Christiaan Kramm (Utert, 18 april 1797 - dêre, 24 maaie 1875) wie in Nederlânsk arsjitekt, keunstskilder en keunstsamler.

Christiaan Kramm yn 1864

Karriêre bewurkje seksje

Christiaan Kramm gie 1810, doe't er 13 jier wie, om reden fan jildkrapte yn de lear by goud- en edelsmid N. van Voorst, dêr learde er ek tekenjen fan behangselskilder Hendrik van Barneveld. Yn syn frije tiid lei er him ta op it spyljen fan it Sineeske skimespul. Hy makke syn eigen dekors.

Fier jier nei't er by Van Voorst begûn wie waard oannaam as priveelearling fan keunstskilder en direkteur fan de ôfdieling tekenkunde fan de Stedstekenskoalle, Pieter Christoffel Wonder (1780-1852). Troch Wonder kaam er yn de kunde mei de direkteur fan de skouboarch Cornelis van Leeuwen. Foar dy skouboarch hat er oant 1840 in soad dekors makke.

Wilens hie Christiaan Kramm him ek talein op arsjitektuer. Hy wie de iennige Utertske arsjitek dy't opmjittingstekeningen meitsje woe fan de Dom fan Utert foar Carl Friedrich von Wiebeking syn Theoretisch-praktische bürgerliche Baukunde. Sadwaande krige er ek it tafersjoch op it fannijs opmeitsjen fan de Dom dat útfierd waard troch Tieleman Franciscus Suys tusken 1824 en 1830.

Yn 1826 waard er direkteur fan de boukundige ôfdieling fan de Stedstekenskoalle, dat er 40 jier bliuwe soe. 1829 ferfarre er foar in trijejierrige stúdzjereis nei Londen, dêr't er wenne by syn âlde learmaster P.C. Wonder. Yn Londen ûntduts er de neogotyk, dy't er as earste yn Nederlân ûnderrjochtsje soe. Kramm makke foar in ferskaat oan opdrachten ûntwerpen (al as net foar frege) en ûntfong in protte prizen. Kramm syn bekendste wurken binne in nije gevel yn neoklassissistyske styl foar it gerjochtsgebou oan de Hamburgerstrjitte (Utert) (om 1837, no restaurant en ûnderkommen foar It Utertsk Argyf) en it âldste part fan de eardere Lakenhal Gebroeders Geelen oan de Oudegracht (Utrecht) 167 (1850), de katolike Carolus Borromeustsjerke yn Soesterberg (1838), de ferbouwing fan it Willem Arntszhûs (1829) en de eardere St. Bavotsjerke (1839) yn Harmelen. Om 1830 hinne ferboude er ek it Paushuize oan de Kromme Nieuwegracht yn Utert en letter hat er de nije tagongspoarten yn IJsselstein ûntwurpen (1854).

Fan 1840 ôf luts er him tebek as aktyf arsjitekt en lei er him ta op it meitsjen fan skilderijen en printen. Hy waard in protte frege as portrettist op ivoar. Hy waard teffens samler fan printen en tekeningen mei histoaryske as topografyske ûnderwerpen. Ek hie er in mânske samling boeken oer boukeunst en oare keunsten dêr't er in soad úthelje koe foar syn boukundige ferhannelingen. Kramm wenne tsientallen jierren oant syn dea yn de bûtenpleats Rusthof, dy't er sels ûnwurpen hie, yn de Utertske Kapelstrjitte. Hy kaam te hôf op it Earste Algemiene Begraafplak Soestbergen yn Utert.

Bibliografy bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje