Christiaan Andriessen

Christiaan Andriessen (1775 - 1846) wie in Nederlânsk tekener en skilder.

Portret fan Christiaen Andriessen dy't in portret fan Izaäk Riewert Schmidt skilderet, Hendrik Willem Caspari, om 1780 - om 1829 hinne

Hy wie de soan fan Jurriaen Andriessen, in bekende behangskilder, tekener en dosint oan de Stads Teekenacademie. Christiaan Andriessen woe keunstskilder wurde en stjoerde in tal skilderijen nei eksposysjes, mar der is gjin ien bewarre bleaun. Wol is syn 'deiboek' mei goed 700 tekeningen bewarre bleaun. Dat deiboek bestie út tekeningen mei in stikje tekst dêrby. At er tocht dat de tekst pikant wie, skreau er yn geheimskrift.

Andriessen joech sels les oan bern fan begoedige âlders. Hy bleau frij feint.

De blêden fan syn deiboek waarden begjin 20e iuw feild. It grutste part fan de tekeningen kaam yn hannen fan it Stedsargyf Amsterdam en it Keninklik Aldheidkundich Genoatskip. Troch jf. dr. I.H. van Eeghen en har stipe koene yn 1983 noch 138 tekeningen fan him worden tafoege wurde oan de Amsterdamske kolleksy.

Keppeling om utens bewurkje seksje