Cincinnati (hynder)

Cincinnati1860 – Ammen's Farm (Marylân), 1878) wie it meast ferneamde hynder fan 'e Amerikaanske generaal Ulysses S. Grant (dy't letter presidint wurde soe) ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch. Om't Grant Cincinnati beried nei it Gerjochtsgebou fan Appomattox, dêr't de Súdlike legerkommandant Robert E. Lee de kapitulaasje fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika tekene, wurdt Grant op frijwol alle monuminten en stânbylden dy't oan him wijd binne, ôfbylde op Cincinnati.

Cincinnati
Trije fan Grant syn hynders; de middelste is Cincinnati.
Trije fan Grant syn hynders; de middelste is Cincinnati.
bysûnderheden
soarte bist hynder (waarmbloed)
berne ±1860
berteplak Feriene Steaten
deagien 1878
stjerplak Ammen's Farm (Marylân)
Feriene Steaten
aktyf as striidhynder
reden
  bekendheid
ryddier fan generaal Grant by
   de kapitulaasje fan it Suden
It Tinkteken foar Ulysses S. Grant, yn Washington, D.C., wêrby't de generaal ôfbylde is op 'e rêch fan Cincinnati.

Libben bewurkje seksje

Cincinnati waard omtrint 1860 berne as de soan fan Lexington, it fluchste waarmbloed-racehynder oer in ôfstân fan fjouwer myl fan syn tiid (yn 7 minuten en 19,75 sekonden) en teffens ien fan 'e bêste dekhynsten fan syn tiid. Cincinnati wie de pakesizzer fan Boston, in oare grutte njoggentjinde-iuwske waarmbloedhynst, dy't Lexington oansette.

Grant wie in bleu, stil bern, dat al ier emosjonele bannen mei hynders oangie. Om mei hynders te wurkjen en te hynsteriden wie him in ûntwyk foar it omgean mei oare bern. Oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point blonk Grant út troch syn hynsterydkeunst. Under syn karriêre besiet er withoefolle hynders, wêrûnder ien dy't er ûnder de Vicksburg-kampanje fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch konfiskearre op 'e plantaazje fan 'e Konfederearre presidint Jefferson Davis, yn Mississippy, en dy't er dêrom Jeff Davis neamde.

Cincinnati wie in hynst dy't Grant ûnder de Boargeroarloch kado krige fan ien fan syn bewûnderders. It bist hie in skofthichte fan 1.73 sm, wie kreas en krêftich en waard al gau ien fan Grant syn leaflingshynders. Op 9 april 1865 ried Grant op Cincinnati nei it Gerjochtsgebou fan Appomattox ta, yn Firginia, dêr't er de kapitulaasje fan it leger fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika yn ûntfangst naam fan Robert E. Lee (dy't dêr sels op syn noch ferneamdere hynder Traveller hinne ried). Sadwaande binne frijwol alle ôfbyldings fan Grant, oft it no tekenings, byldhouwurken of brûnzene stânbylden binne, fan him op 'e rêch fan Cincinnati. Sa ek it Tinkteken foar Ulysses S. Grant, yn 'e National Mall yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., oan 'e foet fan Capitol Hill.

Cincinnati gie yn 1878 dea, mei likernôch achttjin jier, op 'e pleats fan admiraal Daniel Ammen yn Marylân.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.