Charlie's Angels (franchise)

Charlie's Angels is in Amerikaanske mediafranchise dy't betocht waard troch Ivan Goff en Ben Roberts, en dêr't Sony Pictures Entertainment no de rjochten op besit. De franchise sette yn 1976 útein mei de oarspronklike tillefyzjesearje Charlie's Angels, dêr't fan 2000 ôf in twatal films op basearre waard. Yn 2011 folge in reboot fan 'e franchise mei in nije tillefyzjesearje, yn 2019 folge troch in trêde film. Der binne ek ferskate fideospultsjes en strips en in oer it ynternet útstjoerde tekenfilmsearje fan Charlie's Angels makke.

Charlie's Angels
betinker Ivan Goff en Ben Roberts
eigner Sony Pictures Entertainment
lân Feriene Steaten
begjinjier 1976
films
langspylfilms Charlie's Angels (2000)
Charlie's Angels: Full
   Throttle

Charlie's Angels (2019)
tillefyzje
searjes Charlie's Angels (1976-1981)
Charlie's Angels (2011)
tekenfilmsearjes Charlie's Angels: Animated
   Adventures
spultsjes
fideospultsjes Charlie's Angels
Charlie's Angels: Angel X
Charlie's Angels: Road
   Cyclone

Charlie's Angels: Hellfire
Charlie's Angels: The Game
kaartspullen The Charlie's Angels Game
literatuer
strips Charlie's Angels
muzyk
soundtracks Charlie's Angels (2000)
Charlie's Angels: Full
   Throttle

Charlie's Angels (2019)

Tillefyzjesearjes bewurkje seksje

Charlie's Angels (1976-1981) bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Charlie's Angels (tillefyzjesearje út 1976).

De mediafranchise sette útein mei de oarspronklike tillefyzjesearje Charlie's Angels, dy't betocht waard troch Ivan Goff en Ben Roberts en produsearre troch Aaron Spelling. De searje waard yn septimber 1976 foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje brocht troch ABC, en rûn fiif seizoenen, oant juny 1981.

It wie in misdiedramasearje dy't de aventoeren folget fan 'e trije jonge kreaze froulike wurknimmers fan it detektiveburo Charlie's Angels. Dat is eigendom fan 'e eksintrike miljonêr Charlie Townsend, dy't inkeld mei de 'ingels' kommunisearret fia in lûdsprekkende tillefoan. De haadrollen waarden oarspronklik spile troch Kate Jackson, Farrah Fawcett en Jaclyn Smith as de 'ingels', David Doyle as John Bosley (de kontaktpersoan tusken de 'ingels' en Charlie), en John Forsythe as de stim fan Charlie Townsend. Nei't Jackson en Fawcett de searje ferlitten hiene, waarden nije 'ingels' spile troch Cheryl Ladd, Shelley Hack en Tanya Roberts.

Charlie's Angels (2011) bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Charlie's Angels (tillefyzjesearje út 2011).

Yn 2011 waard mei in nije tillefyzjsearje besocht om 'e franchise te rebooten. Dizze searje waard ûntwikkele troch Alfred Gough en Miles Millar, en hie yn 'e haadrollen Annie Ilonzeh, Minka Kelly en Rachael Taylor as de 'ingels', Ramon Rodriguez as John Bosley en Victor Garber as de stim fan Charlie Townsend. De nije Charlie's Angels kaam yn septimber 2011 by ABC op de Amerikaanske tillefyzje, mar omreden fan ôffallende sjochsifers besleat it tillefyzjenetwurk nei fjouwer ôfleverings al om 'e rige te skrassen. Sadwaande waarden der mar acht ôfleverings makke.

Crossovers nei oare searjes bewurkje seksje

De oarspronklike searje Charlie's Angels makke twaris in crossover mei in oare tillefyzjesearje. Yn 'e ôfleverings 1 en 2 fan seizoen 3 (mei as titel Angels in Vegas diel 1 en 2) metten de 'ingels' Dan Tanna (Robert Urich) út 'e detektivesearje Vegas. Yn 'e ôfleverings 1 en 2 fan seizoen 4 (mei as titel Love Boat Angels diel 1 en 2) metten de 'ingels' de bemanning fan it cruiseskip út 'e dramasearje The Love Boat.

Films bewurkje seksje

Charlie's Angels (2000) bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Charlie's Angels (film út 2000).

Yn 2000 waard troch Columbia Pictures foar it earst in film útbrocht op basis fan 'e searje út 1976-1981. Dy film, dat in aksjekomeedzje wie, hiet ek Charlie's Angels, en wie regissearre troch McG. De haadrollen waarden fertolke troch Cameron Diaz, Drew Barrymore en Lucy Liu as de 'ingels', Bill Murray as John Bosley en John Forsythe as de stim fan Charlie Townsend. De plot folget de 'ingels' as se ynset wurde om 'e ûntfierde eigner en ûntfrjemde ynformaasje fan in technologybedriuw werom te finen. De film krige mingde resinsjes, mar brocht wrâldwiid rom $264 miljoen op tsjin in budget fan $93 miljoen.

Charlie's Angels: Full Throttle bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Charlie's Angels: Full Throttle.

Charlie's Angels: Full Throttle wie in ferfolch fan Columbia Pictures op 'e film út 2000, dy't yn 2003 yn 'e bioskopen útkaam. De rezjy wie op 'e nij yn 'e hannen fan McG, en Cameron Diaz, Drew Barrymore en Lucy Liu spilen wer de 'ingels'. Bernie Mac wie te sjen as Jimmy Bosley, de opfolger en pleechbroer fan John Bosley, wylst John Forsythe wer te hearren wie as de stim fan Charlie Townsend. Ek stjerren as Demi Moore, Shia LeBeouf, Matt LeBlanc, John Cleese, Robert Forster, Carrie Fisher, Jaclyn Smith, Bruce Willis en Pink wiene yn 'e film te sjen. De plot draait om 'e dieverij fan in pear ringen dy't tagong jouwe ta it kompjûtersysteem fan it Amerikaanske tsjûgebeskermingsprogramma. De 'ingels' moatte dy ringen werom sjen te krijen. Charlie's Angels: Full Throttle krige mingde resinsjes, mar brocht wrâldwiid rom $259 miljoen op tsjin in budget fan $120 miljoen.

Charlie's Angels (2019) bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Charlie's Angels (film út 2019).

Yn 2019 besocht Columbia Pictures de franchise op 'e nij te rebooten mei in nije film mei in nije generaasje 'ingels'. De rezjy wie yn 'e hannen fan Elizabeth Banks, dy't ek it senario skreau, ien fan 'e filmprodusinten wie en in byrol spile. Yn 'e haadrollen wiene Kirsten Stewart, Naomi Scott en Ella Balinska te sjen as de 'ingels', Patrick Stewart as John Bosley en Robert Clotworthy as de stim fan Charlie Townsend. De plot folget de 'ingels' as se yn aksje komme tsjin in gefaarlike nije technology, nei't in jonge yngenieur dêroer as klokkelieder nei foarren kommen is. De film krige mingde resinsjes en flopte yn 'e bioskopen. Wrâldwiid brocht er mar $59,1 miljoen op tsjin in budget fan likernôch $55 miljoen.

Oare media bewurkje seksje

Charlie's Angels: Animated Adventures bewurkje seksje

Charlie's Angels: Animated Adventures is in animearre prequel-websearje fan seis ôfleverings dy't yn 2003 útbrocht waard. Yn 'e searje geane de 'ingels' op in misje nei Mongoalje om Ray Carter te rêden, de ûntfierde direkteur fan 'e United States Marshals Service. Sa wurdt útlein wat der barde foarôfgeande oan it begjin fan 'e film Charlie's Angels: Full Throttle, dy't midden yn 'e aksje fan 'e befrijing iepenet.

Fideospultsjes bewurkje seksje

Yn july 2003 waarden trije fideospultsjes op basis fan 'e earste en twadde film fan 'e franchise útbrocht foar trije ûnderskate gamingplatfoarms: Nintendo GameCube, PlayStation 2 en mobile tillefoanen. De ferzjes foar Nintendo GameCube en PlayStation 2 wiene frijwol itselde en hiene allebeide de titel Charlie's Angels. De ferzje foar mobile tillefoanen wie oanpast oan 'e technyske beheinings fan it platfoarm en hie as namme Charlie's Angels: Road Cyclone. Yn maaie 2003 brocht Sony Pictures Digital Networks fierders in online-fideospultsje út mei as titel Charlie's Angels: Angel X.

Yn april 2008 publisearre Ojom in nij fideospultsje foar op 'e mobile tillefoan, mei as namme Charlie's Angels: Hellfire. Yn augustus 2019 kaam fierders fan Crazy Labs Games it fideospultsje Charlie's Angels: The Game út, dat geskikt wie foar iOS en Android. Dat wie basearre op 'e trêde film fan 'e franchise.

Strips bewurkje seksje

Yn it Feriene Keninkryk waarden al ier twa strips op basis fan Charlie's Angels publisearre. De earste wie makke troch striptekener John Canning, en ferskynde yn april 1978 yn it stripblêd Target, in útjefte fan Polystyle Publications, mei misdiestrips rjochte op âldere bern. Target wie in susterútjefte fan it al folle langer besteande blêd TV Comic, mar bliek ûnpopulêr, sadat de publikaasje yn augustus 1978 al wer opgie yn TV Comic. Canning gie dêr troch mei syn Charlie's Angels-strip oant de edysje fan oktober 1979.

De twadde Britske Charlie's Angels-strip wie skreaun troch Angus Allan en tekene troch Jim Baikie en Bill Titcombe. Dy ferskynde foar it earst yn novimber 1979 (sagau't de oerienkomst fan 'e produsinten fan Charlie's Angels mei TV Comic ôfrûn) yn it stripblêd Look-in.

Yn juny 2018 publisearre de Amerikaanske útjouwerij Dynamite Entertainment yn in beheinde oplaach in seisdielige searje fan stripboeken op basis fan 'e Charlie's Angels-franchise. In crossover-stripboekrige fan Charlie's Angels mei de The Bionic Woman waard yn july 2019 útbrocht.

Merchandising bewurkje seksje

Doe't fan 1976 oant en mei 1981 de oarspronklike tillefyzjesearje útstjoerd waard, produsearre it Amerikaanske bedriuw Habro in breed skale oan merchandising op basis fan 'e searje, dy't oan 'e man brocht waard yn 'e Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en oare lannen. Dêrûnder wiene ferskate produkten dy't tsjintwurdich jilde as collector's items, lykas twa ferzjes fan poppen fan 'e haadrolspilers, boerdspultsjes, posters, ferskate sets ruilkaarten, notysjeboekjes, in itensdoaske mei in termosflesse, in boartersguodbestelbuske, bernekosmetika en sels inkele muzykalbums.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.