Coevorden (Nedersaksysk: Coevern) is in lytse stêd yn it súdeasten fan de Nederlânske provinsje Drinte, mei 15.485 ynwenners (2021). De stêd is it haadplak fan de gemeente Coevorden. Dy gemeente ûntstie yn 1998 by de gemeentlike weryndieling troch it gearfoegjen fan de eardere gemeente Coevorden mei de gemeenten Dalen, Sleen, Oosterhesselen en Zweeloo. De stêd Coevorden is ien fan de trije Drintske stêden mei histoaryske stedsrjochten, njonken Assen en Meppel.

Coevorden
It Arsenaal
It Arsenaal
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Oerisel
gemeente Coevorden
Sifers
Ynwennertal 15.485
Oar
Stifting 1407
Ferkearsieren N34 403
spoar fan Swol nei Emmen
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 39' NB, 6° 44' EL
Sint-Willibrordustsjerke
Sint-Willibrordustsjerke
It Kastiel fan Covorden en it stedhûs
It Kastiel fan Covorden en it stedhûs
Offisjele webside
Het kasteel en het gemeentehuis - Coevorden - 20410111 - RCE.jpg
Kaart
Coevorden (Drinte)
Coevorden
Kaart
It Arsenaal
Kaart fan Coevorden (2014)
Dizze side giet oer de stêd Coevorden. Foar de gemeente dêr't de stêd it haadplak fan is, sjoch: Coevorden (gemeente).

Namme bewurkje seksje

De namme waard foar it earst neamd yn 1036 yn de namme fan Frederikus fan Coevorden. In oarkonde út 1148 neamt Coevoorde. De namme tsjut lykas bygelyks yn Oxford en Ochsenfurt op in plak dêr't boeren harren kij oer in trochgong (kofurde) troch in rivier gean litte. Ferlykje ek mei De Kûfurd en Kûfurderrige yn Fryslân.
De namme Bosporus betsjut itselde, mar hat in mytologyske oarsprong.

Skiednis bewurkje seksje

Op 26 novimber 944 joech keizer Otto de Grutte it jachtrjocht yn de Pagus Trhriente oan biskop Balderik fan Utert. Dêrmei kaam it gebiet ûnder it bestjoer fan it Bisdom Utert.

Coevorden lei strategysk op de rûte tusken Fryslân en Múnster, dat it plak ta in woltierige fêstingsstêd makke. Biskop Hartbert fan Bierum stelde syn broer oan as boarchgreve fan Coevorden. Dy titel waard erflik. Nei it ferstjerren fan de biskop, waard de bining tusken it bisdom Utert en de Stêd en Hearlikheid Coevorden hieltyd minder sterk en dat late ta ferskate strideraasjes, wêrûnder de Slach by Ane, dêr't biskop Otto fan Lippe sneuvele, en de Frysk-Drintske Kriich. De Drinten, ûnder lieding fan Rudolf II fan Coevorden, laten de earste oerwinnings, mar moasten yn de Slach by Peize belies jaan. Rudolf II fan Coevorden waard finzennaam, martele en fermoarde.

Coevorden krige op 31 desimber 1407 stedsrjochten en is dêrmei de âldste stêd fan Drinte.

Coevorden rekke yn it begjin fan de sechtjinde iuw ek belutsen yn strideraasjes tusken legers fan Karel V en Karel fan Gelre, dêr't de Geldersken yn 1536 belies jaan moasten en Drinte part fan de Boergondyske en letter de Spaanske Nederlannen waard.

Coevorden rekke belutsen yn de striid tusken de Spanjerts en it Steatske leger ûnder lieding fan prins Maurits fan Oranje. Nei in stikmannich belegerings, wist Maurits de stêd te bemasterjen. De stêd wie lykwols platbaarnd yn dy strideraasjes en moast dus fannijs wer opboud wurde. De hjoed-de-dei noch besteande âlde gebouwen, fêstingwurk, strjittestruktuer en stjerfoarmige stedsgrêft komt foar it grutste part út 'e ein fan de sechtjinde en begjin santjinde iuw en waard ûntwurpen troch Menno van Coehoorn.

Op 30 juny 1672 waard Coevorden troch biskop Bernard von Galen fan Múnster bemastere, mar waard op 30 desimber fan dat jier wer ferdreaun. Yn 1673 besocht er it fannijs. Hy besocht begjin oktober 1673 in keardaam yn de Fecht by Gramsbergen te bouwen, sa't Coevorden ûnder wetter rinne koe. Fanwegen in swiere stoarm bruts de daam en der ferdronken 1400 Múnsterske soldaten en Coevorden waard sa rêden.

De feanterij yn de achttjinde en njoggentjinde iuw brocht wurkgelegenheid yn Coevorden, dêr't de binnenhaven brûkt waard foar de turfskippen, dy't de turf nei Hollân ferfierden. Nei it turfstekken ôfnaam, rekke Coevorden hieltyd mear yn it neigean. It neiere Emmen naam de regionale funksje fan Coevorden stadichoan oer.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard Emmen de wichtichste stêd yn de omkriten en in soad bedriuwen en ynstellings ferhûzen fan Coevorden nei dy stêd. Yn de tachtiger en njoggentiger jierren fan de tweintichste iuw krige de ekonomy yn Coevorden in lytse oantrún mei it kommen fan bistefoerfabryk IAMS en it oanlizzen fan in NAFO-depot. Dat depot is no yn gebrûk fan it Nederlânske leger.

Mei it Europark, dêr't de bou mid njoggentiger jierren fan úteinset waard, en foar in part op Dútsk grûngebiet oanlein wurdt, wol Coevorden de yndustry en it bedriuwslibben yn de omkriten in nije oantrún jaan.

Yn 1998 waard yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Drinte it grûngebiet fan de gemeente útwreide mei de eardere gemeenten Dalen, Oosterhesselen, Sleen en Zweeloo.

Oare plakken bewurkje seksje

Aalden, Achterste Erm, Ballast, Benneveld, Bovensteenwijksmoer, Dalen, Dalerpeel, Dalerveen, De Bente, De Haar, De Kiel, De Mars, Den Hool, Diphoorn, Eldijk, Erm, Gees, Geesbrug, Grevenberg, 't Haantje, Holsloot, Hoogehaar, Kibbelveen, Klooster, Langerak, Meppen, Nieuwe Krim, Nieuwlande, Noord-Sleen, Oosterhesselen, Padhuis, Pikveld, Schimmelarij, Schoonoord, Sleen, Steenwijksmoer, Stieltjeskanaal, Valsteeg, Veenhuizen, Vlieghuis, Vossebelt, Wachtum, Weijerswold, Wezup, Wezuperbrug, Zweeloo en Zwinderen.

It besjen wurdich bewurkje seksje

  • Kastiel fan Coevorden
  • Ganzen Geesje
  • Nôtmûne De Arend
  • Bentheimerstraat 43, ryksmonumint yn Jugendstil
  • Museummûne Jan Pol (Dalen)
  • Oranjebank, in stiennen bank yn de eare fan Wilhelmina fan de Nederlannen, Juliana fan de Nederlannen en Bearn fan Lippe-Biesterfeld
  • Skâns De Katshaar, in militêre fersterking fan opsmiten grûn
  • Stedske Museum
  • Ellert en Brammertmuseum (Schoonoord)
  • Teäter Hofpoort
  • Van Heutszpark
  • Wettertoer

Tsjerken bewurkje seksje

  • Herfoarme tsjerke (Krústsjerke) fan om 1645 hinne
  • Sint-Willibrordustsjerke
  • Grifformearde tsjerke (Singeltsjerke)

Ferfier bewurkje seksje

 
Tramstasjon fan DSM yn 1906

Coevorden leit oan de spoarline Swol-Emmen. Der binne stasjons yn Coevorden en Dalen, dêr't flugge treinen it stasjon Coevorden oandogge. Dy spoarline waard yn 1905 iepene. Yn 1910 waard de spoarline tusken Coevorden en Laarwald iepene, dy't sûnt 1939 allinne troch frachtferfier brûkt wurdt troch de Bentheimer Eisenbahn AG. It stasjongebou fan Coevorden waard yn 1976 ferfongen troch in nijmoadrich gebou.

Yn 1897 krige Coevorden syn earste stoomtramferbining. Yn 1947 waard ferfier mei de stoomtram opheft.

Berne yn Coevorden bewurkje seksje

Galery bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

 
Plakken en buorskippen yn de gemeente Coevorden
 
Stêd: Coevorden
Doarpen: AaldenAchterste ErmBenneveldDalenDalerpeelDalerveenDe KielDiphoornEldijkErmGeesGeesbrug't HaantjeHolslootLangerakMeppenNieuwe KrimNieuwlande (foar in part) ● Noord-Sleen · OosterhesselenSchoonoordSleenSteenwijksmoerStieltjeskanaalVeenhuizenWachtumWezupWezuperbrugZweelooZwinderen