Chastity Lynn, echte namme: Ashton Butler (Seattle, 10 augustus 1987), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenamme Hailey. Har 'offisjele' skûlnamme wurdt ek misstavere as Chastity Lyn of Chastity Lynne. Se sette yn 2008 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.

Chastity Lynn
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Chastity Lynne, Chastity Lyn,
Chastity Nubiles, Hailey
echte namme Ashton Butler
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 10 augustus 1987
berteplak Seattle (Washington)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2008 – no
offisjele webside
www.club-chastitylynn.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Chastity Lynn waard yn 1987 berne yn Seattle, yn 'e noardwestlike Amerikaanske steat Washington. As bern folge se ûnderwiis oan in roomsk-katolike famkesskoalle, mar yn har tinerjierren gie se nei in iepenbiere middelbere skoalle, dy't sawol manlike as froulike learlingen hie.

Har karriêre yn 'e pornoyndustry kaam oan it rôljen doe't Chastity Lynn op in feestje yn 'e kunde kaam mei pornoaktrise Ellie Idol. Yn 2008 makke se mei 21 jier har debút yn in pornografyske film. Yn 't earstoan die se inkeld lesbyske pornosênes mei Idol, mar al rillegau wie se ek mei manlike tsjinspilers te sjen. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as 350 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Vivid Entertainment, Penthouse, Adam & Eve, Evil Angel, Devil's Film, New Sensations, Jules Jordan Video, Digital Sin, Hustler Video, Red Light District, Shane's World en Digital Playground.

Fierders hat Chastity Lynn ek wol yn 't spier west foar minder bekende Amerikaanske studio's, lykas West Coast Productions, Third Degree Films, Girlfriends Films en Platinum X Pictures. Ek hat se wurke foar de Frânske studio Vidéo Marc Dorcel en foar Amerikaanske pornosites op it ynternet, lykas Brazzers, Kink.com en BlacksOnBlondes. Foar har wurk hat Chastity Lynn fjouwer kear nominearre west foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld). Njonken har aktearwurk is se ek aktyf as neakenmodel.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Neffens har offisjele opjefte is Chastity Lynn 1.62 m lang, mei in gewicht fan 55 kg, en natuerlike kupmaat 34B. Hja is blank en hat blûn hier en blauwe eagen. Op har heup hat se in tatoeaazje fan in loatusblom. Piercings hat se yn har earlellen, nâle en tonge.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2011 AVN Award nominearre bêste lesbyske triosekssêne (mei Dana DeArmond en India Summer) House Hunters Part 1
2014 AVN Award nominearre bêste byrol fan in aktrise Clerks XXX: A Porn Parody
2015 AVN Award nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Ash Hollywood en Tommy Pistol) Squatter
nominearre skandalichster sekssêne (mei Ashley Fires en Madison Ivy) Pretty Sloppy 5

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: