Cassandra Wilde, echte namme ûnbekend (Boedapest, 11 novimber 1975), is in rêstend Hongaarsk neakenmodel en pornografysk aktrise, wa har namme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Cassandra Wild, en dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Dorota en Renate. Neffens har offisjele opjefte is se 1.78 m lang, mei kupmaat 33D.

Cassandra Wilde
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Cassandra Wild, Dorota, Renate
echte namme ?
nasjonaliteit Hongaarsk
berne 11 novimber 1975
berteplak Boedapest (Hongarije)
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19992004
offisjele webside
www.cassandrawild.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Cassandra Wilde is hikke en tein yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest. Hja makke har debút yn in pornografyske film yn 1999, doe't se 23 jier wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se yn totaal yn 41 films, yn 't earstoan frijwol útslutend foar it Sweedske Private-label, mar letter ek foar de foaroansteande Amerikaanske studio Evil Angel.

Foar Private spile Wilde û.m. yn fiif ûnderskate dielen fan it Private XXX-fideomagazine en yn it earste diel fan 'e Matador-rige fan 'e Frânske akteur-regisseur Jean-Yves Lecastel, wylst hja foar Evil Angel û.m. meiwurke oan twa ôfleverings fan Euro Angels en trije dielen fan 'e searje Rocco's True Anal Stories, fan 'e Italjaanske akteur-regisseur-produsint Rocco Siffredi.

Nei fiif jier loek Wilde har úteinlik yn 2004 út 'e pornoyndustry werom. Hja sette har mei har freon nei wenjen yn har thússtêd Boedapest, dêr't hja in karriêre as makeler begûn.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: