Candice Dare, echte namme ûnbekend (Olympia (Washington), 25 febrewaris 1990), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, wa har artystenamme ek wol misstavere wurdt as Candace Dare. Fierders hat se yn it ferline ek wol wurke ûnder de skûlnammen Candice Mazlin en Tiffany. Dare sette yn 2012 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Candice Dare
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Candace Dare, Candice Mazlin,
Tiffany
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 25 febrewaris 1990
berteplak Olympia (Washington)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2012 – no
offisjele webside
Candice Dare op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Dare waard yn 1990 berne yn Olympia, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Washington. Op 'e middelbere skoalle wie se tige sportyf en die se oan fuotbal, basketbal en hurddraven. Nei't se slagge wie foar har eineksamens folge se in koksoplieding en letter wurke se foltiids yn 'e koken fan in restaurant.

Yn 2012, doe't se 22 jier wie, makke Dare har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se ein 2018 yn mear as 120 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Digital Sin, Diabolic Video, Wicked Pictures, Elegant Angel, New Sensations, Jules Jordan Video en Devil's Film. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Mile High Media, West Coast Productions, Girlfriends Films, Pure Play Media en The Score Group. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America, Blacks on Blondes en Kink.com.

Under har karriêre hat Dare gearwurke mei kollega-aktrises as Dana DeArmond, Jillian Janson, Mandy Muse en Jessie Volt, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Mick Blue, Manuel Ferrara, Tommy Gunn, J-Mac, Sean Lawless, Logan Long, Sean Michaels, Ramon Nomar, Mr. Pete, Toni Ribas, Lexington Steele, Criss Strokes en Mark Wood. Yn 2015 waard Dare yn 'e mande mei fiif oare akteurs nominearre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste groepsekssêne, foar de film Manuel Ferrera's Reverse Gangbang 2.

Njonken har aktearwurk reizget Dare ek as feature dancer by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns, en dêropta posearret se gauris foar fotoreportaazjes yn neakenblêden.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Candice Dare is blank, mei brune eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 59 kg, en in natuerlike kupmaat 32B. Hja hat gjin tatoeaazjes en útsein de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se likemin piercings.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
2015 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Carter Cruise, Dani Daniels, Aidra Fox, Jillian Janson en Manuel Ferrera) Manuel Ferrera's Reverse Gangbang 2

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: