Charles B. Timmer

Charles Bernard Timmer (Watergraafsmeer, 17 febrewaris 1907 - Amsterdam, 1 jannewaris 1991) wie in Nederlânsk skriuwer, dichter en oersetter fan Russyske literatuer.

Charles B. Timmer
skriuwer
Charles B. Timmer (1988)
Charles B. Timmer (1988)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Charles Bernard Timmer
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17 febrewaris 1907
berteplak Watergraafsmeer
stoarn 1 jannewaris 1991
stjerplak Amsterdam
wurk
taal Nederlânsk
sjenre romans,
gedichten

Libben en wurk bewurkje seksje

Timmer wie de soan fan in Amsterdamske houtkeapman. Hy hie filosofy studearje wold, mar dêr wie gjin jild foar, dat hy gie by syn heit yn de houthannel.
Yn 1924 ferfear Charles nei Finlân om dêr oan it wurk te gean by in houtseagerij. Hy troude dêr mei in Finske. Dêrnei gie er nei Estlân dêr't er houtynspekteur waard en Russysk learde. Werom yn Finlân yn 1929, waard er haad fan de reklameôfdieling fan Philips. Yn 1932 giet er werom nei Nederlân en waard houtynspekteur by houthannel Peltenburg; dat brocht him op 'en nij yn Ruslân. Hy boaske twads oan in prima ballerina, Genia Tsjertkowa. Yn 1936 waard er lykwols slachtoffer fan de stalinistyske hetze tsjin bûtenlanners, dat hy moast út Odessa wei it lân ûntflechtsje.

Yn de Twadde Wrâldkriich gie Charles B. Timmer fierder mei de stúdzje Russyske taal. Hy soe ek Russyske les jûn hawwe oan Nederlânske boeren dy't by de Eastkompanjy (Nederlandsche Oost Compagnie) gien wienen om it fan de Dútsers ferôvere lân te bewurkjen. Dat feit brocht Aleida Schot letter by Geert van Oorschot op it aljemint, doe't Timmer wegere har as oersetter foar de Russische Bibliotheek oan te nimmen. Letter frege Timmer har dochs noch om foar de Russische Bibliotheek oan 't wurk te gean, mar Schot wegere. Timmer joech yn de oarloch ek Russysk oan Sal Tas, in joadske SDAP’er.

Nei de oarloch begûn er mei Geert van Oorschot de Russische Bibliotheek. Timmer syn earste oersetting fan Afgunst fan Joeri Oljesja ferskynde 1947. Mei Timmer as haadredakteur fan de 'Russyske Bibleteek' waarden de Russyske klassike skriuwers út de 19e iuw, lykas Anton Tsjechov, Ivan Toergenjev, Nikolaj Gogol en Fjodor Dostojevski, oerset yn it Nederlânsk. It projekt hie meiïnoar tweintich oersetters, dy't foar it earst streekrjocht út it Russysk oersetten. Totaal sette Timmer sels sechtich titels oer. Yn 1963 krige er de Martinus Nijhoff-priis foar it oersetten fan de 19e-iuwske Russyske auteurs, yn 1987 de Belle van Zuylen-priis en yn 1991 de Aleida Schot-priis.

Nei ferrin fan tiid naam Timmer in gremittige en krityske hâlding oan foar syn kollega's oer, ûnder oaren wienen dat de Slavisten Karel van het Reve en Tom Eekman. Guon ferklearje dat út it feit dat Timmer tocht dat hy as autodidakt net sa serieus as syn akademyske kollega’s naam waard. De betsjutting fan syn pionierswurk waard earst letter erkend en mei prizen beleane.

Timmer wie ek dichter en romanskriuwer. Syn earste bondel, Ervaringen, kaam 1936 út. Yn 1944 ferskynde de twadde bondel, Beeld in spiegel mei gedichten út de perioade 1932-1944. Nei de kriich waarden syn twa romans útjûn. Timmer skreau fan 1945 ôf foar De Baanbreker, in sosjalistysk tydskrift, dat ûnder redaksje fan Geert van Oorschot, Max Nord en Sal Tas stie.

Yn it tiidrek fan de Kâlde Kriich bleau Timmer de Russyske kultuerpolityk ferdigenjen út reden fan syn sosjalistysk idealisme.

Bibliografy bewurkje seksje

  • Ervaringen (1936)
  • Beeld in spiegel (1944)
  • Gestalten en seizoenen (1945)
  • De overkant (1946)
  • Verticale vlucht (1947)
  • Over Poesjkin (1958)
  • Rusland zwart op wit (1966)
  • De kinderen van Jesenin (1969)
  • Russische notities (1981)
  • Russische notities, een nieuwe bundel (1985)
  • Herzen in gesprek met zichzelf (1988)
  • Poesjkin en Onegin (1989)
  • Geld en goed bij Dostojevski (1990)
  • Russische werkelijkheden (1991)

Biografyen bewurkje seksje