Christiaan Eijkman

Christiaan Eijkman (Nijkerk, 11 augustus 1858Utert, 5 novimber 1930) wie in Nederlânsk dokter en patolooch. Hy ûntduts dat beriberi feroarsake wurdt troch in kombinaasje fan faktoaren, dêr't in skraal dieet it wichtichste fan is. Dat hat laat ta it ûntdekken fan fitamine B1. Yn 1907 waard er keazen as lid fan de Keninklike Nederlânske Akadeemje fan Wittenskippen, (KNAW). Hy krige de Nobelpriis foar de Fysiology of Genêskunde fan 1929 tegearre mei Sir Frederick Hopkins.

Christiaan Eijkman

Yn 1913 oanfurdige hy it amt fan heechlearaar oan de Universiteit fan Utert mei in rede oer syn motto "Simplex non veri sigillum" ('ienfâld is net it skaaimerk fan it wiere'), in tsjinstelling op it motto fan Boerhaave "Simplex sigillum veri".

Keppeling om utens bewurkje seksje