Conan the Barbarian (film út 2011)

film út 2011 fan Marcus Nispel

Conan the Barbarian is in Amerikaanske fantasyfilm út 2011 ûnder rezjy fan Marcus Nispel, mei yn 'e haadrollen Jason Momoa en Rachel Nichols. De titel ferwiist nei de ferneamde held Conan de Barbaar, út 'e koarte ferhalen fan 'e Amerikaanske auteur Robert E. Howard. De film foarmet, neffens de makkers, in "nije ynterpretaasje fan 'e Conan-mytology", en mei sadwaande gjin remake neamd wurde fan 'e film mei deselde namme út 1982, mei Arnold Schwarzenegger yn 'e titelrol. It ferhaal folget Conan by syn syktocht nei wraak op 'e moardner fan syn heit, Khalar Zym. Dyselde besiket in god en hearsker oer de hiele wrâld te wurden, mar hy hat raar wurk makke troch Conan libje te litten. Conan the Barbarian krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes en flopte yn 'e bioskopen.

Conan the Barbarian
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Marcus Nispel
produsint Fredrik Malmberg
Avi Lerner
Boaz Davidson
Joe Gatta
George Furla
John Baldecchi
Les Weldon
senario Thomas Dean Donnelly
Joshua Oppenheimer
Sean Hood
basearre op Conan de Barbaar
   fan Robert E. Howard
kamerarezjy Thomas Kloss
muzyk Tyler Bates
filmstudio Millennium Films
Paradox Entertainment
distribúsje Lionsgate Films
spilers
haadrollen Jason Momoa
Rachel Nichols
voice-over Morgan Freeman
byrollen Stephen Lang
Rose McGowan
Nonso Anozie
Saïd Taghmaoui
Ron Perlman
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 11 augustus 2011
foarm langspylfilm
sjenre fantasyfilm
taal Ingelsk
spyltiid 112 minuten
budget en resultaten
budget $90 miljoen
opbringst $48,8 miljoen

Plot bewurkje seksje

Conan wurdt berne op in slachfjild yn it Hyboaryske Tiidrek, dêr't syn mem him it libben skinkt krekt foar't se oan har yn 'e striid oprûne ferwûnings beswykt. Hy groeit op as de soan fan Corin, in haadman fan 'e barbaarske Simmeariërs. De jonge Conan is in gewant mar gewelddiedich kriger, en syn heit is fan betinken dat er net ree is om in eigen swurd te krijen salang't er gjin bettere selsbehearsking leard hat. Op in dei wurdt harren doarp oanfallen troch de troepen fan 'e ûnmeilydsume kriichshear Khalar Zym, dy't it him yn 'e holle helle hat en bring de fersille stikken fan it Masker fan Acheron wer byinoar. Hy is fan doel om mei de demoanyske macht dy't it masker him jaan sil, syn as hekse terjochtstelde frou Maliva wer ta libben te bringen en tegearre mei har hiel de Hyboaryske wrâld te oerhearskjen.

Ienris earder besocht in boasaardige tsjoender de wrâld troch de macht fan it masker te oerhearskjen, en hy ferovere alle beskaafde lannen. De barbaarske stammen ferienen har lykwols tsjin him en hellen him ûnder fuotten. Dêrnei waard it masker oan gruzeleminten slein en elts fan 'e barbaarske stammen naam ien stikje yn bewarring, sadat it nea wer hiel makke wurde koe. Khalar Zym hat lykwols alle oare barbaarske stammen al ûnderwurpen, en mist inkeld noch it part fan it masker dat de Simmeariërs yn bewarring hawwe. Nei't se it doarp útmoarde hawwe, krije Zym-en-dy Corin libben yn 'e hannen. Conan besiket syn heit te befrijen en hout ien fan Zym syn neiste ûnderhearrigen de noas ôf. Mar hy wurdt oermastere. Nei't Zym it missende diel fan it masker fûn hat, jout er him ôf en lit Corin en Conan op sadistyske wize fêstset efter, wêrby't Conan syn heit inkeld yn libben hâlde kin as er al syn krêft brûkt. Corin, lykwols nimt ôfskie fan syn soan en docht selsmoard. Neitiid swart de jonge Conan wraak tsjin 'e moardners fan syn heit en syn doarp, al wit er net wa't se binne.

Mear as tsien jier swalket Conan neitiid oer de wrâld, fjochtsjend, aventoeren belibjend, frijend, mar altyd op 'e siik nei de mannen dy't er siket. Hy slút freonskip mei de negroïde seerôver Artus, en as er de basis fan in groep slavehannelers ûntdekt, falt er dyselden oan om't er fan betinken is dat nimmen as slaaf hoege moatte soe te libjen. Hy en Artus en dy syn mannen befrije de slaven en sette mei in groep kreaze eardere seksslavinnen oan board koers nei de stêd Messantia.

Dêr sjocht Conan in man sûnder noas, dy't de kaptein fan 'e stedswacht is. De wachters sykje nei de dief Ela-Shan, en Conan beävensearret dat er sels mei Ela-Shan finzennommen wurdt. Ienris yn it haadkertier fan 'e stedswacht, brekt er frij, deadet alle wachters en befreget dan de man sûnder noas. Dat is in Lucius, dy't foarhinne de oanfierder fan 'e Aquiloanyske hierlingen fan Khalar Zym wie. Fan him komt Conan de identiteit fan syn fijân te witten en ek dat Khalar Zym no al jierren siket nei in froulike folbloed-ôfstammelinge fan 'e keningen fan Acheron fan âlds, om't er fan it bloed fan sa'nent ferlet hat om it Masker fan Acheron te aktivearjen. Hy hat der lucht fan krigen dat er yn it Kleaster fan Shaipur sa'n fanke fine kin. Conan, dy't Lucius ûnthjitten hie dat er him net deadzje soe, twingt him ynstee om 'e kaaien fan 'e boeiens fan 'e finzenen troch te slokken en fertelt dyselden dan dat de kaai nei harren frijheid yn it liif fan Lucius sit. Wylst de finzenen de kaptein útinoar skuorre, ûntkomme Conan en Ela-Shan. De dief fertelt Conan dat er him tankber is foar it rêden fan syn libben. As er ea ferlet hat fan syn tsjinsten, kin er him fine yn Argalon, de stêd fan 'e dieven.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Khalar Zym en syn dochter Marique, dy't krekt as har mem in hekse is, falle it Kleaster fan Shaipur oan, dêr't de wize abt Fassir krekt tefoaren oan syn jonge learlinge Tamara foarsein hat dat se it paad kruse sil fan in barbaarske kriger út it noarden. Yn 'e gaos fan 'e striid wit Tamara ûnder beskerming fan inkele mûntsen te ûntkommen, mar se wurde efterfolge troch Remo, ien fan 'e trewanten fan Khalar Zym. Yn it wâld hellet er harren by en deadet de mûntsen. As er lykwols Tamara finzen nimme wol, fynt er Conan op syn paad, dy't him bewusteleas slacht en sawol him as it fanke meinimt. Underwilens sykje Zym en Marique yn it kleaster omdôch nei de folbloed-ôfstammelinge fan Acheron. As Fassir wegeret te fertellen wat er wit, sil Marique oer him gear mei útsochte martelpraktiken, mar de slûchslimme abt manipulearret de opljeppende Khalar Zym sadat dy him ûnbedoeld in flugge dea skinkt.

Conan twingt Remo om út te lizzen hokfoar belang oft Khalar Zym by Tamara hat, en teffens om him nei it kamp fan Zym te lieden. Dêrnei sjit er him mei in âld trebusjet it kamp yn, sadat er tepletter falt. Marique fynt neitiid yn 'e mûle fan Remo in skreaun boadskip, wêryn't Conan oanbiedt Tamara oan Khalar Zym te ferkeapjen. Zym en Marique sykje Conan op yn 'e foarpost fan it Kleaster fan Shaipur, dy't op in hege rots oan 'e kust leit. As se dêr ienris oankommen binne, docht bliken dat Conan syn wiere bedoeling is om Zym te fermoardzjen. Marique ropt lykwols kriichslju op dy't makke binne fan sân, en fergiftiget Conan boppedat mei har boemerangwapen. Tamara rêdt him lykwols en tegearre springe se yn see om nei it skip fan Artus te swimmen, dat in eintsje út 'e kust leit. Oan board fan it skip helpt Artus Conan op te betterjen fan it gif.

Inkele dagen letter wurdt it skip by moarnsdage oanfallen troch ferskate boatladings fan Zym syn ûnderhearrigen, oanfierd troch de Kûsjityske haadman Ukafa en Cheren, in bline bôgesjitster, dy't ek allebeide by de dea fan Conan syn heit belutsen wiene. Mei help fan Tamara en Artus en dy syn mannen, ferslacht Conan de oanfallers. Sels bringt er Ukafa om, wylst Tamara Cheren deadet. Neitiid freget Conan Artus om mei Tamara werom te silen nei Messantia. Sels is er fan doel om Zym te folgjen nei dy syn machtsbasis yn Khor Kalba, om foar iens en foar altyd mei de man ôf te weven. Hy lit lykwols in plattegrûn efter en Tamara folget him nei in grot, dêr't se tegearre de nacht trochbringe. As Tamara de oare deis, ear't Conan wekker wurden is, weromkeart nei it skip fan Artus, wurdt se finzennommen troch Marique.

As Conan foar it ferstân kriget wat der bart is, reizget er nei Argalon, dêr't er Ela-Shan opsiket. Dy hat de reputaasje dat der gjin slot is dat er net loskrije kin, en dat mei er no bewize troch Conan te helpen en brek yn by it paleis fan Khalar Zym. Se geane it gebou troch it rioel yn en komme yn 'e tsjerkers út, dêr't se oan in kraken ûntkomme nei't Conan de oppassers fan it meunster ferslein hat. Underwilens risselwearret Khalar Zym en brûk it bloed fan Tamara om it Masker fan Acheron te aktivearjen. Boppedat wol er har lichem brûke om beset te wurden troch de geast fan syn frou Maliva, dy't er út 'e dea oproppe wol. As Conan en Ela-Shan yn 'e hegere nivo's fan it paleis trochkringe, wurdt dúdlik dat Zym en syn entoeraazje Tamara mei nommen hawwe nei Grot fan 'e Skedels. Ela-Shan hat syn oandiel folbrocht en nimt ôfskie fan Conan.

Conan deadet in wachter, stelt syn mantel en ynfiltrearret de entoeraazje fan Khalar Zym. Dyselde brûkt it bloed fan Tamara om it Masker fan Acheron macht te jaan ear't er it opset. Mar foar't er de geast fan Maliva oproppe kin, slacht Conan alle wachters dea en befrijt er Tamara. Hja naait út wylst hy Zym befjochtet. Marique komt Tamara tenei, mar Conan hout har de hân ôf, wêrnei't Tamara har yn 'e kleau djip yn 'e grot wâdet, dêr't se delkomt op in skerpe pjuk en speetst wurdt. Op 't lêst komme Conan en Tamara fêst te sitten op in smelle fuotbrêge oer de kleau, dêr't Zym harren oanfalt. Underwilens ropt er de geast fan Maliva op om it lichem fan Tamara te besetten. Mar Conan lokket him tichteby en kappet dan de brêge midstwa, dat Zym yn 'e kleau falt, dêr't fier yn 'e djipte de reade skyn fan in lavastream opljochtet.

Neitiid witte Conan en Tamara mar krekt op 'e tiid te ûntsnappen foar't de hiele grot ynstoart. Hy bringt har werom nei it Kleaster fan Shaipur en nimt ôfskie, sizzende dat se inoar wer moetsje sille. Sels keart er werom nei syn âlde doarp, dêr't er de geast fan syn heit ferteld dat er wrutsen is.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Jason Momoa.
 
Rachel Nichols.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Conan de Barbaar Jason Momoa
Tamara Rachel Nichols


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Khalar Zym Stephen Lang
Marique Rose McGowan
Artus de seerôver Nonso Anozie
Ela-Shan de dief Saïd Taghmaoui
Corin, in haadman fan 'e Simmeariërs Ron Perlman
ferteller Morgan Freeman
Remo Milton Welsh
Fassir, abt fan Shaipur Raad Rawi
Conan as jonge Leo Howard
Ukafa, haadman fan 'e Kûsjiten Bob Sappe
Lucius, lieder fan 'e Aquiloanyske hierlingen Steven O'Donnell
Cheren, liedster fan 'e bline bôgesjitsters Diana Lubenova
Maliva Gisella Marengo
Marique as famke Ivana Staneva
Xaltotun Anton Trendafilov
minske-offer Aysun Aptulova
akolyt Daniel Rashev
Fialla Laila Rouass
Lara Alina Puşcău

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Filmstudio Warner Bros. hie ferskate jierren de filmrjochten op Conan the Barbarian hân, mar der neat mei dien. Yn 2007 krigen Nu Image en Millennium Films de rjochten yn 'e hannen, foarsjoen fan in klausule dy't frege om in direkte ferfilming. Yn 'e preproduksjefaze wiene ferskate regisseurs mei it projekt ferbûn (ûnder wa Brett Ratner) oant úteinlik keazen waard foar Marcus Nispel. Dyselde wurke op basis fan in senario dat skreaun wie troch Thomas Dean Donnelly, Joshua Oppenheimer en Sean Hood.

Conan the Barbarian waard troch de makkers foarsteld as in "nije ynterpretaasje" fan 'e koarte ferhalen oer de ferneamde held Conan de Barbaar dy't yn 'e 1930-er jierren skreaun waarden troch de Amerikaanske auteur Robert E. Howard. Der soe sadwaande gjin direkte bân wêze mei de film Conan the Barbarian út 1982, mei Arnold Schwarzenegger yn 'e titelrol. Nettsjinsteande dat waard de film rûnom beskôge as in remake.

As produsinten wiene Fredrik Malmberg, Avi Lerner, Boaz Davidson, Joe Gatta, George Furla, John Baldecchi en Les Weldon by de film belutsen foar Millennium Films en Paradox Entertainment. Der wie foar it projekt in budget beskikber fan $90 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Thomas Kloss, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Tyler Bates. De opnamen setten op 15 maart 2010 útein yn Bulgarije en duorren oant en mei 5 juny fan dat jier.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Conan the Barbarian waard fersoarge troch Lionsgate Films. De premiêre fan 'e film fûn op 11 augustus 2011 plak yn Los Angeles. Dêrnei iepene Conan the Barbarian op 17 augustus yn 'e bioskopen yn Belgje, de Filipinen, Frankryk en Iislân foar't er op 19 augustus yn 'e Feriene Steaten yn 'e bioskoop kaam. De film waard op 22 novimber 2011 útbrocht op dvd en blu-ray

Untfangst bewurkje seksje

Conan the Barbarian krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes. It tydskrift Variety skreau lykwols: "Yn alle earlikens moat fêststeld wurde dat Nispel de klassike woartels fan syn ferhaal omearmet en sa dizze nije Conan ferm binnen de tradysje fan [sokke fantasyfilms] pleatst." Yn 'e krante de Los Angeles Times bychte Betsy Sharkey op: "it is mei in beskaat gefoel fan skuld dat ik sizze moat dat it my eins in geweldige kick joech om dizze film te sjen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Conan the Barbarian in leech goedkarringspersintaazje fan 24%, basearre op 137 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't it ûnophâldlike bluodderige geweld trou is oan 'e boeken fan Robert E. Howard, fersaket [dizze film] trijediminsjonale personaazjes, dialooch en aktearjen yn it foardiel fan ûnnedige 3D-effekten." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Conan the Barbarian in goedkarringspersintaazje fan 36%, basearre op 29 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Conan the Barbarian brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $21,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $27,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $48,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $90 miljoen betsjut dat in ferlies fan $41,2 miljoen, dêr't boppedat ek de marketingkosten noch by komme. Conan the Barbarian wie dêrmei ien fan 'e grutste flops fan it filmjier 2011. De film waard wol nominearre foar de Saturn Award yn 'e kategory bêste fisazjy.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

films basearre op 'e wurken fan Robert E. Howard
Conan the Barbarian (1982) • Conan the Destroyer (1984) • Red Sonja (1985) • Kull the Conqueror (1997) • Solomon Kane (2009) • Conan the Barbarian (2011)