Chewbacca (útspr.: [ʧuːˈbɑːkɑ], likernôch: "tsjûû-baa-ka", byneamd Chewie (útspr.: [ˈʧuːwi], likernôch: "tsjûû-y"), is in ferneamd fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, dat mids 1970-er jierren betocht waard troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in twahûndert jier âlde, bûtenierdske Wookiee fan 'e planeet Kashyyyk. Yn 'e franchise is er in smokkelder en de ko-piloat fan Han Solo yn it romteskip de Millennium Falcon. Mei syn freon Han jout Chewbacca him by it Rebelleferbûn tsjin it skrikbewâld fan it Galaktysk Keizerryk, "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort".

Chewbacca
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje Wookiee
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt smokkelder, rebel
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Han Solo
prinsesse Leia
Luke Skywalker
attributen Millennium Falcon
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1976

Chewbacca makke it alderearst syn opwachting yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Hy is lykwols it bekendst út 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983), wêryn't er spile waard troch akteur Peter Mayhew. Krapoan fjirtich jier letter dielde Mayhew deselde rol yn 'e film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015) mei Joonas Suotamo. Yn 'e oare dielen fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy en de spin-off-film Solo: A Star Wars Story (2018) naam Suotamo de rol hielendal oer.

Ynspiraasje bewurkje seksje

De kreaasje fan Chewbacca troch Star Wars-betinker George Lucas as in sêfsedige, hierrige ko-piloat dy't gjin minsklike talen sprekt, waard ynspirearre trochdat Lucas in "grutte bear fan in hûn" hie, dy't altyd rjochtop sittend op 'e passazjiersstoel fan syn auto meiried. De namme 'Chewbacca' soe sadwaande ûntliend wêze oan it Russyske wurd собака, sobaka, dat "hûn" betsjut.

Uterlik bewurkje seksje

Chewbacca is in Wookiee. De Wookiees binne in ras fan yntelliginte bûtenierdske wêzens dy't ôfkomstich binne fan 'e planeet Kashyyyk. Mei't har stimbannen dêr net de juste foarm foar hawwe, kinne se gjin minsklike talen sprekke. Wookiees binne tige behierre en drage gjin klean. Se binne ek tige lang fan stal en bjusterbaarlike sterk.

De oarspronklike fertolker fan 'e rol fan Chewbacca wie de Ingelske akteur Peter Mayhew, dy't 2.20 m lang wie. Hy wie ien fan 'e minder bekende spilers yn 'e Star Wars-films, mei't er altyd fan top ta tean bedutsen wie troch it Wookiee-pak, dat makke wie fan jakhier en mohair. Inkeld syn blauwe eagen wiene te sjen, mar op konvinsjes koene fans Mayhew nei't it skynt altyd maklik werom oan syn manear fan bewegen. Oare akteurs bewearden dat se it daliks troch hiene as der in stuntman yn it Wookiee-pak siet.

Fiktive biografy bewurkje seksje

Oarspronklike Star Wars-trilogy bewurkje seksje

Yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), de earste film fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy (1977-1983), wurdt Chewbacca yntrodusearre as in smokkelder, de bêste freon fan Han Solo en de ko-piloat fan Han syn romteskip, de Millennium Falcon. Yn 'e film nimme Han en Chewbacca de opdracht oan om 'e Jedi-master Obi-Wan Kenobi en syn jonge learling Luke Skywalker fan 'e planeet Tatooine nei Alderaan te bringen. Dêr oankommen, blykt Alderaan lykwols ferdylge te wêzen troch de Deadsstjer, in reuseftich Keizerlik romtestasjon en massaferneatigingswapen. Chewbacca bewurkmasteret mei Han, Luke en Obi-Wan de befrijing fan prinsesse Leia, dy't op 'e Deadsstjer fêstholden wurdt. Nei't se har ôflevere hawwe by it Rebelleferbûn, nimme Han en Chewbacca diel oan in oanfal op 'e Deadsstjer, wêrby't dy ferneatige wurdt.

Yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) ûntkomt Chewbacca mei Han, Leia en de androïde C-3PO fan 'e iisplaneet Hoth as Keizerlike stoarmtroepers de oanfal iepenje op in wichtige rebellebasis dêre. As de Millennium Falcon stikken rekket, binne se twongen en stek oan yn 'e Stêd yn 'e Wolkens op 'e planeet Bespin, dy't bestjoerd wurdt troch Han syn âlde freon Lando Calrissian. Dêr rinne se lykwols yn in mûklaach, mei't Lando ûnder ien tekken blykt te skûljen mei Darth Vader, de wichtichste hantlanger fan 'e boasaardige keizer Palpatine. Nei't Vader Han ynfrieze lit yn (de fiktive stof) karbonyt, beslút Lando om oer te rinnen nei de rebellen. Hy befrijt Chewbacca en Leia en naait mei harren út yn 'e reparearre Millennium Falcon.

Yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) ynfiltrearje Leia en Chewbacca it haadkertier fan 'e gangster Jabba de Hutt op Tatooine, as ûnderdiel fan in plan om 'e noch altyd yn karbonyt beferzen Han te befrijen. Dêrby wurde se lykwols sels finzen nommen. Nei in nije skynber mislearre rêdingsaksje, fan Luke, wurde Chewbacca, Han en Luke troch Jabba ta de deastraf feroardiele troch yn 'e sarlacc smiten te wurden, dêr't se libben fertard wurde sille. Mei de help fan Lando en de androïden R2-D2 en C-3PO witte se lykwols te ûntkommen ear't dat syn beslach krije kin. Letter is Chewbacca mei Han en Leia behelle yn 'e oanfal troch in kommando-ienheid fan 'e rebellen op in generatorfasiliteit op 'e boskmoanne Endor om it enerzjyskyld fan in nije Deadsstjer te sabotearjen. Se rinne yn in mûklaach en wurde finzen nommen, mar trochdat de Ewoks, de lânseigen bewenners fan 'e Boskmoanne, harren te help komme, kinne se ûntsnappe en harren misje dochs noch folbringe.

Star Wars-prequeltrilogy bewurkje seksje

Yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith is Chewbacca ien fan 'e Wookiees dy't yn 'e Kloane-oarloggen fjochtsje as de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels harren wrâld Kashyyyk binnenfalt. Hy helpt ek de Jedi-master Yoda om te ûntkommen oan 'e kloansoldaten dy't opdracht krigen hawwe om him te fermoardzjen. Chewbacca wurdt yn 'e film pas identifisearre as Yoda him op 't lêst farwol winsket.

Star Wars-ferfolchtrilogy bewurkje seksje

Yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019) is it tritich jier nei de ferneatiging fan 'e twadde Deadsstjer en de dea fan keizer Palpatine yn 'e Slach by Endor. Der is in nije boargeroarloch útbrutsen trochdat restanten fan it foargeande rezjym, dy't gearklofte binne ta de Earste Oarder, besykje om it Galaktysk Keizerryk op 'e nij op te rjochtsjen. Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015) spoare Chewbacca en Han Solo de stellen Millennium Falcon op, en moetsje se de rommelsykster Rey en de âld-stoarmtroeper Finn, dy't se yn kontakt bringe mei it Ferset tsjin 'e Earste Oarder. Chewbacca is letter mei Han en Finn belutsen by in rêdingsmisje as Rey troch de Earste Oarder finzen nommen wurdt. By dy misje komt Han om it libben. Neitiid ferwûnet in breinroere Chewbacca Han syn soan en moardner Kylo Ren en ferneatiget er de basis fan 'e Earste Oarder.

Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) siket Chewbacca mei Rey op 'e planeet Ahch-To de lêste Jedi Luke Skywalker op en besiket er dyselde, yn 't earstoan om 'e nocht, oer te heljen om Rey as Jedi te trainen. As Luke dêr úteinlik dochs mei ynstimt, wachtet Chewbacca by de Millennium Falcon, dêr't er gedoente kriget mei porgs, in lânseigen fûgelsoarte fan Ahch-To, dy't yn 'e film foar in komyske noat soargje moat. Letter giet Chewbacca mei Rey as se besykje wol om Kylo foar de ljochte kant fan de Krêft werom te winnen. As dat mislearret, helpt er by de evakuaasje fan fersetslju nei de nederlaach fan it Ferset tsjin 'e Earste Oarder yn 'e Slach om Crait.

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) jout Chewbacca him by Rey, Finn, Dameron Poe en C-3PO foar in geheime misje nei de planeet Pasaana. Chewbacca wurdt finzen nommen troch de Earste Oarder. Rey besiket him te rêden troch de Krêft te brûken, mar dat mislearret, en se mient dat se Chewbacca by fersin deade hat. Dat is lykwols net sa, en as se op Kijimi troch de Krêft syn oanwêzigens gewaarwurdt, geane Finn en Poe derop út om him te befrijen. Letter keart er mei dy beiden werom nei it haadkertier fan it Ferset, dêr't er it nijs fan it ferstjerren fan prinsesse Leia heart. Hy is dêr oerstjoer fan, en jout him by it Ferset om 'e Sith te ferdylgjen. Neitiid wurdt him troch Maz Kanata de âlde medalje fan Han Solo útrikt, foar syn jierrenlange tsjinst foar it Rebelleferbûn en it Ferset, en teffens as in oantinken oan syn fallen freonen.

Solo: A Star Wars Story bewurkje seksje

De spin-off-film Solo: A Star Wars Story (2018) spilet tsien jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn Star Wars: Episode IV – A New Hope. Chewbacca ferskynt yn dizze film as in 'bist' dat troch Keizerlike stoarmtroepers fongen is en finzen holden wurdt yn in put. Han Solo wurdt by him yn 'e put smiten om troch him opfretten te wurden, mar ynstee slute se freonskip as bliken docht dat Han Shyriiwook sprekt, de taal fan 'e Wookiees. Se ûntsnappe tegearre en jouwe har by in kriminele binde dy't ûnder lieding stiet fan Tobias Beckett. Mei dyselde, Han syn jeugdfreondinne Qi'ra en de gokker Lando Calrissian sette se útein mei in riskant plan om ûnraffinearre 'coaxium', in fossile brânstof, te stellen út 'e minen op 'e planeet Kessel. It docht bliken dat Beckett in ferrieder is dy't foar it Galaktysk Keizerryk wurket, en hy nimt Chewbacca finzen. Han befrijt him en weeft ôf mei Beckett. Neitiid sette Chewbacca en Han tegearre ôf foar nije aventoeren mei de Millennium Falcon.

Tillefyzje bewurkje seksje

Chewbacca (spile troch Peter Mayhew) hie ek in wichtige rol yn 'e Star Wars Holiday Special (1978), wêryn't Han Solo him helpt om op 'e tiid werom te kearen nei Kashyyyk, de thúswrâld fan 'e Wookiees, om in hjeldei te fieren dy't 'Libbensdei' hjit. Yn it ferhaal, dat fierders net folle om 'e hakken hat, komme ferskate famyljeleden fan Chewbacca foar: syn wiif Malla (Mallatobuck), syn jonge soan Lumpy (Lumpawarrump) en syn heit Itchy (Attichitcuk).

Yn 'e lêste ôflevering fan seizoen 3 fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars wurdt Chewbacca finzen nommen troch Trandoshaanske jagers, mar hy wurdt befrijd troch de Jedi-ridder Ahsoka Tano en stimt deryn ta om har en twa opslûpen bern te helpen om fan 'e planeet Trandoshan te ûntsnappen.

Star Wars Legends bewurkje seksje

Om 'e oarspronklike Star Wars-trilogy hinne groeide in hiele universum fan literatuer en fideospultsjes wêryn't de ferhalen fan 'e haadpersoanen fierder útwurke waarden nei de oerwinning yn 'e Slach om Endor oan 'e ein fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Nei't filmstudio Lucasfilm fan Star Wars-betinker George Lucas yn 2012 oernommen wie troch The Walt Disney Company, waard it meastepart fan dy oanfoljende ferhalen út 'e Star Wars-kanon retcond om't Disney foar de Star Wars-ferfolchtrilogy in hiele oare kant út woe mei de ferhaalline. Yn april 2014 waarden alle skraste ferhalen omneamd ta Star Wars Legends, "leginden", dy't dus net wier bard wiene.

Brian Daley publisearre yn 1979 en 1980 in trilogy wêryn't er de smokkelaventoeren fan Chewbacca en Han Solo foarôfgeande oan Star Wars: Episode IV – A New Hope beskreau, mei as titel The Han Solo Adventures.

Yn The Han Solo Trilogy (1997-1998) waard it eftergrûnferhaal fan Han mear yn detail beskreaun troch Ann C. Cripin. Dêryn is te lêzen hoe't er him omheech klaut fan bidler fia bûsehifker nei piloat. Hy jout him by de Keizerlike Striidkrêften, mar wurdt dêr wer út smiten as er wegeret in befel op te folgjen om in finzen nommen Wookiee dy't Chewbacca hjit, te strûpen foar syn pels om't er in skipslading Wookiee-bern stellen hat dy't as slaven ferhannele wurde soene. Neitiid swart Chewbacca in 'libbensskuld' oan Han, en mei syn beiden begjinne se in nij bestean as smokkelders.

Yn 'e roman Vector Prime (1999), fan R.A. Salvatore, dy't ta de romansearje The New Jedi Order (1999-2003) heart, komt Chewbacca om wylst er it libben rêdt fan Anakin, de jongste soan fan Han en Leia.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje bewurkje seksje

jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope Peter Mayhew
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith Peter Mayhew
2008 Star Wars: The Clone Wars n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens Peter Mayhew en Joonas Suotamo
2016 Rogue One: A Star Wars Story n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi Joonas Suotamo
2018 Solo: A Star Wars Story
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono