Cecilia Grout, echte namme ûnbekend (9 july 1976), is in rêstend Russysk pornografysk aktrise dy't karriêre makke yn 'e 1990-er jierren. Hja sette yn 1996 útein mei in wurkpaad yn 'e Jeropeeske pornoyndustry en spile yn stikmannich films. Yn 1998 beëinige Grout har karriêre as pornoaktrise.

Cecilia Grout
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Russysk
berne 9 july 1976
berteplak ûnbekend (Ruslân)
etnisiteit Russysk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise
jierren aktyf 19961998

Libben en karriêre bewurkje seksje

Cecilia Grout waard yn 1976 berne yn Ruslân. Se waard yn 1996 ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, doe't dy yn East-Jeropa audysjes hold op 'e siik nei nij talint foar syn films. Datselde jiers noch makke Grout mei tweintich jier har debút yn in pornografyske film.

Grout wurke ûnder har karriêre as pornoaktrise útslutend foar de Sweedske filmstudio Private, dêr't ek Woodman doedestiden oan ferbûn wie. Hja spile yn 'e films Cape Town 2 (1996) en Kruger Park (1996), dy't beide ûnder rezjy fan Woodman opnommen waarden yn Súd-Afrika. Fierders wie se te sjen yn Private Stories 13, fjouwer dielen fan 'e rige Private Triple X (13, 14, 15 en 17) en yn Private Castings X 14, wêryn't sabeare har allerearste audysje by Woodman opnommen wie.

Under har tiid yn 'e Jeropeeske pornoyndustry wurke Grout gear mei kollega-aktrises as Carole DuBois en Julia Spain, en mei manlike tsjinspilers as Yves Baillat, Alain Deloin, Richard Langin, Jean-Yves Lecastel en Philippe Soine. Yn 1998 beëinige se har wurkpaad as pornoaktrise. Neitiid kamen der by Private oant 2005 noch ferskate kompilaasjefideo's út dêr't recycle materiaal fan Grout op te sjen wie.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Cecilia Grout is blank, mei blauwe eagen en brún hier. Har lingte en gewicht binne ûnbekend, mar se hat in natuerlike kupmaat 34D. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings, en likemin hat se tatoeaazjes.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: