard se de trêde Fransêze ea (nei atlete Micheline Ostermeyer en swimster Laure Manaudou) dy't fan alle trije medaljes ien wûn op ien edysje fan 'e Olympyske Spullen.

Op 1 jannewaris 2013 waard Muffat beneamd ta Ridder (Chevalier) yn it Légion d'Honneur. Op 12 july 2014 makke hja bekend dat hja ophold mei wedstrydswimmen. Begjin 2015 soe se mei ferskate oare Frânske sporthelden dielnimme oan Dropped, in nij realitytillefyzjeprogramma fan 'e Frânsk stjoerder TF1, wêrby't it de bedoeling wie dat de meidoggers yn 'e Argentynske wyldernis dropt wurde soene en dan dêr op eigen manneboet oerlibje moatte soene. Op 9 maart dat jiers siet Muffat mei û.o. bokser Alexis Vastine en sylster Florence Arthaud yn ien fan twa helikopters dy't ûnder de opnames fan Dropped yn 'e neite fan Villa Castelli yn 'e loft mei-inoar yn botsing kamen. Beide tastellen stoarten del en alle tsien ynsittenden kamen om it libben.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.