Carol Costello (Minerva (Ohio), 11 oktober 1961) is in Amerikaansk sjoernaliste, ferslachjouster en nijslêzeresse fan etnysk Italjaansk komôf. Hja is benammen bekend wurden, sawol yn 'e Feriene Steaten as om utens, mei har wurk foar de nijsstjoerder CNN, dêr't se sûnt 2001 by yn 'e tsjinst is. Costello wûn yn 1991 in Emmy Award foar bêste ferslachjouwing mei in reportaazje oer drugs. Yn 2008 wûn hja yn 'e mande mei oare CNN-ferslachjouwers de prestizjeuze Peabody Award foar sjoernalistyk, foar de ferslachjouwing oer de oaljelekkaazje yn 'e Golf fan Meksiko en de Amerikaanske presidintsferkiezings fan dat jier.

Carol Costello
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Carol Costello
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 11 oktober 1961
berteplak Minerva (Ohio)
etnisiteit Italjaansk
wurkpaad
wurksum as sjoernaliste, ferslachjouster,
nijslêzeresse
medium tillefyzje
wurksum by CNN
bekend fan CNN Newsroom
The Situation Room
jierren aktyf ±1982 – no
prizen Emmy Award 1991
Peabody Award 2008
offisjele webside
Carol Costello op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Costello waard yn 1961 berne yn Minerva, yn 'e steat Ohio, dêr't se ek opgroeide en de middelbere skoalle folge oan 'e Minerva High School. Neitiid learde se fierder oan 'e Steatsuniveriteit fan Kent (yn Kent), dêr't se in bachelorstitel yn sjoernalistyk behelle.

Iere karriêre bewurkje seksje

Nei har ôfstudearjen sette Costello har karriêre útein as ferslachjouster op it mêd fan plysjekwestjes en rjochtsaken by it lokale tillefyzjestasjon WAKR-TV, yn Akron (Ohio), dêr't se yn 'e wykeinen ek as nijslêzeresse aktyf wie. Letter stapte se oer nei de stjoerder WBNS-TV, de pleatslike ôfdieling fan de lanlike omrop CBS yn 'e Ohiooske haadstêd Kolumbus, dêr't se de wichtichste wykeinnijslêzeresse waard. Foar WBNS makke Costello yn 1991 in reportaazje oer de drugs crack en kokaïne en de ynfloed dy't it gebrûk dêrfan op 'e pleatslike maatskippij hie, dy't bekroane waard mei in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis.

Fan 1992 oant 1995 wurke Costello trije jier lang by it lokale stasjon WBAL-TV yn Baltimore. Foar har wurk dêre waard se yn 1993 nochris nominearre foar in Emmy, mar wûn dy dat kear net. Oanslutend wie Costello seis jier wurksum by WJLA-TV, de lokale ôfdieling fan 'e nasjonale stjoerder ABC yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dêr't se nijslêzeresse wie fan it moarnsprogramma Good Morning, Washington, wylst se ek ûndersyksreportaazjes makke. Foar WJLA-TV die Costello û.m. ferslach fan 'e oanslaggen op 9/11.

Karriêre by CNN bewurkje seksje

Yn 2001 kaam Costello by de ynternasjonale nijsstjoerder CNN te wurkjen, dêr't se yn 't earstoan fral te sjen wie op it kanaal CNN Headline News. Nei in pear jier makke se de oerstap nei CNN USA en CNN International. Foar CNN hold Costello fraachpetearen mei û.m. de eardere Amerikaanske presidinten Jimmy Carter, Ronald Reagan, George H.W. Bush en Bill Clinton, en mei (de doetiidske) minister fan Bûtenlânske Saken Hillary Clinton. Hja presintearre it moarnsnijsprogramma CNN Daybreak en wie teffens as nijslêzeresse en ferslachjouster wurksum foar it programma America Morning, beide op CNN USA. Letter droech se ek geregeldwei by oan The Situation Room en waard se oansteld as ien fan 'e nijslêzers fan CNN Newsroom, dat beide programma's binne dy't ek útstjoerd wurde op CNN International.

Costello makke yn 2008 diel út fan it CNN-tiim dat in prestizjeuze Peabody Award foar sjoernalistyk wûn mei de ferslachjouwing oer de oaljelekkaazje op it boarplatfoarm fan BP yn 'e Golf fan Meksiko en de Amerikaanske presidintsferkiezings fan dat jier. Ek die se foar CNN û.m. ferslach fan 'e Aziatyske tsûnamy fan 2004; de orkaan Katrina en de ravaazje dy't dy yn 2005 efterliet yn New Orleans; de moardpartij op 'e kampus fan 'e Technyske Universiteit fan Firginia, yn 2007; de lêste lansearring fan 'e Space Shuttle, yn 2011; en de bomoanslach op 'e Maraton fan Boston, yn 2013. Ek hat se djipdollende reportaazjes makke oer narjen op skoallen en oer frouljuskwestjes.

Priveelibben bewurkje seksje

Costello ferhuze yn 2004, nei har trouwen, fan Atlanta, yn 'e súdlike steat Georgia, nei New York. Letter ferfearen sy en har man nei Baltimore. Yn 2015 die Costello der yn in reportaazje oer de Roomsk-Katolike Tsjerke iepenhertich ferslach fan hoe't it nije belied fan paus Fransiskus har eigen ynslommere roomske leauwe wekker skodde hie.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.